Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
90 datasets found
Dutch Keywords: man dochter
Beppe fortelde: Myn susterke wie as bern al us in kear bitsjoend. Doe gong heit nei Hinse Jehannes de Boer ta. 't Wie jountiid. Hy joech drank mei. Heit sei tsjin him: "Ik leau net dat jo dêr hwat oan dwaen kinne." Mar dat hied er net sizze matten. Hinse Jehannes sei: "Jo matte goed oppasse, dat jo mei de drank thúskomme. Der kinne ûnderweis miskien...
nl.verhalenbank.23645
Vroeger spotten ze in Meerkerk met bulten. Dan zongen ze een spotversie, iets in de trant van: Hij heeft een zware last te dragen Was ie maar naar de smid gegaan, Dan had ie 'm d'r af geslagen. 't Is mezelf overkomen, ik stond met een vrouw te praten, een zwarte vrouw. Er kwam een bult aan. Die vrouw sloeg op d'r been en riep: ,,0, wat zal 't gaan...
nl.verhalenbank.50872
In nachtmerje is in frommeske, ien fan sawn dochters, as se op elkoar folgje. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs, Der wie in boer, dy hie in hynder, dat woarde faek troch de nachtmerje biriden. Dêr hie 't dier gâns hinder fan. Doe struide de boer it hynder ris in kear moal op 'e rêch. Doe koe de nachtmerje der net wer ôf komme. De oare moarns siet se...
nl.verhalenbank.23532
Mijn vader was niet gelovig, hij moest niets hebben van de kerk. Mijn jongste zusje kwam te overlijden. Vader zat bij het bedstee te waken. Toen was opeens het hele bedstee helder verlicht. Dit was een mirakel, want in de kamer was het verder schemerig. Daar brandde alleen maar een klein lampje. Door dat geval is mijn vader bekeerd.
nl.verhalenbank.23081
Der wenne in man yn 'e Westerein, dy seach altyd bigraffenissen foarút. It wie Romke de Hoop. As er dan op bêd lei, moest hy der út. Hy waerd der gewoan ta dreaun. Dan kóe er net lizzen bliuwe. Letter kaem dan de echte bigraffenis, dy't hy al sjoen hie. Hy hat ek de bigraffenis fan de dochter fan Hanne Boukje sjoen. Alle bysonderheden koe hy der fan...
nl.verhalenbank.38501
Kij Plantinga fan Hiltsjemuoiwâlden is myn skoanheit. Dy syn skoansuster, Hiltsjemuoi, wennet oan 'e greate strjitwei by de Koaten. Hiltsjemuoi wyt mear as in oar. Yn 1936 krigen wy in famke, dat woarde dea geboaren. Wy kamen faek by Hiltsjemuoi, dat ik gong dêr hinne om it to sizzen. Sa't ik der by har stie - ik hie noch neat sein - doe sei se: "'t Is...
nl.verhalenbank.34461
Ik wie noch yn 'e hûs en 'k lei op bêd. Doe hearde ik de nachtmerje oankommen. Hy kom troch 't kaeisgat. Ik hearde him dúdlik stappen. Doe sprong er op bêd en hy gong oer myn fuotten hinne. Op 't lêst doe hied er my al. Hy hat faek by my west. Sy sizze wol dat de nachtmerje ien fan sawn dochters is. Der wurdt wol sein dat men de klompen forkeard foar de...
nl.verhalenbank.25752
Oan 'e Mûzegroppewei hat in heit (Batema) syn dochter fan sechstjin jier al us formoarde. De bloedplakken wienen net fan 'e muorre to krijen. As se der bihang oerhinne plakten, kom it bloed dêr wer troch.
nl.verhalenbank.21332
Op 'e Mûzegroppewei by 't Wytfean hat Sytse Bates syn dochter de hals útsnien. It bloed woe noait wer út 'e flier wei. Setten se der in nije planke yn, dan kom it bloed dêr ek wer yn.
nl.verhalenbank.26105
Hearke syn dochter Rixt wie èk sa sterk. Dy wenne èk yn 'e Ham. Op in kear kom se mei har feint by de brêge op 'e Tille. Dêr hienen fjouwer mannen op 'e brêge stien en dy hienen sein: "Dy fint mat werom." Doe hie Rixt sein: "Wachtsje dû hjir mar even. Ik sil wol even mei dy mantsjes rêdde." Doe't se der oan ta wie, hie se dy mannen ien foar ien by 't...
nl.verhalenbank.27586
Yn Sumar wenne in âld bolrinster, dy hie har komst altyd by minsken, dy hienen in lyts famke. De bolkoerrinster hie aerdichheit oan 't famke, tominsten sa bearde se en sy woe it lyts bern elke kear op 'e skoat ha. Dan hie se altyd har hân by 't boarst yn en dan tsjoende se mei dy hân ûnder 'e klean om. As se dat dien hie, dan stuts se it bern de finger yn...
nl.verhalenbank.21337
It wie yn Grinzer Pein. Ik en myn earste man kommen op in jountiid út it tsjerkje. Wy kommen fan 'e sangforieniging. 't Wie tsjuster. Ynienen stienen wy yn 't folle ljocht. Wy gongen nei heit en dy ta. Dêr fortelde ik hwat wy sjoen hienen. "Hwat soe soks nou bitsjutte?" frege ik. Doe sei heit: "Moarn sil ik jimme fortelle hwat jim sjoen ha." De oare...
nl.verhalenbank.23132
Bontsje Keeke (= Knjillis Veenstra) wie mei de helm geboaren. Dy seach de bigraffenissen foarút. Hy gong dan yn 'e nacht nei 't tsjerkhôf ta, dêr woarde er hinne dreaun. Hy hat fan to foaren de bigraffenis fan syn eigen dochter sjoen, dy't fordronken is.
nl.verhalenbank.24072
Oan 'e Skieppedrifte stie in âld hûs. Dêr wenne Japik Visser yn mei syn dochter. Dêr spoeke it. It gebeurde op in kear mei middernacht dat de âld man mei syn dochter by ús op 'e Ikkers oankloppe. Se rekken by ús yn 'e hûs. Hja wienen dwars troch de rogge en alles hinne gong, hwant it spoeke dêr bot dêr't sy wennen. De duvel siet har egael op 'e hielen....
nl.verhalenbank.37243
Us mem wenne yn Stiensgea achter de bosk. Op in kear soe se nei 't dânsjen ta to Readskuorre. 't Wie joun. Op 'e weromreis, doe't se to Sumeer wie, woarde se in man gewaer, dy't dêr omroan. Doe seach se, dat dy man dwars troch de muorre fan in hûs hinne roan en dat er sa wei woarde. Men kin bigripe dat se tige kjel woarde. Doe't se thúskom lei pake al op...
nl.verhalenbank.21353
Rixt, de dochter fan Sterke Hearke wie ek ôfgryslike sterk. Hja hie forkearing mei in feint, mar dat rekke út. Dy feint bidroech har. Letter trof se him ris wer yn in herberch, doe wie der dounsjen. Doe dounsen se togearre. Doe sei Rixt tsjin him: "'k Bin sa mâl mei dy." En doe knypte se him tagelyk de earm stikken.
nl.verhalenbank.38010
Janne en har dochter Luts wennen yn Houtigehage oan 'e Skoallewyk. Ritske Postma seach dat Janne en Luts op in nacht oan 't boartsjen wienen op 'e planke dy't oer de wyk lei. Sy rekken de planke net, mar sweefden. 't Wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.25928
Sytse Bates dy is gemien, dy hat syn dochter de hals útsnien. Mar doe wied er sels sa binaud, doe hat er himsels de hals útklaud. (âld rymke) By de moard oan 'e Mûzegroppewei (Sytse Bates) ha se it bloed noait út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.24175
Yn desimber silstu stierre Mynhear Koelstra, de evangelist fan Twizelerheide hat my al ris in ferhaal ferteld, dat hat him ôfspile dy kant nei Lúnbert ta. Dêr wie ris in frou, dy sei tsjin har famke: 'Dû moatst even nei de winkel — dát ophelje!' It fanke wie ûnderweis nei de winkel en doe kaam har ien temjitte, dy sei: 'Yn desimber silstû stjerre'. It...
nl.verhalenbank.11468
Oan 'e Mûzegroppewei hat Sytse Bates syn dochter en himsels fan kant makke. Hoe bot as se dy muorren ek skrobben en bjinden, it bloed wie der noait wer wei to krijen.
nl.verhalenbank.23784
35