Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
19 datasets found
Dutch Keywords: man aardappel
Myn âldomke Atse dy wie ek tige sterk. Dy naem samar in kynsens koer fol jirappels (dêr koe sahwat 35 poun yn) tusken tûme en finger en sa droech er dy koer út it âld skuorke wei troch 't bûthús hinne yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.33445
Myn pake, greate Kobus (= K. v.d. Heide, mem har heit) wie tige sterk. Sy skoaiden froeger in protte. Dat die pake ek. Op in kear hied er mei oaren to skoaijen west nei Aldegea. De giften bistienen faek út ierpels (= aardappelen) of twa sinten ofsa. Al mei al hie pake dy kear in mudde ierpels opskoaid. Dy ierpels hied er yn in sek op 'e nekke lizzen. In...
nl.verhalenbank.33335
Omke Atse hat wenne oan 'e Swâdde yn Twizelerheide. It is al wer lang lyn dat er leefde. Op in kear doe hienen in stik of hwat feinten fan Twizelerheide hwat útheefd. De plysjes sieten har achternei. By dy feinten wie ek in sikere Eatse, dat wie de heit fan Kij Plantinga. It wie in fint as in reus en izersterk. Greate Eatse waerd er neamd. Doe't de...
nl.verhalenbank.33446
Op in kear kom heit yn 'e hûs. Hy wie sa bleek as in doek en alhiel fan 'e wize. Hy sei: "Nou krije wy in rare tiid. Der stiet in ierappel oan 'e loft mei in foarke der yn!" Hy seach deabinaud. Fuort dêrnei krigen wy de oarloch fan '40 op '45.
nl.verhalenbank.28374
Jan Gutman fan Surhústerfean mat ek ôfgryslike sterk west ha. It gebeurde dat der in busfol ierappels weisakke yn 'e bou, ergens op 'e klaei. Doe sette Jan de rêch der ûnder en tilde de auto sa op - doe koenen se wer fierderride.
nl.verhalenbank.28172
Der wie in man yn 'e Houtigehage oan 't jirpeldollen. Dêr wie tagelyk in fanke oan 't jirpelsykjen. De man sei: "Wy dogge joun net sa lang, hwant ik mat ek noch nei Surhústerfean ta." "O hea," sei se, "matte jo ek by 't tsjerkhôf lâns?" "Ja," sei er, "hwat soe dat?" "By 't tsjerkhôf," sei se, "stiet altyd in frou mei in koer mei koeke yn 'e earm. Dy...
nl.verhalenbank.21168
Heit en âlde Rinse de Wind wienen froeger in soad by elkoar. It wie ris yn 'e winter en Tsjerk Beima hie dat jier ierappels forboud. Mar Tsjerk kom to forstjerren. Hy wenne oan 'e betonwei, dat wie doe in sânpaed, flak by de rotanfabryk. De ierappels sieten dêr yn 'e bult. Heit en Rinse setten dêr op ta op in nacht om fan dy ierappels to stellen. De âld...
nl.verhalenbank.29326
Sine Elifeld arbeide yn Sigerswâld. Sterke Ynse kom by him lâns. Hy hie in sekfol ierappels ûnder 'e earm. Sa bleau er wol in lyts healûre by Sine stean to praten sûnder dy sek mei ierappels del to setten. Hy praette mar troch en wie doe al in man op jierren. Sine wie oan 't wâlkroadzjen.
nl.verhalenbank.23391
Wy hienen in man tsjin ús oer wenjen. Dat wie in de Meer. Dy hie jirpels forboud, dy stienen och sa min. Ik sei tsjin him: "Hwat stean jimme jirpels min." "Ja," sei er, "dy binne bitsjoend." Dat miende dy man echt.
nl.verhalenbank.25869
Op it Wytfean, by de Mulders, forbouden se faek ierappels. Dêr woarden faek guon fan stellen. Doe gong de boer nei Sterke Hearke ta, hwant dy wie ek plysje. Hy praette mei Hearke ôf, dy soe nachts op 'e dieven passe. Hearke gong der dy nachts hinne. Doe seach er ien fan 'e Harkema, dy hie in sek op 'e rêch. Hy laedde de sek fol ierappels en naeide dêr mei...
nl.verhalenbank.33561
Okke v.d. Berg - in hurdrider - wenne op 'e Veenhoop. Syn wiif hong krekt de ierpels oer. "Och heden," sei se, "nou ha 'k gjin sâlt yn 'e hûs, nou matte wy de ierpels flau ite." Sy wennen yn in skip. Okke sei: "Ik sil wol gau even sâlt helje." Hy boun syn redens ûnder en ried oer iis nei Ljouwert om sâlt. Doe't er wer thús kom, wienen de ierpels noch net...
nl.verhalenbank.24036
Guon út 'e Harkema gongen der ris op in nacht op út om iepels to stellen. Sy sieten yn 'e krapte. Sy gongen nei 't lân ta om hwat iepels út to dollen. Sy wienen mei har fjouweren. Ien fan dy fjouwer man krige samar ynienen ien njonken him. Hy seach oerside. Doe blykte dat in hiele grouwe, swarte houn to wêzen. Mei hiele greate, gleone egen seach er de man...
nl.verhalenbank.33200
Arend Knobbe wenne hjir ek yn 'e Sumarreheide. Dy hat ris in kear in kuorfol jerappels fan Beets nei de Sumarreheide ta sjoud.
nl.verhalenbank.33259
In arbeider fan Roan fortelde ris: It gebeurde yn 'e tiid dat se de jirpels net foar konsumpsje brûke mochten. Sy moesten trochstutsen wurde, dan koenen se net duorje en allinne mar as féfoer brûkt wurde. Dêr reizge spesiael in keardel by de boeren lâns, dy pripke de jirpels troch mei in ynstremint. Dy wie dêr foar oansteld. Der wie in frou yn Roan, dy...
nl.verhalenbank.28452
Atse-om wenne yn Twizelerheide. Sterker keardel hat der noait west. Hy krige moarns in timpe roggebrea mei bargeriezel, dy wie trije tûmen dik. Elke dei sea er in kynsens koer - dat wie fyftich poun - jirappels foar de bargen. Dy jirappels helle er fan 'e bult. Dan krige er dy koer fol jirappels mei tûme en finger beet en sa droech er dy nei de fjûrpot ta.
nl.verhalenbank.34468
Tusken it hûs fan Tsjalling Bijma en dat fan myn neef op 'e Tike lei in stik jierappel-lân. Midden op dat stik lân stie in dikke houn to spûkgûlen. Hy seach yn 't noardwesten op. Dêr wennen Sibe Wiersma en syn frou Marij. 't Wie by dei dat dy houn spûkgûlde. Doe't ik it hearde tocht ik: "Hjir giet ien dea." Ik makke 't net bikend. Fuort letter stoar Sibe...
nl.verhalenbank.24096
Der leefden ris in man en in frou. Dat wienen Pibe en Tetsje. Hja hienen ek noch in houn, dat wie Wachter. Dy minsken wienen nergens bang foar, foar gjin duvel. Doe't Pibe forlet fan jild hie, kom de duvel by him. "Dû kinst wol jild fan my krije," sei de duvel, "dan kinst dyn fjild wer bibouwe, mar wy prate dit ôf. Alles hwat boppe de groun waechset is...
nl.verhalenbank.25548
Hearke Zandstra fortelde: Pake wie in bêste keardel. Der wie in tige earme man west, dy hie twa sekfollen jirappels by de boer út 'e bult helle. Hearke wie doe stille plysje. Hy stie achter in dyk en seach it. Doe't dy man it earste sekfol oer de dyk sjouwe soe, sei Hearke tsjin him: "Kinst se der oer krije?" De man woarde bot kjel, mar Hearke sei tsjin...
nl.verhalenbank.20585
Op in kear doe hienen se gjin sâlt yn 'e hûs. En 't wie tiid, de ierappels moesten oer. Jan sei tsjin syn suster: "Gean dû mar net nei de winkel ta. Ik mat doch nei Ljouwert ta, dan nim ik wol sâlt mei." It minske hong de ierappels oer, wylst boun Jan de redens ûnder. Doe't er werom kom fan Ljouwert mei sâlt, wienen de ierappels noch net iens gear.
nl.verhalenbank.26095
35