Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
37 datasets found
Dutch Keywords: lijkstoeten helm
Oan 'e Noarderdwarsfeart wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der út as der in lykstaesje to sjen wie by nacht. Die er it net dan lei er to triljen. Hy roan soms hiele einen de mieden yn. Hy woarde dreaun.
nl.verhalenbank.36923
Alde Jochums Antsje wenne dêr't nou de widdou Popma wennet. Dy wie mei de helm geboaren en moest der nachts ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.24513
Dy't mei de helm geboaren is, dy mat der nachts faek út. Dan mat er lykstaesjes sjen. Der wenne sa'n man ûnder Kollumersweach, dy ha 'k wol kend. Dat wie Knjillis Veenstra. Dy seach geregeld lykstaesjes yn 'e nacht. Hy moest der soms hiele einen foar rinne, hiel Kollumersweach troch. Woed er lizzen bliuwe, dat joech him neat, hy woarde út bêd licht. Hy...
nl.verhalenbank.22969
Myn skoansuster Katrine wie mei de helm geboaren. Dy moest wit hoe faek nachts út bêd om in lykstaesje to sjen. Dan koe it minske net lizzen bliuwe. Dan hie se it krap. It kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.30389
Hjir op 'e heide wennen wol minsken dy't fan tofoaren al wisten dat der gau ien nei 't hôf ta brocht wurde soe. Se seagen dan fan tofoaren de lykstaesje. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.31482
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen. Heit fortelde...
nl.verhalenbank.31284
Doe't wy letter yn 'e Houtigehage wennen kom âlde Janke sa nou en dan wol ris út 'e Harkema by ús. Sa hâldden wy omgong mei inoar. As se dan by ús útfanhûze moest se der nachts wolris ôf. Dan moest se hwat sjen, hwant sy wie mei de helm geboaren. Op in kear, doe seach se by ús op it hiem in lykstaesje. Wy wienen doe noch bern. Mar de èchte lykstaesje hat...
nl.verhalenbank.32820
Sytse Rapkes wie mei de helm geboaren. Hy wenne achter yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. Deis siet er altyd yn 'e stoel doe't it in âld man wie, mar nachts moest hy der op út, hwant hy wie mei de helm geboaren. Dan switte hy der soms oer, sa seach hy der tsjin oan. Mar hy moest hwat sjen. Dat wienen dan altyd lykstaesjes dy't er to sjen krige.
nl.verhalenbank.20375
Woarde der in bern geboaren mei in helm, dan woarde dy yn 'e measte gefallen fuort opbrând. Mar de dokters knoffelen sa'n helm ek wol us achterút, hwant sy koenen him djûr forkeapje. Dy't mei de helm geboaren binne, matte alles sjen. Sy geane nachts fan bêd ôf en der út. Dan treffe se lykstaesjes, dy't ûnderweis binne.
nl.verhalenbank.25350
Guon dy't geregeld lykstaesjes sjogge fantofoaren binne, nei't se sizze, mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.29487
Yn Jistrum wenne in man, dy moest altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Heit hat dat wol faek forteld, mar ik wit de namme fan dy man net mear. Wit hoe faek gebeurde it yn 'e nacht, dat hy der út moest om sa'n bigraffenis to sjen. Hy moest der soms hiele einen om rinne. Soms koed er krekt sizze hwa't it wie, dy't yn 'e kiste lei. Dat seach er dan oan 'e...
nl.verhalenbank.31180
Yn 'e Westerein wenne in man, Bontsje Keke. Se seinen, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach nachts lykstaesjes. Dy mòest er sjen, dan koe er net op bêd lizzen bliuwe. In pear dagen letter wie dan meastal de èchte bigraffenis. Mar hy hie dan alles al fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.31989
Der wenne hjir in sikere Spinder, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts faek ôf om nei lykstaesjes to sjen. Hy seach ek oare dingen. Hjir wienen twa mannen dy krigen hevige rúzje om in reed. Doe moesten se foar 't kantongerjocht komme. Mar de iene liichde mear as de oare. Doe hat men Spinder der by roppen, omt dy heldersjende wie. Dy fortelde...
nl.verhalenbank.31792
Beppe Gjetsje waerd as kreamheinster oeral hinne roppen. Op in kear gebeurde it dat ien in lytsen krige, dy wie mei de helm geboaren. Dat wie in flues dat it bern foar 't gesicht siet. Doe hat beppe dat flues der nei achteren ta ôflutsen, net nei foaren, dêr paste se wol foar op. Oars hie 't bern letter altyd lykstaesjes yn 'e nacht sjen matten. Doe't de...
nl.verhalenbank.30116
Egbert de Jong fan 'e Himrik wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts út. Dan gong er foar 't glês stean en dan seach er lykstaesjes.
nl.verhalenbank.25090
Alde Meine Boetes fan Stiensgea wie mei de helm geboaren. Hy seach faek lykstaesjes fan minsken dy't letter pas stoaren. Ik wyt noch dat er op in moarn bitiid wer ris in lykstaesje seach op 'e wei. Dat hat er doe forteld. In dei of hwat letter koe elkenien dyselde stoet sjen.
nl.verhalenbank.32710
Op Feanwâldsterwâl wenne Úlke v.d. Meer. Dy neamden se Úlke Bok omdat er altyd bokken en geiten hie. Ik ha him wol kend. Hy wie bot oan 'e drank. Hy sûpte sa, sei er, omdat er mei de helm geboaren wie. Hy wie altyd fuort op 'e fyts. Hy mocht graech by sé wêze. Dan seach er de dingen net. Oars seach er altyd lykstaesjes. Hy wist altyd fan to foaren as der...
nl.verhalenbank.31018
Dy't mei de helm geboaren wurdt is ien fan in ûneven tal jonges. Deselden dy't lykstaesjes sjen matte, dat binne wjerwolven. Myn broer Hindrik is mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.25302
Wie ien mei de helm geboaren, dan moest dy helm opbrând wurde. Dienen se dat net, dan moest sa'n ien letter altyd út bêd wei en der op út om lykstaesjes to sjen
nl.verhalenbank.22041
Guon wurde mei de helm geboaren. Dy sjogge de lykstaesjes foarút. Ik haw sa'n ien noait kend. "Sy matte it bislist sjen", sizze se. Us mem sei altyd: "Rin by nacht noait midden op in paed."
nl.verhalenbank.35930
35