Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: lijkstoet Place of Narration: Eastermar
Alde Frytsen wenne yn Eastemar yn 'e foarige ieu. Dat minske gong nachts soms út bêd, dan seach se lykstaesjes.
nl.verhalenbank.37608
Hjir wienen yn Eastemar ris twa man op in joune let noch op in paed. De iene sei tsjin 'e oare: "Dû mast fan 'e wei gean, der komt in lykstaesje oan." Dyselde wie mei de helm geboaren. Willem Mulder syn beppe, âlde Frytsen, wie ek mei de helm geboaren, dy moest alles sjen.
nl.verhalenbank.34638
Myn frou har omke Gjert v.d. Heide wie op in moandei-to-moarn ier fan 'e faem thús kom. Hy wie alhiel fan 'e wize. Hy sei, der wie him in lykstaesje foarby gong. Doe wied er sa binaud woarn, dat hy hie sa hurd roan, de soallen hienen ûnder 'e skuon wei west. 't Wie op 'e Trije Roede gebeurd (Boelensloane).
nl.verhalenbank.22266
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin men oan kant set wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.36168
Hja seach de bigraffenissen foarút. Nachts moest se der faek ôf. Sa hat se ek us op in nacht foar de herberch fan Rienk de Poel stien. Doe passearde der har in lykstaesje. In wike letter wie de èchte lykstaesje dêr.
nl.verhalenbank.19954
Alde frou Reitsma fortelde ek noch, op in kear wie se op 'e fyts nei har dochter ta, dy't yn Rinsumageast wennet. Doe't se dêr oankaem hie se sein: "Nou ha 'k ûnderweis in lykstaesje sjoen. Ik woarde fan 'e wei ôfdrukt." Hja fortelde oan har skoandochter Roas: in eintsje fan har ôf wenne in jonge, dy wie hiel bot siik. De minsken seinen, hy koe net wer...
nl.verhalenbank.28387
It gebeurde yn 'e foarige ieu to Eastemar, dat Popke bakker yn 'e neinacht in minske by de bakkerije lâns gean seach. Hy tochte, dy koe wol us net folle goeds yn 't sin ha. It koe wol us om syn takkebosken to dwaen wêze. Dat hy slûpte har stil achternei. It minske gong de kant nei de Koemarke út en bleau stean op 'e earste trime fan 'e hekke. "Hwat mat...
nl.verhalenbank.20081
Der wie in minske, dat seach alle nachten in lykstaesje. 't Wie ien fan sa'n sawntjin jier dy't yn 'e kiste lei. Sy woe der net langer wenjen bliuwe en sy forhuzen nei in oar plak. Doe kommen der oare minsken yn it hûs. Dy lju hienen in jonge fan sawntsjin. Dy jonge rekke siik en in healjier letter stoar hy. Dat hie de foarige biwenster sjoen.
nl.verhalenbank.20069
Hindrik Stoarm wie nachtwacht to Eastemar. Hy moest rinne mei Sybren Fûst ( = S. Hoekstra). Hindrik sei tsjin him, hy wie mei de helm geboaren. "As ik aenst guon sjoch, dan doch ik de pet ôf. Dat moatstû ek dwaen. En ik gean in eintsje oan kant. Dan mastû ek hwat rûmte jaen, hwant it is in lykstaesje, dy't der dan oankomt, en dy kin oars oer dy hinne gean...
nl.verhalenbank.20889
35