Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: lijkstoet geboren Place of Narration: Drachten
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane koe nachts alle lykstaesjes sjen. As der ien wie moest hy der nachts út. Hy wie mei de helm geboaren. As er mei ien oproan, sei er wol gauris: "Gean even oan kant." Dan seagen dy minsken neat, mar hy wòl.
nl.verhalenbank.26115
Ynse Boomsma fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Hy seach lykstaesjes fan tofoaren.
nl.verhalenbank.23481
Marten Skeet wenne yn Aldegea, yn 't lêste hûs. Syn frou hiet Doekel, dy koe mear as in oar, seinen se. Dy seach allerhande dingen dy't in oar net seach. Hja wie mei de helm geboaren en moest dan de lykstaesjes fan tofoaren sjen. Op in kear wie der in keardel yn Aldegea tige siik. Dat wie Jan Sjirks. Hy hie longontsteking en it like o sa slim. Der stie op...
nl.verhalenbank.33626
As hounen spûkgûle, dan komt der in lykstaesje lâns. In houn kin foarútsjen. Sa'n dier sjocht dan de lykstaesje al. Yn Houtigehage spûkgûlde in houn mei de kop nei in hûs ta, dêr't in frou yn forwachting wie. Der woarde in skoftsje letter in dea popke geboaren. Dat kom dêr doe lâns mei de dragers.
nl.verhalenbank.33774
Op 'e Suderdwarsfeart hjir to Drachten hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alle bigraffenissen út 'e omkriten sjen. Dêr moest er wit hoe faek om fan bêd ôf.
nl.verhalenbank.33772
35