Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: lijkstaatsie Place of Narration: Drachten
Jan de Wylde wenne yn 'e Rottefalle. Dy wie mei de helm geboaren. Dy seach lykstaesjes fan tofoaren. Se seinen altyd: noait midden op 'e wei rinne by joun. Jy kinne oars ris troch in lykstaesje oan kant reage wurde.
Ik haw wol gauris heard dat der ien oan kant reage waerd troch in lykstaesje dy't se net seagen.
In omke fan 'e frou wenne yn 'e Wylgen. Op in joune let kom er fan Drachten werom. Hy soe nei de Wylgen ta en wie sahwat by Teade Hoekje. Doe kom dêr in lykstaesje oan. De lykwein koed er allinne mar sjen. Mar hy woarde troch de lykstaesje oan kant set en yn 'e sleat reage.
To Hurdegaryp is in homeije, dy kinne se net ticht hâlde. Se ha dy hekke wol mei dikke kettings fêst makke, it joech neat. De oare moarns wie er wer iepen. Hy stiet noch altyd iepen. Dit komt, dêr mat in lykstaesje lâns. Der stie froeger in kastiel by: Bennemastate. In lykstaesje mei net stopje. Dêr mat alles foar út 'e wei. Dêrtroch giet dy homeije iepen.
Rapke Tuinstra en syn swager Bearn Reitsma wennen yn 'e Wylgen. Sy soenen der togearre op út to mollefangen. It doel fan 'e reis wie Swolle. Sy wienen sahwat by Gjert Oosterwoud yn 'e Wylgen, doe sei Rapke: "Bearn, dû twingst my yn 'e sleat." "Welné," sei Bearn, "ik bin in hiel ein achter dy, ik bin lang net oan dy ta." Klets, dêr lei Rapke yn 'e sleat....
0