Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
24 datasets found
Dutch Keywords: lijkstaatsie voorgezicht
Op in kear kom der in feint by de faem wei. Hy hie de hiele nacht by har opsitten en 't wie in eintsje yn 'e moarn op. 't Wie mendei. Hy soe fuort. Se stienen togearre bûten, doe sei er: "Ik mat fuort noch net hjir wei. Ik sil dy aenst wol sizze hwerom." Hy bleau in skoftsje stean to sjen. Doe sei er: "Nou is 't foarby. Nou matte jimme der ris om tinke,...
nl.verhalenbank.17090
Heit sei altyd: Jimme matte noait midden op 'e wei rinne, mar altyd oan 'e kant lâns, hwant der kin us in lykstaesje op 'e wei wêze en dan wurde jim oan kant reard.
nl.verhalenbank.17091
Dy't it net sjocht hoeft net oan kant ta goan.
nl.verhalenbank.21655
Martens Ale to Aldegea wie mei de helm geboaren. Dy seach bigraffenissen fantofoaren ensa. Op in kear seach se in lykstaesje oer't lân kommen, doe't dat allegear noch wetter wie. In skoftsje letter stoar in dochter fan Hindrik de Vries. Dy minsken wennen yn 'e polder en moesten oer 't wetter, oars koenen se net op 'e wei komme. It lyk moest mei de bok...
nl.verhalenbank.17045
Yn 'e foarige ieu wenne Sytse Koster yn 'e Hamsterheide. Hy wie arbeider by Wilco Buning yn Eastemar. Hy wie us oan 'e Boskwei oan 't wurk. Doe seach er in lykstaesje. It wie ljochtskyndei. De kiste stie op 'e wein en der lei in wyt kleed oer de kiste hinne. It wie dus in kreamfrou. De lykstaesje roan him foarby. Koart dêrnei forstoar der in kreamfrou to...
nl.verhalenbank.15732
It gebeurde ek us dat Knjillis mei heit en noch in pear oaren oan 't sûkerij-dollen wiene yn Kollumersweach. Mar dat is al forskeidene jierren lyn. Doe hâldden se even tabak. Doe't dat sahwat dien wie en de oaren wer bigongen to dollen, bleau Knjillis stean en seach mar strak nei de hurde wei. Even letter bigong er ek to dollen. Doe wie der ien by 't...
nl.verhalenbank.17094
Op in nacht roan ik mei ien de Swadde del. Dyselde wie mei de helm geboaren. Gean even oan kant, sei er ynienen. En doe luts er my oan. Hy seach in lykstaesje foarbygean, mar ik seach neat.
nl.verhalenbank.17018
Zo hail veul ken k nait verteln. Ik wait wel n beetje over veurgezicht, dat gain biegeleuf is, en wider is mie wel t ain en ander verteld woor ik de schollers over ophoal. Ik heb zulf n zeun had dei veur zain kon. Hai zee moar zo: "Kiek, door komp n schip aan, ik zai hom over t land voarn." Liekstoaties kon hai ook zain, moar hai proade dr nooit over,...
nl.verhalenbank.43139
Op in joun kaem ik mei ús heit by ús beppe wei. Doe sei heit: "Toe jonge, gean dêr út dy spoaren wei. ('t Wienen doe noch sânpaden) Wy bliuwe even stean." Hy sei net: "Ik sjoch in lykstaesje," mar dy hat er dêrom wol sjoen.
nl.verhalenbank.17340
To Sweagerbosk wenne in man dy moest der nachts hiel faek út. Op in kear moest hy der ek wer út. Doe wie de twadde man fan Thomas Klare forstoarn, dy hiet fan Fedde. Fedde en Klare wennen doe yn Sweagerbosk. Tusken eigen hûs en sterfhûs seach de man de lykstaesje fan Fedde. Guon binne him achternei gong. Doe seagen se dat alle hekken foar him iepengongen....
nl.verhalenbank.16499
Gjert van der Wyk wie mei hwat jongfolk op 'e wei. Doe seach er in lykstaesje. Hy koe alles ûnderskiede, alle persoanen, hwat se om en oan hienen en al sa mear. Letter kom der op dat selde plak yn werklikheit in lykstaesje. It wie allegear krektengelyk. Gjert seach it. Mar hy sei, der is ien hynder en wein to min. Mar even letter kom Buma der noch oan mei...
nl.verhalenbank.16880
In stik of hwat mannen kommen fan Ljouwert. Alle Putter (= Jager) wie der ek by. 't Wie by nacht. Tichte by Burgumerheide sei Alle: "Mannen, oan kant, oars stroffelje wy. Der komt in lykstaesje oan." Doe't de lykstaesje foarby wie, sei er: Kom nou mar wer midden op 'e wei. Hy wie de iennige fan 'e mannen dy't it seach. In wike letter wie dêr in èchte...
nl.verhalenbank.16498
To Kollumersweach wenne in arbeider, dy moest alles sjen. Nachts gong er wit hoe faek út it bêd en der op út. Dan roan er as in hazze en hy switte as in oandrager. Hy roan gewoan troch de hekken hinne. Dy gongen fansels foar him iepen. Yn in sucht wied er op it plak dêr't er wêze moest, krekt as fleach er. Dan seach er de lykstaesje. Hy wist altyd hwa't...
nl.verhalenbank.16507
Ien 1911 was ’t ’n bar dreuge zommer. Toe ister ien de Kommerdiek braand uutgebroke en verschillende huus zien afgebraand. Ok ’t huus van mien schoonouders. Minse, die opte stenove werkte, hadde de huus al ’n por dage van tevörre zien braande. Ze zegge, da sommige minse al van tevörre kunne zegge wanneer iemand doodgeet. Ze zien dan al inkele dage vöraf...
nl.verhalenbank.50165
Der roan in man yn 'e nacht op Feansterheide. Ynienen sjocht er ien oankommen. "Joun", sei de earste, mar de oare sei neat werom. De earste sei noch us fan "joun", mar wer krige er gjin antwurd. Doe seach er in lykstaesje oankommen. Dy man hie dêr de foarboade fan west.
nl.verhalenbank.16508
Doe't ik noch faem wie, fortelde in bolkoerrinster fan Garyp by ús, dat der wie in frommes yn Garyp forstoarn en har broer hie fan to foaren de hiele bigraffenis sjoen. Hy waerd oan 'e kant set doe't de lykstaesje foarby gong.
nl.verhalenbank.17106
Teake Postma wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen. Nachts gong hy der ôf en dan seach er lykstaesjes. Hy hat de hiele bigraffenis sjoen fan Lefferts Willemke yn 'e Bosk (yn 'e Harkema). Fan to foaren hat er de hiele bigraffenis útskildere. Der roan in wyt hynder foar de boerewein. Hy fortelde hwa't de foargong hie, hoefolle man der achteroan...
nl.verhalenbank.15895
Anne Bekkema dy moast der nachts altyd ôf as der in lykstaesje lâns kom. Hy sei: "Ik ha der in hekel oan, mar ik kin der neat oan dwaen. Ik mòat it sjen."
nl.verhalenbank.17339
Ik bin us mei in frommes oproan yn 'e Harkema. Doe seach dat frommes in lykstaesje, mar ik seach neat. Sy skuorde my rimpen fan 'e wei. Oars, sei se, wie 'k oan kant smiten woarn. Koarte tiid dêrnei is har man stoarn.
nl.verhalenbank.20218
Fan Akkrom nei de Jouwer moest men by Aldskou mei in pont oerset wurde. Op in kear kom dêr in âld frou by in boer om molke. "Ik hie in rare moeting", sei se. "Der kom in lykkoets dwars troch 't lân hinne." En hja wiisde it plak oan. "Dat bistiet net", sei de boer. "Dat kin ommers net, dat rint dêr dea. Dat giet dêr op it wetter yn." Mar hja hâldde fol dat...
nl.verhalenbank.20144
35