Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: lijk Place of Narration: Harkema
Tsjoensters komme slop yn 'e kiste. Dat wie mei Alle Tet ek it gefal. Jy koenen har suver wol yn inoar triuwe.
nl.verhalenbank.22033
As in tsjoenster stjert, wurdt se net stiif, mar bliuwt slop. Alle Tet wie as in flarde sa slop, doe't se in lyk wie. Mem hat har mei ôflein. Ik koe har wol oprolje, sei mem, de âlde duvel, sa slop wie se. En har troanje wie hielendal blau.
nl.verhalenbank.16084
Doe't Tet stoar wie se blau en slop. 't Wie in echte tsjoenster. Hja hie in dochter Joukje, dy hie har forstân net goed. Wy ha Joukje in kear bot op 'e hûd jown doe't wy fan 't wjudsterlân werom kommen. Omdat Tet ús bern bitsjoend hie. Mar doe kom Tet der oanfleanen. Sy wie razend en rôp: "'k Sil nei de plysje ta!"
nl.verhalenbank.23431
Alde Fogel wie ek in tsjoenster. Frearke Fogel woarde se neamd. Doe't se dea wie en biklaeid woarde wie se hielendal slop. Hja forkocht baelders. Wy trillen der oer as wy nei har ta moesten. Mem warskôge ús en sei: "Tink der om, nim noait in suertsje of sa fan har oan!"
nl.verhalenbank.23943
Ik hie in jonkje, in lytse Gerrit, dy wie troch Alle Tet bitsjoend. It bern wie doe fiif jier âld. Wy wennen yn dy tiid op 'e Bulten, by Tet yn 'e buert. Elke dei kom se by ús. Dan nom se it bern út it bedtsje en dan sei se: "Hwat bistû in leaf jonkje." Sy sloech net in dei oer of sy kom. Dan roan se der samar yn. Sa dryst wie se, en dan it bern mar op 'e...
nl.verhalenbank.23429
5