Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: licht Place of Narration: Houtigehage
Wylde lantearnen woarden hjir froeger oeral sjoen. De lju wienen der deabinaud foar, hwant it wie spûkerije.
nl.verhalenbank.21695
Der wenne in féarts yn Beets, dy woarde by in boer helle. Dy boer hie in sike koe. Doe krige dy féarts syn bûslantearne en ljochte dy koe ta de hals yn. Doe sei er tsjin 'e boer: "Nou matte jo fan achteren sjen." Dat die de boer. "Sjogge jo ek hwat?" frege de féarts. "Né, neat", sei de boer. "Nou dan is de koe forstoppe."
nl.verhalenbank.28410
Foardat de tram hjir lâns ried ha de lju fan tofoaren iderkear wol ljochtsjes riden sjoen. 't Wie foartiermerij. 't Wienen wylde lantearnen dy't almar forweegden.
nl.verhalenbank.25871
Doe't der noch gjin tram ried oer de Folgerster loane ha forskeidene lju hjir fan tofoaren dêr allegearre ljochtsjes sjoen. Dat wienen de ljochtsjes fan 'e tram by joun, doe't dy der letter wie.
nl.verhalenbank.28036
Wy wennen yn Oerterp. Ik wie doe noch yn 'e hûs. Us mem wie om boadskippen nei in winkel oan 'e Middenwyk. Wy - ik en myn suster - soenen ús mem ophelje. Wy mienden dat ús mem der oankom, hwant mem hie in lantearne mei nom. Mar wylst se der oankom - sa't wy mienden - gong 't ljocht ynienen skean oer. Wy tochten, hwer bliuwt mem nou. Mar dat hat in wylde...
nl.verhalenbank.22043
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek. It wienen swevende, swermende ljochten, de foarboaden fan fytsljochten ensa.
nl.verhalenbank.24234
De wylde lantearnen dy't wy froeger boppe Boelensloane seagen wienen de foarboaden fan 'e lettere fleanmasines, sa fortelden se hjir.
nl.verhalenbank.37701
Wy ha yn Drachtster Kompenije wenne. Dêr woarde in hûs boud, dêr binne wy sels yn kom to wenjen. Ik haw fan to foaren de ljochtsjes fan 't hûs sjoen. 't Wie yn 't bigjin fan ús trouwen.
nl.verhalenbank.22045
Wibe- en Jehannes van der Meer kommen togearre fan 'e Rottefalle. Sy moesten dit út. Sy kommen de bysûndere skoalle foarby. Sy wienen op 'e fyts. 't Wie tsjuster. Sy hienen de lampen op. Sy kommen by in streekje bosk lâns, dêr't in feart foar lâns roan. Doe kom der hwat út 'e sleat. Dat die de lantearnen út. Dy lantearnen koenen se net wer op krije. Sy...
nl.verhalenbank.21688
Myn muoike en omke (mem har broer) hienen faek lêst fan 'e nachtmerje. Sy hearden de nachtmerje by de doar wol oankommen. Omke hat wol mei opset oer de flier lein ynpleats fan yn in bêdsté, mei 't ljocht op, mar 't joech neat. De nachtmerje kom like goed. Clare-muoi hat wol mei de nachtmerje oan 't fechtsjen west. De nachtmerje hie hiele lytse hantsjes...
nl.verhalenbank.25170
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek. Dat wienen de ljochtsjes fan de lettere huzen, dy't der kom binne.
nl.verhalenbank.25601
35