Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
35 datasets found
Dutch Keywords: licht Place of Narration: Harkema
Lytse Wytske sei yndertiid, der soe in skoalle op 'e Bulten komme. Hja hie fjouwer lampen brânnen sjoen, dat wie fierstofolle foar in hûs. Mar doe setten se letter op dat plak in hûs del foar fjouwer gesinnen, de saneamde 'malmoune'. Dat hat it west. Sy ha 't hûs letter ôfbrând, doe wie 't alhiel útwenne. (De jonges seinen doe al: der komt in skoalle op...
nl.verhalenbank.24328
Op 'e Singel - dat wie froeger in modderpaed - seagen se nêst jierren wylde lantearnen. Letter binne der op dy plakken huzen boud. Dy wylde lantearnen wienen de ljochten fan dy huzen.
nl.verhalenbank.28513
Warmolds wie in jonge man. Syn heit wie herfoarme dominé yn Surhuzum. Hja hearden dêr fan 'e rare tastânnen yn 'e Harkema, dat dêr alhielendal net in tsjerke wie en it folk neat fan God ôfwiste. De jonge Warmolts sei: Dêr mat foroaring yn komme. Doe gong er nei de Harkema ta om to sjen hwer't de tsjerke stean moest. Doe kom er op in keal oarde. Dêr wie 't...
nl.verhalenbank.34514
De frou fan myn broer Albert seach froeger by joun allegear ljochten oan 'e Nije Wei, omheech yn 'e loft. 't Liken krekt allegearre lampkes. Letter kamen dêr de lantearnen to stean.
nl.verhalenbank.19531
Wylde lantearnen, dat wienen ljochten, dy seach men fan fierrens, mar as men der by kaem, dan wienen se fuort. 't Wie foartjirmerije. Letter kom der op sa'n plak in echte lantearne of in hûs. Ik ha 't sels wol meimakke.
nl.verhalenbank.29356
Wylde lantearnen woarden hjir yn 'e Harkema faek sjoen. Dat wienen de foarboaden fan 'e lettere fytsen en auto's, wurdt der gauris sein.
nl.verhalenbank.34515
Romkje fan Japik Nauta, dy't hjir oer wenne hat, kom op in joune thús. Sy hie to jounpraten west. Doe seach se in hiel dikke fjûrbal by harres thús oer it dak hinne gean. Mar der gebeurde fierder neat. Fiif jier letter is de tonger der ynslein.
nl.verhalenbank.15898
Wy seagen froeger wol gauris wylde lantearnen. Dy ljochten tsjutten op 'e lettere auto- en fytsljochten.
nl.verhalenbank.25768
Twa susters yn 'e Harkema wennen by elkoar. Sy wienen beide al âld. Sy hienen 't der faek oer hawn, dat sy woenen nochris har bilidenis dwaen, mar 't wie der noait fan kom. Doe gebeurde it dat ien fan 'e beiden op bêd lei. Doe kom der in straeltsje ljocht oan midden yn 'e nacht. Dat wie foar har in teken dat se har bikeare moesten. Koarte tiid dêrnei...
nl.verhalenbank.19343
Ek sei se in kear: "Ik ha allegearre ljochtsjes sjoen, dy't biweegden. Der komt hjir foroaring." Doe kom dêr letter in hurde wei, dêr't de auto's lâns snuorren.
nl.verhalenbank.22289
Heit syn omke seach us hwat yn in beam. Dat doochde net neffens him. Hy bleau stean en wie bang. Doe sei er: "As jo in ingel des lichts binne kom dan ta my, mar binne jo fan 'e kweade, gean dan fuort." Doe wie't ynien fuortrûze.
nl.verhalenbank.19342
Ik ha de lampe fan ús hûs fan tofoaren brânnen sjoen, doe wie 't hjir oars net as heide. It wie in hinglampe.
nl.verhalenbank.16067
Frijmetselders hawwe altyd jild. Dat krije se gratis. Mar dan matte se alle jierren ek hwat bouwe, òf oan 't eigen hûs òf oan dat fan in oar. As se dat nèt dogge, dan wurde se frijmetseler ôf. Sy bouwe eins altyd oan har eigen hûs om. Guon ha 't jild yn in tabaksdoaze. Dêr bitelje se mei. As se 't hjoed útjown ha, sit itselde bidrach der de oare moarns...
nl.verhalenbank.25730
Greate Mindert wie in ôfgrysliken fretter. Mar Fokke Faber net minder. Dy beiden ha togearre sûnder ligen in kookpot fol bargejirpels opiten. Ien kear hat Fokke Faber pûr allinne in heal skiep opfretten. Mar doe krige er 't sa krap, dat hy treau beide hannen troch it tek en sei - hwant hy praette net fris - : "Fokke ma lucht ha." Dat wurdt nou noch wol út...
nl.verhalenbank.15618
Hearke wie breed, ljocht fan hier, hie blauwe egen en in kinneburd.
nl.verhalenbank.20853
Der wie us in man yn 'e Hamsterheide by moai ljochtmoannewaer oan 't murdejeijen. 't Wie tige let yn 'e nacht. Hy seach, dat der noch ljocht brânde yn in hûs. Heden, tocht er, dêr binne grif jounpraters. Hy kom tichterby. Doe seach er dêr foar de glêzen in pear froulju stean. Dy steane dêr to harkjen, tocht er. Dy sil ik aenst it leksum us oplêze. Mar...
nl.verhalenbank.15786
Lytse Eldert, Grutte Eldert en de swarte ruter Op in plak midden yn 'e heide hûsmannen twa keardels. De iene wie Iyts en de oare grut. Dêrom waarden se Lytse Eldert en Grutte Eldert neamd. Op in kear spande de Grutte allegear triedden oer de heide, wite triedden. Doe frege Lytse Eldert: 'Wat moatte dy triedden dêr dwaan?' 'Dêr fange wy minsken mei', sei...
nl.verhalenbank.12984
It wie ± 1886 dat de dûmny mei in âlderling op hûsbisyk wie yn 'e Smoarhoeke. It wie bikend, dat der yn 'e Smoarhoeke hwat wie, dat net doochde. Dear roan hwat. By nacht doarst dear noait ien to reizgjen. De dûmny en de âlderling kommen it tsjin. Dûmny sei: "Hwa binne jo?" "Ik ben de vorst der duisternis", sei dyselde. Doe sei dûmny: "Mat de forst der...
nl.verhalenbank.15620
Doe't ús mem in famke wie, hearde se bern sjongen en sy seach ek ljochtsjes. Sy rôp beppe der by en sei: "Mat mem hjir us sjen, sa'n moai ljocht is dêr." Sy hearde dúdlik it getrappel fan berneklompkes en dat der sein woarde: "Jullie moeten stil zitten." Yn werklikheit wie der doe neat. Mar letter hat âlde Warmolts op dat plak in lyts tsjerkje bouwe...
nl.verhalenbank.21222
Froeger seagen wy hjir faek wylde lantearnen. Dat wie allegearre foartsjirmerij. Hwant letter kommen dêr de strjitlantearnen.
nl.verhalenbank.19554
35