Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: leven Place of Narration: Kollumerzwaag
Myn skoanheit hat forkearing hawn mei in faem yn Kûkherne. Dat wie in tsjoenster. Hja hie har âlden forlern en wenne allinne op in boerespul. Myn skoanheit en hja sieten dy jouns in skoftsje yn 't bûthús - dat wie doe sa de gewoante - en hja praetten hwat en sa, en sa waerd it stadichoan letter. Doe't it in eintsje yn 'e nacht op wie, tocht skoanheit:...
nl.verhalenbank.25181
Yn Driezum wie ris in man overleden, dy hie in read plakje op 't wang. Doe sei syn frou: "Sa lang dat reade plakje dêr sit wol ik him net bigraven ha." Njoggen wiken lang hat dat sahwat duorre, sa lang siet dat reade plakje dêr. Doe is dy man wer bykaem. En doe hat er noch in pear jier leefd.
nl.verhalenbank.37368
Tichte by Warffum stie in greate boereplaets, in bouplaets mei greate skuorren. Yn dy skuorren slepten de minsken dy't simmerdeis by him arbeiden. Dat wienen ek minsken út 'e Westerein en út oare plakken lyk as Harkema ensa. In hiel protte hienen har nammen dêr yn 'e sketten kerfd mei in mes. Miskien binne dy dêr nòch wol. De boer fan dy plaets hiet fan...
nl.verhalenbank.32213
Dy't mei de helm geboaren woarde, moest letter alles sjen, as dy helm der forkeard ôflutsen woarde. De dokters wienen tige hyt op de helms. Dy waerden djûr forkocht.
nl.verhalenbank.29541
In healjier fan tofoaren sei 'k tsjin ús bern: "Heit leeft net lang mear." Der skeelde him doe neat, mar ik hie al sjoen dat er overleden wie. It kaem presys sa út.
nl.verhalenbank.30110
Op in kear sei 'k tsjin myn man: "Us buorman leeft net lang mear." Ik hie sjoen dat er dea wie. Doe wie er net iens siik. In pear wiken letter wie er wei.
nl.verhalenbank.30109
Der wie in frou, dy roan de Wedze lâns. Sy seach oan 'e kant in wêzen lizzen, dat hie egen as thékopkes en sa gleon as koallen fjûr. It wie by ljochtskyndei.
nl.verhalenbank.15749
35