6 datasets found
Dutch Keywords: last Place of Narration: Drachten
Froeger hienen de minsken liemen flierren. Om 'e nachtmerje net by har to krijen setten se de klompen achterstofoar tsjin 't bedsté oan.
nl.verhalenbank.19325
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen. Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei. Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
Fan sawn soannen yn in húshâlding, dy't achter elkoar oan geboaren wurde, sûnder in dochter der tusken, is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Der wurdt biweard dat men de skuon mei de hakken nei 't bêd keare mat, dan komme se net by jin. Ik ha ek wolris heard dat ien fan sawn dochters in nachtmerje is.
nl.verhalenbank.26038
Sterke Hearke siet us in kear mei syn broer ergens by in haven yn 'e polderwurken. Dêr stie in herberch en de kastlein klage syn need us in kear oan Hearke. "Saterdeijouns," sei er, "dan komme hjir de matroazen fan 'e boaten, en dy slagge hjir altyd alles koart en klien." Doe sei Hearke: "Wy sille jo helpe." De saterdei-to-jouns dêroan stapten Sterke...
nl.verhalenbank.23634
Men mat noait hwat oan in stjerrende bilove, hwant it kin us wêze, dat men it net folbringe kin. Dan komt de deade werom en kriget men der lêst fan. De deade hat dan gjin rêst.
nl.verhalenbank.23018
In nachtmerje wie in frommeske, dat de minsken in soad lêst oandie. Men koe har keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten.
nl.verhalenbank.37924
35