Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: lantaarn lichten
Edze-om wie mem har jongste broer, dy is yn Limburch forstoarn. Dy hearde fan tofoaren al de lûden fan 'e auto's en de fleanmesines. Ek seach er ljochtsjes fan 'e tram. Dat is allegear neikom.
nl.verhalenbank.32821
Myn skoanheit, dat wie Hindrik van der Tuin. Dy seach foar in 50 jier hjir op 'e heide allegear ljochtsjes op- en útgean. 't Wie hjir doe noch in sânwei. Dy ljochtsjes, dat binne de lettere strjittelampen woarn.
nl.verhalenbank.12500
Wy seagen hjir froeger de wylde lantearnen yn 'e fierte. Der wienen minsken, dy doarsten dêr net lâns, hwant dy wylde lantearnen kamen dan op har ta, biwearden se.
nl.verhalenbank.29695
De Spekloane del yn 'e Boelensloane seagen forskeidene lju by jountiid ljochten. Letter die bliken dat se de ljochten sjoen hienen fan 'e huzen dy't dêr doe letter boud binne. Dat wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.31117
Us pake fortelde ek dat se froeger in ljocht seagen, dat foarby fleach. Dat seagen se wol faker en op allerhande plakken. Hja biwearden dat dit de lettere ljochten fan 'e fytsen wienen.
nl.verhalenbank.29613
Dêr stie in wettermoune oan 'e Swarte broek, ûnder de Moune-ein. Dêr wie in polder dy't ûntstien is yn 1866. Dêr fan ôf/foarby roun in reed fan Hurdegaryp dwars oer nei Ikkerwâld. Dat wie de Papereed, dêr troch de monniken oanlein. Op in nacht moest heit mealle. Heit wie mounder. Doe seach er fanôf Hurdegaryp twa ljochten oankommen, rjochting Ikkerwâld,...
nl.verhalenbank.32151
35