Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
38 datasets found
Dutch Keywords: land sterven
As de swarte roeken sa to kear gongen by it jirappeldollen op it lân dan komt der in bigraffenis. Ek as de eksters bot skatterje.
nl.verhalenbank.33053
'Harkemastate' hat in stins west. Dy stie oan 'e Alddyk op 'e 'Kampioen'. De Roarda's ha der froeger op wenne yn 'e tiid fan 'e Krústochten. Ien fan dy Roarda's is mei de krúsfarders meigien nei 't Hillige lân. Hy sei: "Ik kom werom. As ik net libben werom kom, dan kom ik dea werom." Mar de measten kamen net werom, en dy Roarda sneuvele ek. Mar de holle...
nl.verhalenbank.20607
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
In omke fan my wie tachtich jier doe't er my fortelde dat er us in kear to murdejeijen west hie yn 'e boulannen. 't Wie op in nacht. Hy hie dêr in daem fornield trochdat der in murd yn in buis sitten hie. Dy buis hied er útgroeven, krekt yn 'e daem. Doe wienen der guon oankaem, in man en in wiif. Hy hie se allinne mar heard, hy hie neat sjoen. "Donders,"...
nl.verhalenbank.25191
Piter Simens Kloosterman wie in boer. Dy wenne op 't Kleaster. Hy hie bigeard, hy woe steande bigroeven wurde. Dan koe er it lân oersjen. Mar sy dienen it net. Doe kom er werom. Hy kloppe by syn folk oan 'e doar. In pear kearen ha se him sjoen. Doe ha se der in dûmny by helle. Dy hat him oansprutsen en frege, hwat syn bigearte wie. Doe ha se nei 't graef...
nl.verhalenbank.20677
Achter Surhuzum is in greate poel. Dy is midden yn 't lân, dêr't Piter van Bruggen ^ wenne hat. In famyljelid fan ús hat dêr us op in joun om healwei alven by helder ljochtmoannewaer in stim út 'e poel heard. Der waerd sein: "De tijd is der wel, maar de man is der niet." Twa jier letter is dêr in man fordronken. It wie Piterom syn kammeraed. Hy weage him...
nl.verhalenbank.17740
Heit hie ek us in moai dik laem kocht. Dat rekke siik en wie samar dea. Dat wie Jan Oenes syn wurk èk. Heit skripte in protte mei duveldrek. Hy hie altyd krúst op fjouwer plakken yn 't lân duveldrek lizzen. Heit hat ek us in skiep hawn, dat wie stjerrend binaud as Jan Oenes der west hie. Dan fleach it by de spanten op.
nl.verhalenbank.20921
De twee Koningskinderen Er waren eens twee koningskind'ren Die elkander zoo teer beminden. Uit wandelen zijn zij gegaan En zij waren met min belaên. Die vader, die het hoorde, Die legde zijn zoon te scole, Te scole al achter het land: Was dat geen groote schand? Deze maagd, die had 'et vernomen Die is haar gekleed in 't mans: Een pluim zette zij op het...
nl.verhalenbank.39515
Honden Uut aigen ervoaring ken ik joe dit verteln: ik was es n moal achter op t land aan t waark en door zit mie aal moar n hond te jankn. Hai zat op de weg en keek noar n huus tou. Is dr nou gain man störvn n zet loater? De liekstatie gung over de weg woor de hond zat te hoeln.
nl.verhalenbank.43483
In man op 'e dy Tike sei: "It kin my neat skele hoe't se my fuorttôgje. Op 'e kroade of op 'e hounekarre of op 'e wein, ik bin dochs dea en fornim der neat fan." Hy stoar achter op it boulân. Dêr wie gjin paed. Earst kaem er op 'e kroade. Mar doe kamen se op in âld reedtsje. Mei de kroade gong to stadich, dat doe setten se it lyk op in hounekarre. Doe't...
nl.verhalenbank.11503
Vroeger (150 jaar geleden), geloofde het volk wel aan geesten. Een typisch voorbeeld. 't Was in 't hooien. Een paar arbeiders waren op 't land aan 't werk en de boer mende het hooi naar huis. Zoals gewoonlijk in 't hooien reed hij hard met de lege wagen naar 't land. De arbeiders zagen hem komen en hij, die 't hooi moest opladen, wilde eerst nog water...
nl.verhalenbank.13512
Der wie in boer, dat wie in forwoesteling. Hy wie altyd gleonhastich en net in arbeider dy't it by him úthâlde koe. Op in kear hied er wer in arbeider, doe moest der ploege wurde. It wie al let yn 'e joun en it wie ûnmooglik dy greate hoeke lân foar de nacht noch to ploeijen. Dat de arbeider sei tsjin 'e boer: "Freegje de duvel, dat dy it docht." De boer...
nl.verhalenbank.19770
It is jierren lyn gebeurd, dat de buorlju hjir yn 'e Westerein my jammerjen hearden. It lûd wie achter út it lân wei kaem. Doe't se my fregen hwat der oan skeelde, sei ik: "Ik ha dêr noait achter yn 't lân west en ik haw noait jammere." En dochs hâldden se fol, dat it myn lûd west hie. Sa'n fjouwer wiken letter woarden der twa fan myn famkes siik. Se...
nl.verhalenbank.29728
In 1866 had je de veepest. Als je boer was met twintig koeien en je had d'r vijf over en een ander had er geen een over, dan leende je hum d'r een. En 't kwam dan niet zo krap, wanneer je die geleende koei terug gaf. Ik heb het teken van die veepest eens gehoord van vroegere mensen. Op een zekere tijd keken de mensen achteruit het land. Nou hebbie van die...
nl.verhalenbank.50940
Heit en pake Tamme meanden op in stik lân yn Wergea. Op in moarn waerd de âld man wekker. "Jelle," sei er, "ik hie fannacht in nuvere droom. Symens Bintsje (de frou fan Symen Bergsma) is fannacht overleden." Sa wie 't ek. Dyselde nachts is se forstoarn.
nl.verhalenbank.31574
Verborgen schatten: In Neer woonde indertijd twee oude ongetrouwde mensen, een broer en zijn zuster. Ze hadden in hun leven veel geld opgespaard. Ze brachten dit niet naar de spaarbank, doch bewaarden het in huis. Toen de zuster stierf, moest de man voor zijn werk het huis alleen laten. Hij verborg het geld in de schouw. Later stierf de man, zonder de...
nl.verhalenbank.63730
Ik wenne op 'e Geast. Wy hienen in buorman, dat wie Harm, dy brûkte in protte drank. Dêrtroch siet syn frou altyd yn 'e earmoed. Sy kom dan by ús om sinten to heljen, mar dat mocht ús ek net barre. Wy wienen mar earme arbeiderslju. Ik hie in hokling, dat hie 'k op it lân fan Bindert Wiersma oan 't spit. Mar Bindert Wiersma krige hiel slim kanker en hy...
nl.verhalenbank.23063
Tusken it hûs fan Tsjalling Bijma en dat fan myn neef op 'e Tike lei in stik jierappel-lân. Midden op dat stik lân stie in dikke houn to spûkgûlen. Hy seach yn 't noardwesten op. Dêr wennen Sibe Wiersma en syn frou Marij. 't Wie by dei dat dy houn spûkgûlde. Doe't ik it hearde tocht ik: "Hjir giet ien dea." Ik makke 't net bikend. Fuort letter stoar Sibe...
nl.verhalenbank.24096
Sibe Henstra (byneamd Sibe Liger) fortelde: "Doe't ik sa'n feint wie, kom ik us út it kroechje dat oan 'e Swadde stie. 't Wie let op 'e joun. Doe kom der my in deakiste op roltsjes achternei. Ik woarde binaud en tocht: - ik mat mar fan 'e greate wei ôf. Dan folget dat ding my net mear. Doe gong it skeanôf it lân troch. Ik sprong oer twa sleatten hinne....
nl.verhalenbank.20569
Hjir foar de skoalle oer wenne Roel Megiel. Hy wenne dêr allinne. Hy hie lân yn 'e hier, dêr boude er alle jierren in hoeke rogge op. Dy tursk er altyd yn in âld pleats op 'e boppelânnen. Mei dat sied bitelle er de lânshier. Hy hie it sied al by de boer op 'e telle. Dêr soed er it terskje. Mar doe woarde er siik. Hy gong nei de boer ta en sei: "Ik kin net...
nl.verhalenbank.24087
35