Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: kwaad Place of Narration: Drachten
It wie in wûndere âld-keardel. Hy spile mei de duvel ûnder ien huodtsje. Hy hie in forboun mei de duvel. Hy hie gâns in tún. Dy wie wol sahwat hûndert roede great. Dêr hied er sparje yn. Dy sparje moest sleept wurde. 't Is wier gebeurd, hwat ik nou fortel, ik siet der sels by. In eintsje fan him ôf wenne in keardel, dy hie him biloofd, hy soe de sparje...
nl.verhalenbank.24937
Greate Ynse fan Bakkefean hie fan dy enoarme hannen. As slaeijen! Der wienen us in stik of fiif man dwaende om in dikke beam op 'e wein to tillen. Mar it woe net. Doe kom Ynse der oan. Ynse holp har en de beam lei samar op 'e wein. Doe gongen dy fiif man nei de herberch en kochten in slokje. Mar sy seinen net tsjin Ynse: "Kom mei." Ynse giet hinne en...
nl.verhalenbank.25156
Yn Lúxwâlde wenne in tsjoenster, dy gong altyd nei de winkel om boadskippen, mar hja bitelle noait. De winkelfrou sei tsjin har: "Jo matte ekris bitelje." Doe kom dat frommes as in kat werom. De beide froulju hienen slim rûzje hawn. Doe't de winkelfrou de kat seach, goaide se har in tsjettelfol siedend wetter oer de rêch. "Hjir, dû smoarge tsjoenster,"...
nl.verhalenbank.26116
Op in snein-to-moarn wie 't jongfolk fan 'e Westerein by de Swâdde oan 't piksjitten en sintsjesmiten. Dat dienen se dêr wol folle faker op snein-to-moarn. Doe kom dêr in hiele greate houn lâns, hast sa great as in koe. Dy reage alles út elkoar. It wie de kweade. Sy makken allegear hurd dat se thús kommen.
nl.verhalenbank.19318
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Hy wie us op stap doe kom er fjouwer man foarby, dy moesten in dikke beam op in wein lade. Mar sy koenen 't mei har fjouweren net rêdde. Doe't se Ynse oankommen seagen fregen se him oft er har even helpe woe. Ynse sei: "Gean der mar even wei. Ik sil 't allinne wol dwaen." En hy tilde dy swiere beam pûrallinne op 'e wein....
nl.verhalenbank.23633
Der wie in boer dy soe nei Ingelân ta, mei de nachtboat. Doe wie der in Ingelsman oan board, dy sei: "A fine light night." Doe sei dy boer: "Nou, dan weet ik het ook nait." "Hwat do you say, sir?" frege de Ingelsman. De boer woarde lulk. "Hwat dochstû op sé," sei er tsjin 'e Ingelsman, "dû bist sels in âlde seur."
nl.verhalenbank.32895
Der wienen us in pear mannen, dy moesten in stik of hwat grouwe beammen op in wein lade. 't Wie yn Bakkefean. Sy koenen 't meimankoarren net rêdde. Mar doe kom krekt greate Ynse foarby. Doe fregen se Ynse of dy wol helpe woe. Ynse lei doe de beammen ien foar ien hielendal allinne op 'e wein. Doe't dat gebeurd wie gongen dy mannen nei de kroech om in...
nl.verhalenbank.25696
Op 'e Aldwâldumersilen stiet oan 'e iene kant fan it wetter in minskefoet en oan 't oare kant in hynstefoet. De boaze is dêr oer 't wetter hinne sprong, wurdt der biweard. Hy hat twa leasten achterlitten.
nl.verhalenbank.25060
Ik ha froeger wolris heard, hwannear 't der in fremden-ien by de lju kom, dat se seinen: "Hy mat net by de bargen, hear, hwant dan wolle se miskien net mear frette." Se wienen bang foar de kweade hân. Se lieten in fremden ek net by 't oare fé.
nl.verhalenbank.24948
Der wie in sunige boer, dy hie by de houtforkeaping in persiel beammen kocht. Hy en syn feint prebearren togearre de beammen op 'e wein to krijen, mar dat koenen se net oprêdde. Tafallich kom krekt Sterke Hearke der oan. Dy seach wol dat de mannen yn forlegenheit sieten en dêrom sei er: "Ik sil jim helpe mannen. As ik nou de swiere ein nim en jimme...
nl.verhalenbank.33771
Dêr wie in man, dy kom wol op 'e Dwarsfeart. Dêr hie ús heit in hekel oan. Hwant as dy man de hân op 'e rêch fan 'e bargen lei, dan woarden dy bargen blau. Dy man hie de kweade hân, dêr moesten se bot foar oppasse. Heit sei: "Noait fremden by de bargen litte."
nl.verhalenbank.19857
Hearke hie ris nei Grins ta matten. Underweis to Visvliet hienen guon beammen kapt. Dy beammen moesten op 'e wein laden wurde, mar de trije man dy't dêr oer gear wienen, koenen dat net rêdde. Hearke sei: "Ik sil jim wol even helpe." Hy tilde mei gemak de beammen ien foar ien op 'e wein. Doe wienen dy trije mannen nei de herberch gong om in slokje. Se...
nl.verhalenbank.25210
Piter van der Kloet wenne yn 'e Surhústerfeanster Mieden. It wie hwat in nuvere man. Op in kear hied er nei de froulju ta west yn Greategast. Hy wie al wer by honk. Hy moest oer in barte om op it hiem to kommen. Mar midden op dy barte siet in dikke, grouwe houn. It wie in pûrfremde houn en hy seach Piter mei greate, gleone egen oan. Piter waerd bang en...
nl.verhalenbank.19846
35