Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: kruis Place of Narration: Harkema
As Alle Tet der oan kom setten wy as bern altyd in krús op 'e wei mei de klomp. Wy tochten, dat se dêr net oerhinne komme koe.
nl.verhalenbank.21643
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat die Alle Tet ek. Op in kear doe hie se dat ek wer dien. Doe joegen se dy kat in klets. Dat koenen se de oare moarns oan har hân sjen. Tet hat forskate bern bitsjoend. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. Dy krânsen moesten se opbrânne. De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompels en sy makken krusen foar de doar,...
nl.verhalenbank.25753
Jehanne, de frou fan Japik Nauta hjiroer, rekke siik. Sy masteren mei greate Wopke fan Kûkherne. Japik gong ris op in kear nei Wopke ta om drank to heljen. Hy wie to foet. Wopke joech him in drankje foar Jehanne mei. Mar hy sei: Pas goed op, hwant jo krije lêst ûnderweis. Jo matte de drank goed opbergje. Doch it ûnder 'e jas. Der meije foaral gjin...
nl.verhalenbank.15905
Alle Tet wie de greatste tsjoenster fan de Heide. Sy hie 't fral op bern forsjoen. Sy hat hjir genôch bern deatsjoend. It bern fan Roele Akke ek. Sy kom dan mei in moai praetsje yn 'e hûs en dan sei se sahwat flaeikjend: Hoe is 't mei 't berntsje, Akke? Op in kear kom se ek wer en doe sei se: Ik sjoch 't wol, 't is al hast wei. En doe soe se gau it bern...
nl.verhalenbank.15904
Yn Frankrijk wenne in man allinne. 't Wie in fleizige man. Hy wie roomsk. De man wenne yn in hiel great hûs, op 'e bare rûmte. Der roan in feart by dy man syn hûs lâns. 't Wie eins in rivier. 't Wie de rivier des doods, dy wie forgiftich. Dy rivier is der noch. Op in kear wie 't hiel swier waer. Doe seach dy man ta 't raem út oer de rivier des doods...
nl.verhalenbank.28714
Us Tsjipkje woarde ek al us siik. Doe kom Tet ek us wer in kear by ús. Sjoerd (myn man) syn suster wie ek by ús. Tet sei tsjin Tsjipkje: "Hwat bist in leaf famke, mar jim mem wol net lije dat ik by dy kom." Ik sei: "Né, dû bliuwst fan har ôf." Sjoerd syn suster hat har in opstopper jown. Sa is se der út rekke. Wy ha doe nei in man ta west om rie. Tsjipkje...
nl.verhalenbank.23430
Op 'e lytse Wei is us in âld minske formoarde woarn. Dat wie flak by it húske, dêr't Sterke Hearke yn wenne hat. In arbeider foun har yn 'e nacht dea. (Hy arbeide by de Bosma's, dat wienen greate boeren ûnder Droegeham, dy't èk oan 'e Lytse wei wennen) Hy joech it fuort oan by de plysje. De oare moarns gong hy der hinne om to sjen. Doe stie der in krús op...
nl.verhalenbank.19977
In suster fan ús mem is as fanke bitsjoend woarn. Sy woenen wite hwa't it dien hie en doe woarde der in krús op 'e daem set. Doe kom it buorwiif der oan. Mar dy koe noait oer it krús hinne komme. Hja hie der mar foar omkjirme en raesd. Mar it bern hie al trije krânsen yn 't kessen. It is stoarn. 't Wie alve jier âld.
nl.verhalenbank.15630
As men jouns gjin bisite mear ha woe, gong men hinne en set op 'e daem in streek mei de klomp en dêr in krús oerhinne.
nl.verhalenbank.17543
Oan 'e Lytse Wei is in dyk mei ikebeammen. Op ien fan dy beammen is in krús. Dat giet noait wer út dy beam wei. Sy ha de beam wol omkapt, mar it krús kom der like goed fansels wer yn. Sy ha dêr us in frou formoarde. Dêr is dat krús doe troch ûntstien.
nl.verhalenbank.22710
De reaskonk groeide op Golgotha ûnder Jezus syn krús. Der foelen bloeddrippen fan Jezus op 'e blêdden fan dat plantsje. Sûnt binne dy der op bleaun.
nl.verhalenbank.21156
Alle Tet wie hjir de tsjoenster. Wy setten as bern mei de klomp in krús yn 't sân as Tet der oan kom. Dêr koe se net oerhinne komme, seinen se. Doe't Tet goed en wol dea wie, bleau se sa slop as in flarde. Dêr koe men oan wite dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.21140
In nachtmerje, sizze se, is ien fan sawn dochters. Sy komt ta 't slotsgat yn 'e hûs. Docht men in krús foar de drompel, dan kin se der net yn komme. Dan hat se gjin macht. Guon dienen ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Dat dienen se ek om tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.28616
Oan 'e Lytse Wei stie in beam mei in krús der yn. Dat krús wie dêr fansels yn kom. Dêr by dy beam wie us in frou formoarde woarn. Kapten se dy beam om, dan kom 't krús der wer fansels yn. It groeide der yn.
nl.verhalenbank.22287
Wy hienen froeger altyd duveldrek op 't bleate boarst. Oars koenen wy us bitsjoend wurde. En ûnder 'e drompel hienen wy èk duveldrek, en fóár de drompel hienen wy in krús. Dan koe de tsjoenster der net oer.
nl.verhalenbank.27011
Froeger makken se in krús fan klompen - alle klompen op 'e kop - om 'e nachtmerje to kearen. Dat krús, dêr koenen se net oer, dat wie it krús fan Jezus.
nl.verhalenbank.22226
Neist sa'n hûndert jier wie ús mem har âldste suster, dy't yn 'e Harkema wenne, slim siik. Hja wie tolve jier âld en koe net wer better. De heit (Aise van der Heide, in tige froom en leauwend man) gong skean de paden del nei de duvelbander fan de Ham, hwant sy wienen har rie to 'n ein. Hy krige in drankje mei en sette dêrmei op hûs ta. Mar ûnderweis...
nl.verhalenbank.21328
35