Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: kruis druppel
Het roodborstje zou bij Jezus aan het kruis hebben gehangen en die zou een drup bloed opgevangen hebben.
nl.verhalenbank.43991
Doe't Jezus krusige woarde, groeide der in plantsje ûnder 't krús. Dêr foelen de bloeddrippen fan Jezus op. Sy binne noch skoan op 'e blêdden to sjen. Reaskonk hyt dat plantsje. Der groeide nòch in plantsje ûnder 't krús. Dat hyt de tsien geboaden. Dêr foelen ek drippen op. Krekt tsien.
nl.verhalenbank.26103
Jezus hong oan it krús. Fan 'e toarnekroane siet der him in toarne yn 'e foarholle en dat die him tige sear. In lyts fûgeltsje seach dat. It fleach dêrhinne en helle mei syn snaveltsje de toarne út 'e foarholle wei. Tagelyk foel der in bloeddrip op syn boarst. Dy reade kleur is der altyd op bleaun en sa hat dat fûgeltsje de namme fan reaboarstje krige.
nl.verhalenbank.31223
De reaskonk hat in read plak op it blêd. Doe't Jezus oan 't krús hinge foel it bloed fan syn holle yn drippen op it plantsje dat dêr onder groeide. Dat liet reade plakken nei op 'e blêdden. Dy sitte der noch altyd op. Dat plantsje, dat is de reaskonk.
nl.verhalenbank.26156
Under it krús fan Jezus groeide in plantsje. Dat wie de reaskonk. Dêr foelen drippen bloed fan Jezus op 'e blêdden fan dat plantsje. Dy bloedplakken binne der sûnt altyd op bleaun. Myn man (in Grinslander) neamt dat plantsje hoanepoot.
nl.verhalenbank.18090
It readboarstke By de skepping hie alles dat op ierde libbet in namme krige, de planten, de dieren, de fûgels, en de minsken fansels, mar der wie ien Iyts, nearzich fûgeltsje, dat wie fergetten. It like wol wat op in mosk, mar it wie gjin mosk. En as se dat fûgeltsje fregen: 'Hoe hjitsto eigentlik?' dan sei it: 'Ja, dat kin 'k net sizze, by de skepping...
nl.verhalenbank.14620
35