Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: kroeg drank Place of Narration: Drachten
Der wie us in doomny, dy mocht graech in slokje. Hy siet wol gauris by Aeltsje yn 'e herberch en dan bleau it net by ien en twa. Op in snein doe siet er yn 'e preekstoel. De âlderling lies de tekst foar út 'e skrift, dêr't doomny oer preekje soe. Mar doomny hie de foarige jouns wer by Aeltsje sitten en wie sliepprich. Doe't de âlderling útlêzen wie, siet...
nl.verhalenbank.23723
Yn Tolbert wenne in persoan, dy hiet fan Wykstra. As dy oan 'e buorrel wie, wist er fan gjin ophâlden. Dêryn wied er krekt lyk as ik. Wy sieten wol us togearre yn 'e kroech. Op in kear trof ik him wer. Ik sei: "Even nei de kroech net?" Hy sei: "Né, ik drink gjin sterke drank mear. Ik drink allinne mar bier." Ik sei: "Hoe nou." Hy sei: "Dat sil 'k dy...
nl.verhalenbank.26061
Andrys wie in healbroer fan ús heit. It wie in raren en hy wie bot oan 'e drank. Hy dronk de jenever út 'e tsjettel en broude dy jenever sels. Dêrby wied er tige ûnforskillich en rûch yn 't praet. Op in kear doe kom er út 'e kroech. Doe is er ûnderweis opnom woarn en oer de sleat hinne smiten woarn. Se seinen doe, dat hie de duvel dien. Andrys wenne yn 'e...
nl.verhalenbank.35913
Sterke Hearke siet us in kear mei syn broer ergens by in haven yn 'e polderwurken. Dêr stie in herberch en de kastlein klage syn need us in kear oan Hearke. "Saterdeijouns," sei er, "dan komme hjir de matroazen fan 'e boaten, en dy slagge hjir altyd alles koart en klien." Doe sei Hearke: "Wy sille jo helpe." De saterdei-to-jouns dêroan stapten Sterke...
nl.verhalenbank.23634
Frou Korenga fan Oldekerk hie in nicht, dy har heit wie in forkearden-ien en in hiele raren. It wie in losbol en in sûper en hy siet soms heale dagen yn 'e kroech. Op in joun gong dy nicht de Londense wei del om har heit op to heljen. Sy gong by frou Korenga oan. "k Ben ongerust over pappe," sei se, "hij komt maar nooit thuis." Sy frege of frou Korenga...
nl.verhalenbank.19623
Twa mieren fan Lippenhuzen hienen yn 'e buert fan Snits de klaei oer west to ûngetiidzjen. Sy reizgen oer Terwispel werom en omt se aerdich hwat jild by har hienen, stutsen se dêr oan yn in herberch, dêr't se de iene buorrel nei de oare kochten. Dêr yn 'e herberch gong it bot op in flokken en dwaen. Sy tjirgen har as gekken. Even foarby 't godloas tolhûs...
nl.verhalenbank.23994
Der wienen us trije man oan 't houtladen yn Bakkefean. Der wie in kolossale swiere beam by, dy koenen se net op 'e wein krije. "Dit is bilachelik," seinen se, "dit rêdde wy net op." Doe kom sterke Ynse der oan. Dy sei: "Ik doch de jas út, ik sil jimme wol even helpe, mannen." Doe hienen se dy grouwe beam samar op 'e wein. Doe gongen dy trije man yn 't...
nl.verhalenbank.26109
35