Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
108 datasets found
Dutch Keywords: kracht trekken
Op in kear hie heit in wein fol stront laden. De wein stie yn 't djip skerngat en it hynder koe de stront der net weikrije. Doe spande heit it hynder út en krige it tiksel beet en luts de wein der sèls út. Hy wie sterker as in hynder. Myn heit hiet Fokke Veenstra.
nl.verhalenbank.19446
Sterke Feije wenne yn Burgum. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy en syn hynderke dienen it wurk togearre. As de wein út it skerngat moest en it hynderke koe 't net dwaen, dan gong Feije der foar stean. Sa dienen se 't wurk beurt om beurt of togearre.
nl.verhalenbank.27812
Dedde kom op in joun thús, doe hied er in weinfol tsiis ophelle. 't Wienen allegear dikke fjirtich-pouners. Mar doe rekke de wein yn 't sân en kom tsjin in dampeal oan. Dedde fan 'e wein ôf. 't Hynderke koe neat mear dwaen. Dedde set de wein samar even oan kant troch der achter tsjin oan to stean, mei de rêch en de beide hannen der ûnder. Sa fortilde hy...
nl.verhalenbank.27386
Hy hat arbeider west by in boer. Der mat it alris gebeurd wêze dat twa sterke hynders in foer dong dat op 'e wein laden wie, net út it skerngat wei krije koenen. Doe hat Hearke de wein der pûr-allinne útlutsen mei dong en al.
nl.verhalenbank.34489
Ek in kear doe wie de wein fol dong en dy stie yn 't skerngat. De beide hynders koenen de wein der net wei krije. Doe smiet Hearke de silen los, hy krige sels it tiksel yn 'e hân en luts it der sels út. Rienk van der Meer fortelde 't my, dy arbeide mei him. Se neamden Hearke altyd 'pake'.
nl.verhalenbank.27634
b Sterke Hearke wie ek plysje. Op in kear siet er achter twa minsken oan yn Droegeham, dy hienen hwat útheefd. Sy naeiden út en moesten om in hoeke hinne rinne. Binnentroch koe net, hwant in hiele grouwe peal siet har yn 'e wei. Mar hwat Hearke to dwaen hie, dy luts dy grouwe peal der gau út en doe koed er binnentroch. Sà sterk wied er! Dit gebeurde by...
nl.verhalenbank.19479
Sterke Ynse fan Bakkefean ha 'k wol kend. Myn omke Klaes Schriemer hie feanterij yn Bakkefean. Yn 'e Mieumerswyk farde in skip, mei turf biladen. Doe kom dat skip foar in daem, doe koe 't net mear foarút. In stik of hwat mannen wienen al oan 't lûken oan 'e iene kant, mar sy koenen gjin biweging yn 't skip krije. Doe kom sterke Ynse der oan. De skipper...
nl.verhalenbank.19684
Hearke wie in kear oan 't dongladen. It hynder foar de wein wie net sa sterk en koe it weinfol stront net út it skerngat krije. Hearke spande it hynder út en luts doe mei ien hân de folle wein út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.36511
Op it Bomkleaster stiet in boereplaets, dêr wennen earen trije bruorren, Bindert Japiksjonges woarden se neamd. 't Wienen alle trije âld-feinten. Us heit syn heit arbeide dêr en heit wie dêr lytsfeint. Sterke Hearke wie dêr ek arbeider. Op in kear wienen se oan 't siedriden west. Doe wie 't gebeurd dat der noch in hiel dik foer sied bûtendoar stie. Dat...
nl.verhalenbank.32762
Hearke wie in kear achter syn hûs by de poel oan 't baggeljen. Syn soan Egbert wie der by, dy holp him. De bak siet fol klyn. Dy klyn moest út 'e bak weiskept wurde en oer 't lân struid. Mar doe wie der to min rûmte, der wie gjin plak mear foar de klyn. Doe moest de bak forlutsen wurde oer it lân. Hearke hie de heak krige en dy yn 'e kram set en doe hie...
nl.verhalenbank.20831
Hy wie arbeider by Bindert Japiks. Dy hie in stik lân, dat wie tige sompich. Dêr hied er wol us fé yn rinnen. Op in kear rekke der in koe yn 'e sompe. Dy siet sa fêst as in hûs. Alde Bindert Japiks sei tsjin Hearke: "Wy matte dêr hinne. Matte wy ek in hynder meinimme om dy koe der út to skuorren?" "Dat hoeft net," sei Hearke, "dat rêdde wy sà wol op."...
nl.verhalenbank.21859
Vroeger en dat is waar gebeurd, werden de mensen van de weg getrokken, met paard en wagen, door een geest. D'r reed een boer over de Kamperdijk van Benschop naar IJsselstein. Die wier met paard en wagen in het water getrokken. Door die geest!
nl.verhalenbank.50905
Ek in kear, doe wie Hearke oan 't dongmennen. Doe hied er in wein fol dong laden, mar doe koe it hynder de wein net ta 't skerngat út krije. Doe spande Hearke it hynder út en gong sels oan 't tiksel stean. En hy luts de wein pûr allinne ta 't skerngat út.
nl.verhalenbank.29965
Sterke Hearke krige de ploege by de sturt beet. De ploegen hienen doe mar ien sturt. Hearke luts allinne in foer dong út it skerngat wei. Op in kear wie Sterke Hearke oan 't meanen. Hy tochte: "Hwat wol dat min." Doe hied er al in hiel stik ôfmeand. Hy nei de seine sjen en hwat wie doe 't gefal? Doe siet de fuorring noch om 'e seine hinne.
nl.verhalenbank.20969
Sterke Hearke wie arbeider by in boer op it Bomkleaster. Rienk van der Meer wie dêr ek. Dy fortelde, sy hienen ris in kear sân helle fan Droegeham. It sân moest tusken de plaets en 't hok yn. Dêr koenen de hynders net tusken. It sân moest dêr lege wurde, dat de wein moest dêr hinne. Hearke gong oan 't tiksel stean en luts it weinfol sân yn 'e gloppe. De...
nl.verhalenbank.27633
Hearke wie sà sterk, as it hynder it net dwaen koe, luts hy allinne de dongwein út it skerngat.
nl.verhalenbank.33444
Halbe Scheper, sa fortelde mem, hat ris in kear in foer dong út it skerngat lutsen. Twa arbeiders wienen oan 't laden. De twa hynders hienen de stront der net útlûke wold. Doe hie Halbe de hynders der foar weispand en hie de wein by 't tiksel beet krige en him sa der út lutsen. Wylst hongen de beide arbeiders ek noch yn 'e tsjillen om him tsjin to...
nl.verhalenbank.27357
To Aldegea wenne ek in hiele sterke keardel. Dy woarde altyd neamd: de luije boer. Dy boer wie ris yn 'e ûngetiid. Doe rekke er mei in foer hea en in âld swart hynderke derfoar fêst yn 'e skuordoarren. It hynderke koe't net mear dwaen. Doe hat dy boer it hynderke útspand en doe hat er it foer hea, dat klem siet sels los skuord en ta de skuorre yn lutsen.
nl.verhalenbank.33336
Doe't Sterke Hearke twa jier âld wie, doe koed er al in boerewein fuortlûke.
nl.verhalenbank.25597
Hearke wie arbeider op 't Bouwekleaster. Hearke koe net bêst mei hynders omgean. As der dong laden wurde moest wie dat Hearke syn wurk altyd, in oaren ried. Op in kear hied er krekt wer in wein laden, doe koene de hynders gjin skrep krije. Sy koenen de dong net lûke. Doe sei Hearke tsjin deselde dy't ried: "Och, doch de hynders der even foar wei." Doe...
nl.verhalenbank.23864
35