Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: kopen Place of Narration: Eastermar
Der stienen trije man by in bakker foar de etalage to sjen. Dêr lei in prachtige taert foar. Hja praetten ûnder elkoar ôf, hwa't de dikste rachel spuije soe, dy soe de taert ha. De beide oaren soenen him dan bitelje. De earste spuide in dikke rachel. De twadde spuide in rachel, dy wie nòch dikker. Mar de trêdde gong hinne, dy slobbere dy beide rachels op...
nl.verhalenbank.33735
Yn Minnertsgea kom in nije doomny to wenjen. Al gau kommen de middenstanders op 'e pasterije tasetten om 'e gunst to freegjen. Earst de bakker. "Ik kom by jo yn tsjerke frou," sei er tsjin mefrou, "dat ik woe jo graech as klant ha." "Nou, dat sil wol losrinne," sei mefrou, "komme jo mar oan." Doe kom de slachter. Dy sei tsjin mefrou: "Ik haw in greate...
nl.verhalenbank.33636
Moosi en Sjampi mochten graech handelje. Op in kear, doe kom Moosi by Sjampi en doe stie dêr in moai âld kammenet yn 'e hûs. "Hwer hast dat wei?" frege Moosi. "Dat ha 'k kocht", sei Sjampi. Moosi tocht, dêr sit grif wol hwat yn dy handel fan sa'n kammenet, oars hie Sjampi 't net kocht, dat hy sei: "Ik wol 't wol fan dy oernimme. Dan krigest f 25- winst."...
nl.verhalenbank.33634
Der siet in man op 'e rêstbank yn 't plantsoen. Hy wie mei in apel oan 't skilen. Doe kom der in oar mantsje oan. Dy bleau by him stean en sei: "Hwat ha jo der by de ein?" "Ik bin oan 't apelskilen", sei de man op 'e bank. "Ik snij de apel yn stikjes en dan helje ik de pitten der út. Dy pitten binne o sa bêst foar de ûntwikkeling fan 't forstân." Doe...
nl.verhalenbank.33829
Sterke Hearke hie in poppe by 't wiif krige. Doe rekke hy al ier yn 'e moarn op redens fan Droegeham nei Ljouwert ta om in widze to keapjen. Werom ried er mei de widze boppe de holle. Dy widze fangde sa in protte wyn, dat Hearke fleach der oar. Fóár njoggenen dyselde moarns wied er al wer yn 'e Ham.
nl.verhalenbank.12520
To Ljouwert hienen se in hiele greate saek, dy wie fan de firma van Swieten. Der wie fan alles to keap. Jy koenen it sa raer net bitinke of hja hienen it. Dêrom hie de firma van Swieten bipaeld, as der ien wie dy't hwat keapje woe, en hja hienen it net yn foarrie, dan krige dyselde in gloednije radio kedo. Doe kom dêr ris in kear in boerke yn dy saek. Der...
nl.verhalenbank.33739
35