Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Duveldrek dienen se froeger ûnder 'e drompel foar de tsjoensters. Hja kochten it by David Flud (= D. de Vrieze). Ik stie dêr ris yn 'e winkel, doe kaem der in dikke keardel oan, dy mankearde altyd fan alles. It wienen dêr grapjassen by David Flud.
"Hoe is 't mei de pisser?" frege David.
"Aerdich goed, mynhear", sei de man
"En hoe is 't mei de stuiter?"...
nl.verhalenbank.36659
Bearn van der Woude fortelde: Ik wie us in kear by Hindrik Pikelhearring (= van der Molen). Doe sei Hindrik tsjin my: "Bearn, ik ha noch in bigje. Dat wie krekt hwat foar dy. Wolst it keapje?"
Ik sei: "Ik ha gjin sinten."
"Hoechst der ek net folle foar to jaen", sei Hindrik, hy is goedkeep.
Ik sei: "Ik mat him earst mar ris sjen."
Doe wy der hinne. 't Wie...
nl.verhalenbank.26059
Lytse Kjille wie wiersizter to Drachten yn 'e Hounestege. Se hiet eins Cornelia Modderman.
Sy hat my de kaert ek al ris lêzen. Myn kammeraet en ik, elk mei de faem ha ris by har west.
Kjille reizge mei in tromp mei bân, sjippe en lint by de minsken lâns. Joech men har in stûr ekstra, dan lei se de kaert. Se sei fan my, ik soe kastlein wurde.
Myn...
nl.verhalenbank.33222
Us heit syn broer Paulus hie us in skip kocht yn Terwispel fan in hellingbaes, dy wenne by de feart lâns. Hy farde der mei de Gordykster Kompenije yn. Dêr brocht er fracht hinne. Doe't er weromkom, tocht er, hy moest mar by de hellingbaes yn Terwispel oplizze.
't Wie tsjuster. Doe kom de healwize soan fan 'e hellingbaes by him yn 't foarûnder.
Der woarde...
nl.verhalenbank.23992
Der hat in keardel west, dy koe hwat mear as in oar.
Hy hie de kweade hân, seinen se wol. Ien hat my us oer him forteld. Dy hie 't sels bileefd:
Ik hie 't sa earmoedich, sei er. Ik kocht in bichje foar fyftsjin stûren. Doe't ik it thús hie, kom dy keardel by my. Dy koe duvelskunsten.
"Hast in bigge kocht?" sei er.
"Ja", sei 'k.
"'t Is net sa'n dikken",...
nl.verhalenbank.25567