Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: kop Place of Narration: Harkema
Fan in jonge dy't noait bang wie. Der wenne ergens in boer, dy hie in lytsfeint en in greatfeint. Dy lytsfeint stie foar neat, hy wie nergens bang foar. De greatfeint en de boer koenen har dat net bigripe. Hja sprutsen togearre ôf, de greatfeint soe in wyt lekken omdwaen en by jountiid op in bartsje stean gean. De lytsfeint woarde der op útstjûrd om in...
nl.verhalenbank.20825
Yn 'e Harkema wenne in frommes, dy wie mar allinne thús. Har man wie nei stêd ta. Hja tochte: "Ik mat mar pankoeken bakke." Mar omdat it moal op wie, gong se nei de winkel en boarge dêr in poun, hwant har man hie de sinten by him. Wylst hja oan 't pankoekbakken wie, kom der in giele kat om 'e hoeke fan 'e doar en dy bigong tsjin har to praten:...
nl.verhalenbank.21252
By de Fjouwer Wringen ûnder Surhústerfean spoeke altyd in hynder. Dat stie mei de kop oer de hekke hinne. Kom men der by, dan wie 't samar ynienen net mear to sjen.
nl.verhalenbank.20955
Jan Hepkes koe ûntsettende bêst meane, nei't er sei. Doe hied er oan 't meanen west yn 't Bil, tusken 't Wytfean en de Rotfalle. Doe kom er by in plakje, doe tocht er: Hwat stiet my dêr in protte gjers. Dêr hat grif fleden jier ien sitten te broekesearen (= zijn behoefte doen; uit de broek, een mij onbekende uitdrukking). Hy soe 't der ôfmeane, mar doe...
nl.verhalenbank.33096
Myn omke wenne yn Grinzer Pein. Hy wie mattewever. Op in nacht om healwei ienen gong hy der op út mei in platte kroade. Dêr hied er in matte op dy't er oan 'e man bringe woe. Hy soe de kant nei Frentsjer út, dêrom wied er ek sa bitiid. 't Wie hwat mistich waer. Doe't er ûnderweis wie yn 'e buert fan Ljouwert, seach er ynienen in hiele greate kop. Dy wie...
nl.verhalenbank.25525
Yn 'e Hamsherne (yn Harkema) wenne in jong frommes, ik tink dat se har Witteveen skreau. Dy wie ôfgryslike sterk. Op in kear doe wie se to Twizel yn 'e herberch 'De drie witte kannen'. Der wie in keardel dy woarde lestich. Doe hat hja dy keardel by nekke en kont beetkrige en hja hat him oer de hage hinnesmiten. Hja leeft nou net mear. Yn in wike wie se...
nl.verhalenbank.33420
Jan Hepkes wie ris in kear oan 't meanen, doe meande er de kop fan 't harspit ôf.
nl.verhalenbank.26364
Op 'e Bulten is 't ris gebeurd dat se in fremde kat in mep tsjin 'e kop oan jown ha. De oare deis hie Alle Tet in blau plak oan 'e holle.
nl.verhalenbank.28560
Der wie us in winkelfrou yn 'e Harkema, dy liende moal en oalje oan in oare frou, dy't by har yn 'e winkel kom en pankoekbakke woe. Doe't se drok oan 't bakken wie, kom der in kat by har oan. Dy kat sei: "Pankoekbakke en 't moal to boarch, kin dat bistean?" De frou sei: "Ja, wol poes ek ien ha?" En hja smiet de kat in gleone pankoek om 'e kop. De kat...
nl.verhalenbank.21239
Alde Sikke Helder hat my ris forteld, sy wennen froeger yn 'e Smoarhoeke yn in hiel lyts húske. Snein-to-moarns bleau hy altyd lang op bêd lizzen. Yn dy tiid wie 't in raren. Hy forflokte alles. Op in snein-to-moarn lei er sa ek ris in kear op bêd, wylst song er in sankje: De koekoek is te lui en de bouwman broedt zijn aeijen uit. van dideldomdei, van...
nl.verhalenbank.28793
Jan Hepkes fan Surhústerfean gong achter Ljouwert to meanen. Doe't it karwei dien wie, harre er syn seine en sette wer ôf nei hûs ta, mar hy forgeat it harspit út 'e groun to heljen. 't Oare jier kom er wèr by dy boer. Hy tocht net mear oan 't âlde harspit. Dat siet noch op 't selde plak. Hy bigong to meanen. Doe sloech er mei de seine de kop fan it...
nl.verhalenbank.26147
Jan Hepkes fan Surhústerfean fortelde altyd, hy koe omraek meane. En hoe skerp hy de seine net altyd hie! Op in kear doe wied er op in stik lân oan 't meanen by in boer op 'e klaei. Doe sieten dêr trije harspitten yn 'e groun. Dêr meande Jan ien foar ien samar fan alle trije de koppen ôf. Sa'n bêste seine hied er, sei er, en sa goed koed er him skerpje!...
nl.verhalenbank.19992
Helbich syn heit wie in man dy koe mear as gewoanwei. Hy hie bargen, dy hienen de koppen allegear omkeard op 'e romp sitten.
nl.verhalenbank.28725
Yn 'e Parken yn Grinzer Pein forkocht Bouwe Helbich hinnen oan in man. 't Wienen bêste piken. De man die se yn in hok. De oare moarns doe soe dy man de piken iten jaen. Doe hienen se allegear de koppen achterstofoar op 'e hals en sy leefden as harten. De man gong fuort nei Bouwe ta. "Hoe kin dat?" sei de man, "ik bin deabinaud." "Jo hoeve net binaud to...
nl.verhalenbank.28724
Hjir yn 'e Harkema wenne in âld-wiif, dy woe pankoekbakke. Har man wie nei stêd ta. Hja gong nei in winkeltsje om moal, sûnder sinten. Wylst se drok oan 't pankoekbakken wie, kom der in swarte kat oan. Hy bleau foar de drompel stean en sei: "Pankoek bakke en moal to boarch?" "Ja," hie 't âld minske sein, "wol poes ek ien ha?" En hja krijt de gleone...
nl.verhalenbank.23924
Jan Hepkes gong ris in kear to meanen. Hy gong by de hekke stean en smiet de seine yn 't fjild. Dêr't de seine to lânne kom, dêr bigong er to meanen. Dat wie doe sa de moade. As er in eintsje keal hie, die er de jas út en sette 't harspit njonken 't swé del. Doe't er ienkear yn 'e rounte west hie, soed er even harje. Mar doe koed er it harspit net wer...
nl.verhalenbank.28681
Jan Hepkes koe tige lige. Hy meande ris de kop fan 't harspit ôf, biwearde er.
nl.verhalenbank.23932
35