Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: kop werken
Ik ha mei in man wurke op 'e flaeksfabryk yn Bedum. Dy man kaem fan Twizelerheide. Hy fortelde my, hy fytste us op in saterdeijoune nei hûs ta. Hy fytste midden op 'e wei en wie sahwat yn Twizelerheide by de âlde staetsskoalle, doe woarde er samar mei fyts en al optild, sa sweefde er troch de loft en waerd pardoes op 'e kop yn 'e sleat smiten. Der wie net...
nl.verhalenbank.19334
't Folk wie hjir froeger bang foar de kweamendeis. De beesten woarden op mendei noait útlitten. As Petrus Benedictus op mendei sichtsje soe, dan sichte er earst op saterdei in lyts hoekje. Dan wie 't oan 'e gong. De ham fan 't hynder hongen de boeren hjir altyd heech yn 'e beam, dan soe de fôlle de kop heech hâlde, mienden se.
nl.verhalenbank.20978
Jan Hepkes fortelde: "Ik gong nei 't bûtlân ta om to meanen. Ik tochte: ik mat der mar in moai hoekje ôf meane. Ik meande mar ta. Op it lêst kom ik by de wâl, en dêr heakke it hwat, ja net in bytsje, mar goed ek, mar ik skuorde troch. Op 't lêst tocht ik: Ik mat ek mar ris harje - Hwant de seine woarde stomper. Ik nei de wâl ta en sykje om myn harspit....
nl.verhalenbank.27591
Doe't it Knjillisdjip groeven woarde, wienen der twa Westfalen, dy groeven ek mei. Sy wienen by in widdou yn 'e kost. Op 't lêst wie 't karwei dien. Mar de beide Westfalen bleauwen by de widdou. Hja krige gjin kostjild mear. Dat koe net út en 't minske woe dy twa graech slite. Sy sei 't tsjin 'e plysje. Doe kommen der twa plysjes, dy seinen út namme fan...
nl.verhalenbank.21282
De kopkes en pantsjes dêr't men út dronken hie, moesten foar de nacht yn elkoar set wurde, oars woarden se nachts brûkt.
nl.verhalenbank.27879
DE KAT ONDER HET WEEFGETOUW In Son woonde vroeger een vrouw de als heks bekend stond. Ze had een kleine weverij en deed daar goede zaken mee. Uiteraard had ze ook enkele wevers in dienst en een van hen heette Bart. Deze Bart nu was een prima wever en de heks, die Betje heette, was meer dan tevreden over hem. Bart op zijn beurt werkte graag bij Betje. Ze...
nl.verhalenbank.49580
Yn Harkema mocht der op 'e joun, as de boer mei 't wurk ophâldde, net in lêch strie op 'e telle lizzen bliuwe, hwant dan waerd der nachts tursken. Mei it braekjen wie 't ek sa. Hwat men ûnderhannen hie jouns, dat moast earst ôfdien wurde, oars gongen der yn 'e nacht forkearde hannen mei to set. De tsjerne mocht ek gjin molke yn stean bliuwe foar de nacht....
nl.verhalenbank.12268
Hy hat ek us in kear de kop fan 't harspit ôfmeand. Hy hie 't noait fornom. Ûnder 't meanen soed er harje. Hy soe 't harspit krije en doe seach er dat de kop der ôfslein wie mei de seine.
nl.verhalenbank.23461
Jan Hepkes koe tige lige. Hy meande ris de kop fan 't harspit ôf, biwearde er.
nl.verhalenbank.23932
Doe't alle minsken in namme krigen, siet der in man op 'e souder, dy wie dêr oan 't wurk. Dy woarde ûngeduldich. Hy stuts syn holle ta 't souder-finsterke út en rôp: "Krij ik ek noch in namme?" De nammejower seach nei omheech en rôp om't er allinne mar in kop seach: Ja - kop!" Sa mat de namme Jakob ûntstien wêze.
nl.verhalenbank.27610
35