Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: kogelvrij Place of Narration: Drachten
Auke Douwes Veenstra wenne yn Earnewâld. 't Wie in boer, hy wenne flak by 't hotel Princenhof. De frou fan Auke Douwes koe tsjoene. Sy foroare har yn in ein. Forskate bern hat se bitsjoend. Dan fleach sa'n ein yn 't wetter in stikhinne oan dy minsken ta. Sa'n ein koenen se net reitsje. Dy wie kûgelfrij.
nl.verhalenbank.24869
Der binne guon, dy binne kûgelfrij. Ik haw in feint kend, dy skeaten se dwars troch 't lichum hinne. Der kom net in drip bloed út. Hy is noait opereard of hwat ek. Dy wie kûgelfrij. Frijmitselers binne èk kûgelfrij, sizze se. De frijmitselers fûstkje mei twa fingers. Sy geane achterstefoar yn 't gebou, dêr't se forgaderingen yn hâlde. Om 'e sawn jier...
nl.verhalenbank.26128
Der roan in hazze yn Aldegea, dy wie noait to reitsjen, seinen se. Forskate lju hienen der op sketten. Men woe wol ha dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.24941
Dy't in helm hat en dy giet yn 'e oarloch, dy bliuwt kûgelfrij.
nl.verhalenbank.23023
Us heit fortelde: Der binne dieren, dy kinne net rekke wurde mei in kûgel. En der binne ek murden dy't net to birinnen binne. Dat liket raer en de minsken wolle 't net leauwe as ik it fortel, mar ik ha 't sels meimakke. (Heit wie murdejager) Yn 't Jan Bennesboskje yn Sumarreheide, dêr siet in murd yn 'e groun. Al forskillende hounen hienen dêr hinne west...
nl.verhalenbank.33371
Ien dy't mei de helm geboaren wie, wie kûgelfrij. Paul Krüger wie ek kûgelfrij. Hy wie ek mei de helm geboaren en moest alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan seach er bigraffenissen. Hy wie heldersjende.
nl.verhalenbank.27499
Yn Ynje (Java) gebeurde it dat ien op in wylde baerch skeat. Dy baerch wie op it tsjerkhôf, krekt achter it graef fan in hadji (= Mekkagonger). Hy rekke de baerch net, wylst er oars o sa'n tûke sjitter wie. Mar doe sei it folk, net ien dy't dy baerch dêr reitsje koe. It wei in heilich plak, dêr't de baerch tahâldde. As er dêr wie wie er ûnfeilbaer...
nl.verhalenbank.33700
Frijmetselders wienen kûgelfrij. Meine Wykstra sei ris: As ik troch Amsterdam of troch Ljouwert kom, sil ik jo de huzen oanwize dêr't frijmetselders wenje. Hwant dy huzen binne noait ôfmakke. Dêr mat altyd noch it iene of oare oan dien wurde. Dy frijmetselers ha allegear in lyts kistje mei allerhande soarte fan ark der yn. Sadré't der ien overleden is,...
nl.verhalenbank.36938
Yn 't leger wienen guon kûgelfrij. Ik wyt noch wol dat se mei de boere-oarloch yn 'e skearwinkel op 'e Boelensloane fortelden dat der twa boeren wienen, dy wienen kûgelfrij. Altyd roannen dy twa foar it leger op. Dêr skeaten de Ingelsen altyd op, mar dat joech har neat, sy wienen net to reitsjen. Se wienen kûgelfrij. Dêrtroch liet de Ingelsman greate...
nl.verhalenbank.29401
Frijmitselers binne ek kûgelfrij, wurdt der sein. Sy ha in forboun mei de duvel. Yn 'e Houtigehage wenne in frou, dy hie har oan 'e duvel forkocht. Dat minske woarde tige ryk.
nl.verhalenbank.29402
35