Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
21 datasets found
Dutch Keywords: kleding Place of Narration: Drachten
Dy't net stjerre koe hie op it stjerbêd it iene of oare oan, dat op snein naeid wie. Men moest der dan in knip yn dwaen dan koe sa'n persoan rêstich stjerre.
Dy't op syn stjerbêd klean oan hat dy't op snein makke binne kin net stjerre.
nl.verhalenbank.36661
As jo op jou stjerbêd in ding oan ha, dêr't op snein oan naeid is, dan kinne jo net stjerre. Beppe hat it meimakke mei in berntsje dat wie noch mar sawn maenden âld. It wie hiel bot siik. Mar it koe noait stjerre. "Hat er ek hwat oan dat op snein naeid is?" sei doe de buorfrou. "Ja," sei beppe, "dat himdsje." Doe ha se him dat himdsje útdien en doe...
nl.verhalenbank.33776
Myn wiif har beppe Tryntsje lei op it stjerbêd. Hja hie hwat oan dat hie skoanmem op snein yn elkoar set en doe koe 't âld-minske net ta stjerren komme. Doe ha se har dat útlutsen en doe wie 't goed. Hja die de egen ticht en wie dea.
Der wie in boer, dy hie fé forkocht op 'e merk. Hy hie sadwaende in aerdich stik jild by him. Underweis kom der in rover op him ta, dy hie in revolver by him. Dat hâldde er de boer foar wylst er sei: "Je geld of je leven." "Nou," sei de boer, "jo kinne myn jild wol krije. Mar, nou't jo toch in revolver ha, woe 'k wol graech, dat jo even troch myn hoed...
nl.verhalenbank.32936
Yn Sumar stie in sekere doomny Biersteker. Op in snein wie 't sa kâld, dat hy fleach fan 'e preekstoel om de jekker op to heljen, dy't yn 'e konsistoarje hong. En hy sei: "Hoe langer, hoe gekker, dominé Biersteker staat nu al in de jekker."
nl.verhalenbank.32875
Ús oer-oerpake wenne to Drachten oan 'e Dwarsfeart op 'e Ruterspôle. Hy wie noch frijgesel en hie net faek in faem. Op in kear sei er: "Nou wol 'k joun in faem ha, as wie 't de duvel ek." Doe't it joun wie doe kom der in hiel moai frommeske njonken him en dy roan mei him op. Hja wie klaeid alhielendal yn 't swart. It wienen prachtich-moaije klean dy't se...
As der ien is dy't net stjerre kin, dan kin it wêze dat er kleanspul oan hat, dat op snein naeid is. Dan mat men sa'n ien de klean útgoaije en him oare klean oandwaen.
Us heit hie in broer, dat wie Willem Meijer. Willem stokje neamden se him altyd. Dy forlear syn earste frou. Hja hienen in dochter, dat wie Geeske. Doe't hja forstoar sei se, Geeske, har âldste dochter, moest al har klean ha. Mar dat gebeurde net. Letter kom dy earste frou alle jounen yn 'e keamer. Doe ha se de doomny der by helle. Dy hat in gebet dien en...
Imke koe minsken samar stil stean litte. Hy koe se ek samar útklaeije litte. Se koenen him net sa bot opslute of hy koe der út komme. Doe't er ûnder tsjinst wie woarde er fuortjage. Sy koenen dêr neat mei him wurde. Hy krige oarder, dat hy moest om tolve ûre de stêd forlitte. De wacht moest melde as hy der wie. Doe gebeurde it eigenaerdige dat Imke der op...
nl.verhalenbank.25589
Ik ha faek heard dat se seinen: dy't op snein naeit en docht dat guod op syn stjerbêd oan, dy kin net stjerre.
Op 'e Hearrewei tusken Nyegea en Sumar spoeke froeger in frommes, dêr wienen in hiele bult lju bang foar. Hja wie alhiel yn 't swart klaeid.
Myn beppe, âlde Bouke Dootjes syn frou, dy lei op bêd, mar sy koe net weireitsje. It roan om 't lêste. Twa dagen lei se nei de siken to gapjen. "Is der ek hwat," sei buorfrou Jitske, "dat se op snein makke hat?" "Miskien wol", seinen se. Doe ha se yn al har guod in knip dien. Doe't dat gebeurd wie stoar beppe opslach.
Der wienen in man en in frou, dy hienen seis bern. It minske woarde siik en der kom in oare frou oer de flier dy't it wurk die. Dat wie in flink minske dy't goed op 'e frou paste. Mar al har goeije help mocht net bate. De frou stoar oan 'e sykte. Sy hie bigeard, dat it minske, dat har forsoarge hie, dat moest har klean ha. Mar dat die dy man net. Hy joech...
nl.verhalenbank.24556
Wy hawwe us by Hinke Kaert west yn Nijebrêge. Dat wie in kaertlizter. Wy wienen mei ús fjouweren, twa pearkes. Mar wy woenen har tofiter ha. Ik wie by de faem fan myn kammeraet en myn kammeraet wie by myn faem. Sa gongen wy dêr by har yn 'e hûs sitten. Hinke sei al gau: "Jimme sitte net goed. Elk heart op syn plak. Jimme kinne my net forrifelje." "Jo...
As der to Boelensloane in bern bitsjoend wie gongen se nei Frânse Hinke ta yn 'e Rottefalle. Dat wie in duvelbanster. Sy nommen in stikje klean fan it bern mei, meastal it mûtske. Hinke joech de lju in drankje mei, ek wol us in pod. De pod moesten se de berntsjes yn 'e klean binaeije. gaf ze die mee? Had ze padden in voorraad?
nl.verhalenbank.23501
Greate Anders Jelle, dat wie myn pake, die wie ek tige sterk. Hy loek achtsjin koer ierappels troch 't lân. Op in sneinemiddei sieten wy yn 't hôf. Doe sei pake tsjin heit: "Sjoch us, Jelle, ik gean op 'e knibbels lizzen. Nou mastû sjen datst my achteroer krije kinste." Heit hie in nij learen festje oan. Doe't heit it prebearre, krige er heit yn 'e siden...
nl.verhalenbank.23495
Het in minske op syn stjerbêd hwat oan, dat op snein naeid is, dan kin er net stjerre. Men mat dan in knip yn dat klaeijingstik dwaen.
Hynders hienen faek lêst fan nachtmerjes. Heit fortelde, oan 'e Dwarsfeart struiden se altyd kaf op 'e rêgen fan 'e hynders. 't Wie us gebeurd, doe hie de oare moarns de nachtmerje op 'e skerne stien, om de plúskes fan har klean ôf to sykjen. Hwant sy mocht neat meinimme. Klaes Boelens syn heit seach de nachtmerjes nachts foar 't glês oankommen, as er op...
Hy koe de froulju ek samar de klean ôfsakje litte. Dan stienen se neaken op 'e wei.
0