Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: kind vrouw Place of Narration: Opende
Op datselde plak, dêr't mem dat pleachbeest sjoen hat, dêr spoeke it altyd. Guon matte dêr wol us in berntsje sjoen ha. Dêr ha in man en in frou wenne, dy krigen rúzje mei elkoar en doe lutsen se elk oan in ein fan it berntsje. Sa ha se it útelkoar lutsen.
nl.verhalenbank.25949
Froeger woarden der faek bern bitsjoend. Wy hadden in old wyfke by ons wonen, die bitsjoende de kienders, werd der altyd segd. Jelle Tryntsje heette se, se was heel old. 's Oavends deed se in wit mûtske op en swarte klompkes oan en dan sei se: "'k Mat mar even nei Drachten ta." Dat dee se op 'e biezemstok.
nl.verhalenbank.26005
Us pake, âlde Jan Nijboer fortelde dat yn 'e Houtigehage, by de wyk wie ris in bern bitsjoend west. Doe hienen se wetter oerset en dêr nuddels yn dien. En dat wie bigoun to sieden. Doe wie der in frou by de doar kom en dy hie sein: "Och heden, set dy tsjettel der ôf, hwant ik ha sa'n pine!"
nl.verhalenbank.38013
Alde Rikele Myt wie in tsjoenster, dy wenne hjir yn 'e buert. Alde Sweitse hie in bern yn 'e bernewein. Doe kom der in greate grouwe swarte kat oan. Doe hat Sweitse dy kat mei de biezem oer de rêch houd. Alde Rikele Myt lei de oare deis mei de rêch kniisd op bêd.
nl.verhalenbank.23146
By ús pake en dy wie in bern bitsjoend. Sy joegen pake de rie, hy moest in tsjettel mei wetter siede en dêr nuddels yn dwaen. Doe gongen pake en dy nei Ritske Aeltsje ta. Dy fortochten se der fan dat hja de tsjoenster wie. Dêr sieten de doarren fêst. Hja hie hyltyd mar roppen: "Ik sil 't noait wer dwaen! Ik sil 't noait wer dwaen!"
nl.verhalenbank.25935
Myn suster wenne op 'e Heine-pôlle op Sevenhuzen, tsjin 'e Wylp oan. Dêr wenne ek in famylje Otter. Dy seagen in pleachbeest. Dêr flak by harren hûs wie in hage, dat wie de skieding fan in oar hiem. Dêr flakby hie it pleachbeest west. It âld minske en har soan Minse hienen molke fan dat oare hûs helje sild. Doe is dêr hwat oer dy hage hinne knoffele: in...
nl.verhalenbank.25711
Olle Wyberens Trien woonde in een old boufallig huus aan de bosweg. 't Olle wief kon tsjoenen. Wie woarn as kinderen der bang feur. Op in oavend gingen wy der weer langs. Wy woarn met sen drieën of vieren fan jonges. Se was toen sa'n fyfentachtich joar. "Sollen we har us uutrachen foar tsjoenster?" seiden we. Mar doe't we dat deedn haddn we der aan dat we...
nl.verhalenbank.25853
Alde Wytse Minne hat har eigen soan deatsjoend. Sy wenne yn 'e Parken. De minsken ha har jouns wol sitten sjoen as in swart protsje op 'e reed.
nl.verhalenbank.25954
35