Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: kind toverij Place of Narration: Opende
Rikele Myt wie in greate tsjoenster. Sy helle altyd wetter út 'e put by myn memme suster Trynmoai. Doe rekke it dochterke fan Trynmoai bitsjoend. 't Bern gûlde jouns altyd, dan hie 't stumper pine. Doe gong Japik-om nei de duvelbanner ta. Hy krige guod, dêr moesten de mem en it berntsje elk fan ynnimme. En it bern moest fan 't boarst. Doe frege Japik-om:...
nl.verhalenbank.19497
Froeger woarden der faek bern bitsjoend. Wy hadden in old wyfke by ons wonen, die bitsjoende de kienders, werd der altyd segd. Jelle Tryntsje heette se, se was heel old. 's Oavends deed se in wit mûtske op en swarte klompkes oan en dan sei se: "'k Mat mar even nei Drachten ta." Dat dee se op 'e biezemstok.
nl.verhalenbank.26005
Alde Jehannes Wyts fan Boelensloane wie ek in tsjoenster. Har dochter woun in bern oer. Doe kom dat bern by Wyts yn. Mar dat bern woarde siik en 't gong dea. Wyts hie 't bern deatsjoend.
nl.verhalenbank.38005
Us pake, âlde Jan Nijboer fortelde dat yn 'e Houtigehage, by de wyk wie ris in bern bitsjoend west. Doe hienen se wetter oerset en dêr nuddels yn dien. En dat wie bigoun to sieden. Doe wie der in frou by de doar kom en dy hie sein: "Och heden, set dy tsjettel der ôf, hwant ik ha sa'n pine!"
nl.verhalenbank.38013
Olle Wyberens Trien woonde in een old boufallig huus aan de bosweg. 't Olle wief kon tsjoenen. Wie woarn as kinderen der bang feur. Op in oavend gingen wy der weer langs. Wy woarn met sen drieën of vieren fan jonges. Se was toen sa'n fyfentachtich joar. "Sollen we har us uutrachen foar tsjoenster?" seiden we. Mar doe't we dat deedn haddn we der aan dat we...
nl.verhalenbank.25853
Der hat in bern fan ús bitsjoend west. As it op bêd lei dan gûlde 't en wied er krekt sa stiif as in planke. Mar as ik him der út krige, dan wied er slop fan it laitsjen. Ik sei: "Dit doocht net. It bern is bitsjoend." Doe gongen wy nei de duvelbander ta. Dat wie Antsje Snipel fan Boelensloane. Dy sei: "Jimme matte duveldrek ûnder 'e drompel lizze. Dan...
nl.verhalenbank.21104
Alde Wytse Minne hat har eigen soan deatsjoend. Sy wenne yn 'e Parken. De minsken ha har jouns wol sitten sjoen as in swart protsje op 'e reed.
nl.verhalenbank.25954
Tsjoensters wienen hjir froeger wol. Hja tsjoenden by oare minsken krânsen fan fearren yn 'e kessens. Bern mochten fan in tsjoenster noait hwat oannimme en opite. Krigen se in apel of sa en dy leinen se ergens del, dan foroare dy yn in pod. In pod is feninich. Hie sa'n bern dy apel opiten dan hie 't bitsjoend west. In tsjoenster foroare har wol faek yn in...
nl.verhalenbank.27994
35