Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: kind zoon Place of Narration: Drachten
Yn Drachtster Kompenije wenne in frou, dy hie yn in koartstondige tiid twa bern forlern. It minske sukkele sels. Twa bern hie se oerhâlden, in jonge en in famke. Doe wienen dy beide bern us oan 't boartsjen by 't sângat. 't Frommes dy't it my fortelde wie in suster fan dy frou. Hja hie tsjin dy suster sein: "Nou is dat sjesa. Ik bin hjir net lang mear....
nl.verhalenbank.25582
Myn broer hat as lyts jonkje bitsjoend west. Wy hienen in bakker, dat wie Sibbele Smit. Dy biseach him ris goed en dy sei tsjin mem: "Der geane forkearde egen oer dat bern. As ik jo riede mei gean dan nei Frânse Hinke yn 'e Rottefalle." (Frânse Hinke wie in duvelbander). Se nommen in smoarge doek fan myn broer mei. Hinke hat oanwizings joun. Hja joech...
nl.verhalenbank.33780
As ien lúskes krijt en hy is tige siik, dan giet er dea. It is mei ús skoanmem ek gebeurd, en sy hie noait lêst fan luzen, sy wie sa skjin as de brân. Hja hat us tige siik west, doe miende se dat se stjerre soe. Myn frou wie doe noch mar alve jier. Doe rôp se myn frou by har. Sy sei: "Ik ha hjir jild. Wolstû dat salang foar broerke biwarje oant dy great...
nl.verhalenbank.23019
Doe't wy us in kear yn Earnewâld leinen, rekke ik as lyts jonkje siik. Doe founen se trije krânsen yn 't kessen, dêr't ik op lei. De trêdde krâns wie noch net fol tsjoend, oars hie ik dea west. Mem hat de krânsen dea sean yn in koperen goatling. Dan gong de tsjoenster ek dea of sy krige in freeslike pine.
nl.verhalenbank.29302
Yn 'e Houtigehage wenne in húshâlding dy wie tige rûch. Dêr wisten se net fan fatsoen. De lytse jonge sei altyd, as er pisje moest: Mem ik mat mige! Op in kear soe doomny dêr op hûsbisyk komme. Dat wie fan tofoaren ôfpraet. Doe sei de mem tsjin 'e lytse jonge: "As doomny nou aenst komt en dû mast pisje dan mast net wer sizze: "Mem ik mat mige! Mar dan...
nl.verhalenbank.32911
Doe't ik sahwat seis à sawn jier âld wie, leinen wy us op in kear mei 't skip by de Lange Jammer to Bakkefean. De Lange Jammer dat wie in rige feanketen, dy't der nou allegear wei binne. Ik gûlde dêr alle dagen in healûre lang en yn dyselde tiid jammere ús hountsje oan ien tried wei en roan almar de warring yn 't roun. Heit sei: "Wy matte hjir wei, hwant...
nl.verhalenbank.29299
Yn Drachtster Kompenije wie in bern bitsjoend. De heit gong nei de duvelbander ta. By Rottefalle gong er de skeanpaden del. De duvelbander sei tsjin 'e heit: "Ja, 'k hie dy al forwachte. 'k Sil dy guod jaen." Doe krige er in drank. "Tink der om," sei de duvelbander, "ast nou aenst it skeanpaed fan 'e Rotfalle del giest dan komme der in pear allemachtich...
nl.verhalenbank.25566
35