Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: kind ziek Place of Narration: Houtigehage
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. It binne altyd moai lange katten, dik en grou. It binne gjin swarte en ek gjin bûnte, mar grauwe. As sa'n kat der op út is to tsjoenen, leit de tsjoenster stil en wezenloas op bêd. Dan is der gjin leven yn. In tsjoenster bitsjoent foaral bern. Ek wol froulju noait manlju. Hja tsjoenst krânsen yn 'e kessens, dêr...
nl.verhalenbank.24246
Jan Mulder syn frou (Janne Luts) wenne oan 'e Skoallewyk yn 'e Houtigehage. It wie in tsjoenster, tominsten, dêr gong se foar troch. Ritske van der Meer hie in jonge, Germ (dy wennet nou yn Limburch), dy jonge rekke siik. Janne Luts kom dêr in bult oer 'e flier. Dy jonge wie siik en bleau siik. Der wie neat oan to dwaen. Se hienen alle middels prebearre,...
nl.verhalenbank.28046
Ik ha in frou kend, dy hie in berntsje, dat gûlde altyd. Rikele Myt kom dêr altyd oan om to freegjen hoe let as it wie. Myt wie in bikinde tsjoenster. Doe tochten dy lju: "Us bern kin wolris bitsjoend wêze." Doe joegen se har de rie nuddels en spjelden to sieden yn in panne, dan kom de tsjoenster wol op 'e lappen. En doe wie 't èk sa. Rikele Myt kom by de...
nl.verhalenbank.25870
Us buorfrou, dat wie Ritske Aeltsje. Sy wenne op 'e Houtigehage. Dêr hie in berntsje bitsjoend west by harren. Doe gongen se nei 't boerke yn Eastemar. It boerke joech in drankje mei foar 't bern. Hy sei, de earste dy't foar de glêzen komme soe, wie de tsjoenster. Mar sy mocht it drankje net sjen. Doe't er thús kom hienen se de glêzen bihong en doe it...
nl.verhalenbank.25600
Jan van der Woude, syn broer, wenne yn Grinzer Pein. Dy hie in dochter Bintsje en dy wie siik. Sy seinen: "'t Berntsje is bitsjoend." Doe gong Jan nei Frânse Hinke ta, dat wie in duvelbanster yn 'e Rotfalle. Dy joech him in fleske guod mei. Sy sei, hy moest meitsje dat er dêrmei thús kom en foaral net òmsjen, hwant dan kom der ien, dy soe it fleske...
nl.verhalenbank.23726
Oan 'e Houtigehaechsterwyk wenne in tsjoenster. It wie Jan Mulder syn frou, Luts fan Ritske Ale. Njonken harren wenne in húsgesin, dêr wie 't jongste bern siik fan. 't Wie in jonkje. Dat woe net groeije, it tsjirme. 't Kin wolris bitsjoend wêze, seinen se en se gongen nei de duvelbander ta. Dy sei, hja moesten alles tsjuster meitsje yn 'e hûs, dat se...
nl.verhalenbank.37461
7