Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: kind jongen Place of Narration: Drachten
Heit fortelde us, dat der roan wol us in jonge mei him op nei 't wurk ta. Op in kear hie dy jonge ek wer mei him roan, doe hie dy jonge ynienen in freeslike pine krigen. Hy sei: "Ik gean werom." Heit woe wite, hwerom. Doe sei dy jonge: "Ik ha myn duveldrek net by my. En as ik dat net by my ha, dan bin 'k forlegen fan 'e pine."
nl.verhalenbank.33318
Greate Wopke fan Kûkherne wie in duvelbander. Mar 't wie ek in wûnderdokter. Ik wie in jonge fan alve jier, 'k wie altyd siik. Twa dokters gongen der oer my, dokter Visser fan Drachten en nòch ien. Mar 't joech neat. Doe gong heit mei myn wetter nei Wopke ta. "Kom, bist dêr al?" sei Wopke. "Lit my 't wetter mar gauris sjen. Dy jonge hat izersterke...
nl.verhalenbank.24823
Ik wie in famke. Wy wennen yn Visvliet. Heit moest der op út to slachtsjen. Buorfrou sei tsjin mem: "Dan kom ik joun by jimme." Wy krigen thé en doe't it al aerdich let yn 'e joun wie, kom heit werom. Hy hie 't slachtsjen dien. Doe soe buorfrou fuort. Wy wennen doar oan doar. Wy gongen mei nei de doar om even bûten to sjen. Doe sei heit: "Dêr is hwat."...
nl.verhalenbank.20859
Yn 'e Houtigehage wenne in húshâlding dy wie tige rûch. Dêr wisten se net fan fatsoen. De lytse jonge sei altyd, as er pisje moest: Mem ik mat mige! Op in kear soe doomny dêr op hûsbisyk komme. Dat wie fan tofoaren ôfpraet. Doe sei de mem tsjin 'e lytse jonge: "As doomny nou aenst komt en dû mast pisje dan mast net wer sizze: "Mem ik mat mige! Mar dan...
nl.verhalenbank.32911
Doe't ik sahwat seis à sawn jier âld wie, leinen wy us op in kear mei 't skip by de Lange Jammer to Bakkefean. De Lange Jammer dat wie in rige feanketen, dy't der nou allegear wei binne. Ik gûlde dêr alle dagen in healûre lang en yn dyselde tiid jammere ús hountsje oan ien tried wei en roan almar de warring yn 't roun. Heit sei: "Wy matte hjir wei, hwant...
nl.verhalenbank.29299
Yn Drachtster Kompenije wie in bern bitsjoend. De heit gong nei de duvelbander ta. By Rottefalle gong er de skeanpaden del. De duvelbander sei tsjin 'e heit: "Ja, 'k hie dy al forwachte. 'k Sil dy guod jaen." Doe krige er in drank. "Tink der om," sei de duvelbander, "ast nou aenst it skeanpaed fan 'e Rotfalle del giest dan komme der in pear allemachtich...
nl.verhalenbank.25566
As jonge wie 'k ris oan 't sinteklazejeijen. Doe kom ik ek by in tsjoenster. Dy joech my in klap. Ik stapte foarút, mar doe rekke ik mei de foet yn har stikkene jurk en doe lei ik samar op 'e rêch foar har. Dat wie in duvelskunst.
nl.verhalenbank.27764
35