Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
91 datasets found
Dutch Keywords: kind angst
Witbreuk: In 1839 Mevr. Wilderink: In 1938 vuur n oorlog a. Wit: Dat wet ik zoa nich, mer ik wet wa oons Lida was n joar of tien, mer zee begreep't ook a. Zoa klean at he was. Ja, no dat means kwam vaak bie oons en doe zeg ik: Doe koons wa vaker komn, doe hes gen keend of kuukn en ik zit in n rommel in, a'k nich vuur of achteroet kan en doe zeg ik: mer ik...
nl.verhalenbank.128604
Hja wenne oan 'e feart. As de bern op it iis rieden, by 't winter, foelen se altyd op it iis op it plak dêr't hja wenne. Alle minsken wienen bang foar har. Sy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.20562
Ik wie froeger in bulte by Ale Westra (= Aeltsje Schievink-Westra B65-14, 15, 16, 164) Dy har mem, âlde Ot dat wie in tsjoenster (Ale sèls giet der trouwens èk foar en har dochter èk). De minsken koenen har net bigripe hoe't ús mem it fortroude, dat ik kammeraetske wie mei Ale. Mar ús mem sei: "Der kin har noait hwat oerkomme, hwant sy hat in dûbelde...
nl.verhalenbank.21456
In suster fan my, doe't dat in fanke wie, hie se har foet forknoffele. Doe brocht ús mem har nei Oene Knoffelder ta. (Oene Kempenaar wie syn namme) Hy wenne yn Twizelerheide. Mem wie deabinaud foar him, hwant hy hie fan dy reade egen. Mem doarst him net oan to sjen. "Ik mat hwat reinwetter ha", sei er. Doe die er hwat fan dat kâlde wetter tusken tûme en...
nl.verhalenbank.23122
Spesiale gefallen fan al dy dingen wit ik net sa sear. Ik kin bygelyks net sizze: dat hat dy en dy doe en doe dêr en dêr bileefd. Mar ik wit wol hoe't it yn 't algemien tagong yn myn jonge tiid. Wy wennen yn Twizelerheide, oan 'e Swâdde. It wie och sa'n earme streek en doe allegear noch heide. De minsken wienen allegearre earm. Foar stammerige Harm wienen...
nl.verhalenbank.29816
Hil Murd fan 'e Sumarreheide wie in tsjoenster. Bern mochten net heal hwat fan har oannimme. Op in kear wie der in famke, dat krige in apel en in par fan Hil. It bern woe se mar gau opite, mar dat kearde har mem. Dy ûntnaem it bern de apel en de par en doe lei se dy yn in panne del. Se die it lid der op. De oare deis sieten der in grouwe pod en in kikkert...
nl.verhalenbank.30566
Froeger, doe't wy bern wienen, kom der in sekere Jan Hamstra by ús, dat wie in kolporteur fan boeken en bibels en kalenders ensa. Hy kom wol gau us by ús to jounpraten. It wie in froom man. Op in kear sei er: "Ik ha us hwat bileefd, dat woe 'k net graech wèr bileve. Hoewol, ik bin net bang. As ik yn Garyp sutele mei boeken, slepte ik dêr yn 'e koarte...
nl.verhalenbank.19335
Tol betalen? Van de Visserstraat loopt de Pot- en Pannesteeg naar de Hoekstraat. Daar stond op de hoek dat vervallen huis. Mijn opa heeft daar eens een glas-in-loodraam weggehaald en in zijn timmerhok gezet. Oma kreeg toen een vreselijke nachtmerrie. Ze zag dat een kind vermoord werd. Later hoorde ik dat lang geleden een kind vermoord was in dat huis....
nl.verhalenbank.47288
Heit fortelde ús froeger oer de roggemantsjes. Wy moesten net ûndogensk wêze en fral net yn 'e rogge komme, hwant dan pakte in roggemantsje ús. Sa'n roggemantsje hie mar ien eech, en dat siet flak boppe de noas. Syn kopke wie like hurd as in spiker. Sokke roggemantsjes dogge de bern neat, mar wolle har goeije dingen leare, dat se letter net wer ûndogensk...
nl.verhalenbank.17483
Myn âldste suster hie nou fiif en sauntich jier west. Hja wenne njonken it café fan Kielstra. Heit en dy hienen in krêbbe yn 't bêdsté, dêr sliepte ús Pytsje yn. Altyd om deselde tiid yn 'e nacht, tusken ien en twa ûre, bigoun it bern forskrikkelik to jammerjen en to razen. Se koenen har noait stil krije, sa angstich en sa binaud wie 't bern. Doe kom âlde...
nl.verhalenbank.21092
Ik wie in jonkje fan fiif jier. Myn âldste suster stie dea op ierde. Hja wie mei in stok op 'e holle deaslein ûnder 't boartsjen. Doe rekke ik útfanhûs nei de Lege Mieden ta tusken Jistrum en Skûlenburch. It wie in âld hûske. Ik lei dêr op bêd, doe kom der in greate houn by my op bêd. Ik waerd sa benaud, dat ik woe nei hûs ta. Sy brochten my der hinne....
nl.verhalenbank.23121
Heit sei tsjin ús, wy moesten noait midden op 'e wei rinne fanwege de lykstaesjes, dy't wol us passeare koenen. Ik ha my dêr hast altyd oan hâlden.
nl.verhalenbank.19861
As it jouns letter woarde seinen se tsjin 'e bern: "Bern, jim matte ek op bêd, hear, hwant aenst komt de nachtmerje.
nl.verhalenbank.38663
Heit en dy wennen op 'e Fjouwer Roeden. Sy hienen in jonkje, dat woarde siik. Sy woenen nei Greate Wopke ta to Kûkherne. Mar sy koenen it wetter fan it bern net meinimme, dêr wie 't noch to lyts ta. Doe nom heit it himdtsje fan 't jonkje mei. "Wite jo ried?" sei heit tsjin Wopke. Hy liet Wopke 't himdtsje sjen. Wopke biseach it en sei: "Der komt wolris in...
nl.verhalenbank.22161
As bern woarde ús forteld, as wy hwat opieten, dat in tsjoenster ús joech, dan krigen wy in pod yn 't liif. Om dy kwyt to reitsjen, moest men safolle griene sjippe en in stik of hwat spjelden en safolle wetter dêr op mei elkoar siede. Dan moest men dat focht dêr ôf dreagje. En dan moest men fan dat focht nou en dan hwat opdrinke. Men woarde dan bot...
nl.verhalenbank.21096
Der wie in boer dy hie in stik greidlân, dat lei gâns in ein fan hûs en sa hied er ek in stik bou, dat fierôf lei. It greidlân hied er in kuilbult op sitten. Op in kear stjûrde dy boer de feint dêrhinne om in foer kuil to heljen en as er dat op 'e wein laden hie, dan moest er even nei de bou ta ride en helje de cultivator op, hwant dy wie dêr stean bleaun...
nl.verhalenbank.28071
Us heit gong froeger op 'e jounskoalle yn Burgumerheide. Mei in keppeltsje jonges wied er ûnderweis nei skoalle ta. Doe seagen se dêr ûnderweis hwat stean oan 'e kant fan 'e dyk, dat mat sa freeslike raer like ha, dat alle bern fleagen fuort, sa hurd as se koenen. Mar heit stie alhiel forwezen, hy koe net in stap forsette, sa hie de skrik him topakken. Op...
nl.verhalenbank.19643
Als een kind met de blinde belie geboren was, waren ze vroeger in Benschop bang dat de dokter de helm meenam, stiekum en die verkocht aan iemand die naar Indië ging. Die persoon droeg hem op z'n hart en hij was kogelvrij. Zo'n kind werd dan een blinde baby, omdat die blinde belie niet begraven was. Hij wandelde 's nachts over het kerkhof. Hij zag ook een...
nl.verhalenbank.50902
Op Driemunt hâldde froeger in wearwolf ta. It wie in soart duvel. Hy is ûnderskate kearen sjoen woarn. Us mem sei: "Pas op, jonges, as de wearwolf jimme net to pakken krijt."
nl.verhalenbank.17526
As bern by de rogge kommen woarden se altyd warskôge: Pas op, kom der net yn, hwant dan pakt Antsje Pluk jimme. Antsje Pluk dy wennet yn 'e rogge.
nl.verhalenbank.15873
35