Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: kijken Place of Narration: Drachten
Yn 'e Rottefalle wenne Piter Scheper. Dy koe mear as in oar. Hy siet us by syn buorman yn 'e hûs en doe sei er: "Sjoch, al jou fé rint bûtendoar." 't Wie midden yn 'e winter en soks wie net mooglik. It fé stie op 'e stâl, mar de buorman seach syn fé ek tige dúdlik rinnen. Hy gong nei bûten ta, mar der wie neat to sjen. Alle fé stie op 'e stâl.
nl.verhalenbank.19678
As jy altyd yn 'e spegel seagen, dan soe de duvel jo de nekke omdraeije.
nl.verhalenbank.26933
Heit syn mem (Twizelerheide) hie de wask oan 'e line hingjen. Dy soe se by joun gau ynhelje. Mar doe sloech se de egen ynienen op in hiele greate houn, dy't lyk foar har stie. It beest wie sa great as in keal. Beppe koe fan skrik de egen noait wer ôfdraeije. Hja stie stokstiif en seach de houn mar oan. Doe't se even letter hwat bikaem en de egen even...
nl.verhalenbank.19319
Oan 'e Âld Wei to Drachten gong it by Bosma nachts altyd op in saegjen. Gong men der hinne to sjen, dan gebeurde der neat. Letter is dêr in skoalle kom. Wy hearden it altyd as wy op bêd leinen. Dan seinen wy: "Hea, der binne se wer oan 't saegjen." Mar yn werklikheit gebeurde it folle letter.
nl.verhalenbank.37911
Ús oer-oerpake wenne to Drachten oan 'e Dwarsfeart op 'e Ruterspôle. Hy wie noch frijgesel en hie net faek in faem. Op in kear sei er: "Nou wol 'k joun in faem ha, as wie 't de duvel ek." Doe't it joun wie doe kom der in hiel moai frommeske njonken him en dy roan mei him op. Hja wie klaeid alhielendal yn 't swart. It wienen prachtich-moaije klean dy't se...
nl.verhalenbank.30887
Dokter Visser syn frou sukkele altyd. Dokter koe har net better krije. Doe gong dokter op in kear mei har wetter nei greate Wopke ta. "Kom, binne jo dêr al?" sei Wopke. "Ja", sei dokter. "Lit my 't wetter fan 'e pasjinte mar ris sjen", sei Wopke. Doe't er dat sjoen hie, sei er tsjin dokter Visser: "Sjoch, it sit sa: Jo binne wol achter de kwael, mar jo...
nl.verhalenbank.24824
Op Boelensloane is 't us gebeurd, dat de frou op in joun gedomp hearde. 't Wie dúdlik to hearren dat der ien oan kom. Wy der hinne, mar der wie net ien by de doar. In ûre letter wie dyselde stap der wer. Doe wie dyselde der. 't Wie yn ús jonge tiid.
nl.verhalenbank.22931
Der wie ris in faem, dy tsjinne by in rike mynhear. Dy faem hie forkearing. Op in kear wie dy feint der ek. Dy jouns praetten se oer Adam en Eva. Eva hie sa nijsgjirrich west en hie dêrtroch de sûnde op har laden. De faem sei: "Soks soe ik nou noait yn 'e holle krije." "Né," sei har feint, "soks soestû noait in kear dwaen en kom dêr oan út...
nl.verhalenbank.27313
Der wienen twa sterke keardels - reuzen - oan 't graven mei in farwetter. Sy lieten de lodde even rêste en seagen achterom. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "A - krom." Dat hearden guon en doe krige it plak, dat dêr lei de namme Akkrom.
nl.verhalenbank.23629
Heit (Tseard Veenstra; byneamd Tseard Kuorke) en syn buorman Theunis Veenstra wennen yn Boarnburgum. Op in nacht let wienen se oan 't murdzjen. Doe kommen se by in plak, dêr gong it drok op in timmerjen. Dêr wenne in timmerman. "Hark," sei heit tsjin Theunis, "dêr sil noch wol ûnforwacht ien stoarn wêze, dat se dêr in deakiste meitsje sa let yn 'e nacht."...
nl.verhalenbank.18127
Myn skoanheit wenne op Oerterperfallaet. Hy hearde us in kear in lûd dat út 'e feart wei kom. Hy gong der hinne, mar der wie neat to sjen. In skoft letter is dêr ien fordronken. Dat lûd hat de foarboade west.
nl.verhalenbank.19855
Hinse Beest Hinse kaam in kear by ús heit te jûnpraten. It wie al in âld man en doe wenne er op it Heechsân. Midden yn 'e nacht brocht heit him wer nei hûs. Se wienen by de pleats foar de Herfoarme tsjerke. Se stapten der foar lâns en it wie allegear tsjuster. Doe sei Hinse tsjin heit: 'Och heden, hjir moat ek in ko kealje, mar it liket allegearre goed....
nl.verhalenbank.13000
Us heit is us in kear tsjin ien oanroan op 'e Berchloane hjir yn Drachten. 't Wie yn 'e nacht. Heit woarde bot kjel, mar dy oare hielendal net. It wie ien, dy wie útsûnderlike lang. Heit moest in hiel ein omheech sjen, woed er it gesicht observearje. Heit koe net gewaer wurde of it in man of in frommes wie mar it wie in hiel lang wezen en 't sei neat,...
nl.verhalenbank.19313
Yn 't Barrahûs gebeurde it faek, dat minsken dêr ûnderdak krigen foar de nacht. Op in joun kom dêr ek in frommes yn. It wie in fremd frommes, dat se net koenen. Ien fan 'e mannen, dy't dêr ek sieten, wie in soldaet. Dy soe dêr dy nachts ek sliepe. Doe't er in pear kear nei dat frommes sjoen hie, tocht er by himsels: bistû eins wol in frommes? Hy gong...
nl.verhalenbank.37818
35