Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: kerk Place of Narration: Opende
Flak by de grote kerk bij 't groene kruis-gebouw de weg in woar nou Nijboer woont, doar stond froeger in ploatske. Verder was der niks. De reed is in hiel ein achteruut. Het boereploatske stond doar eensoam en ferloaten. 't Was doar toen nog allemoal heide. Nou is der in wegje, dat was der toen niet. Mem het foak forteld hoe it doar in dat ploatske goan...
nl.verhalenbank.26869
It wie yn Grinzer Pein. Ik en myn earste man kommen op in jountiid út it tsjerkje. Wy kommen fan 'e sangforieniging. 't Wie tsjuster. Ynienen stienen wy yn 't folle ljocht. Wy gongen nei heit en dy ta. Dêr fortelde ik hwat wy sjoen hienen. "Hwat soe soks nou bitsjutte?" frege ik. Doe sei heit: "Moarn sil ik jimme fortelle hwat jim sjoen ha." De oare...
nl.verhalenbank.23132
Oan 'e Keale wei stienen yndertiid noch gjin huzen. Myn âlde buorman Taeke Struiksma gong altyd nei Burum nei tsjerke. Dêr kom er wei. Dat wie sa'n ein rinnen, dan gong er yn 'e nacht al op stap. Hy fortelde: "Doe't ik op in nacht omtrint oan 'e Keale Wei ta wie, doe roan ik mei de holle tsjin in keale muorre oan. Letter stie op dat plak it hûs fan Arend...
nl.verhalenbank.26895
Boardzer Bruining fan Houtigehage wie de man dy't geregeld lykstaesjes seach. Mar hy seach ek allegearre oare dingen foarút. Sa sei er, dat hy hie sjoen dat de tsjerke yn in bioskoop foroarje soe. Dat wie de tsjerke fan Luchtenveld. Mar dat is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.38011
Klaas Kooistra ging op een sondagmorgen it heideveld in om stenen te dollen. Dat deden de arme mensken hier froeger allemoal. Se moesten aan de kost komen. Die stenen werden fijngehouwen en ferkocht. Doar vindt Kloas in stien, die wil hy der uut dollen. Met de boar. Doe is er doar met oan de gang, doe siet er us wat in de ronde, en doe sicht er doar twee...
nl.verhalenbank.25856
Oan 'e Suder Dwarsfeart to Drachten wenne âlde Teatske. Dy wie tige ryk. Teatske is op in rare menier oan 'e ein kom. Sy is sahwat forhongere by de oerfloed. Hja hie sa'n jild yn 'e kelder, dat sy meat de gounen en de ryksdaelders mei de fiif-kop. Doe't Teatske stoar hie se alles oan 'e tsjerke tamakke. Mar dat is net earlik om en ta gong. Der woarde in...
nl.verhalenbank.25714
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane hat foarspeld, dat it tsjerkje fan ds. Overdyk op Luchtenveld, dêr komt skielk in bioskoop foar yn 't plak. Boardzer is mei de helm geboaren, dy kin 't wite.
nl.verhalenbank.25994
Alde Hindrik Pikelhearring koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Ja, hwat koed er net! Hy wenne yn de Pein. Hy roan mei sinaesappels by de streek lâns en sa kom er ek us in kear by ús. Mar wy hienen 't tige krap en sinaesappels mochten ús net barre. Mem sei tsjin him: "Kom der mar yn, dan krije jo in bakje kofje. Mar ik kin neat fan jo keapje."...
nl.verhalenbank.21110
Yn Houtigehage wenne in man mei in soan fan achttsjin jier. Dy man wie tsjerks. Alle sneinen gong er mei de jonge nei tsjerke. Ik sei dy moarns tsjin 'e buorliuwe: "As er dy feint nou thús bliuwe liet, hâldde dy jonge syn leven. As er him meinimt nei tsjerke, dan is 't de dood." En dat is dy heit ek oerbrocht woarn, mar hy woe der neat fan witte, hy naem...
nl.verhalenbank.24120
Der is my wolris forteld woarn dat guon al orgelmuzyk hearden op it plak dêr't letter de tsjerke kaem to stean.
nl.verhalenbank.37575
Yn 'e Rottefalle, by de âld tsjerke spoeke in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.24131
Yn Slappeterp drage se de tsjerke alle jounen nei binnen ta (yn in skuorre of sokssahwat).
nl.verhalenbank.23475
Der wie in man, dy mocht sneins graech fiskje. Op in kear siet er to fiskjen by de Keale wei. As de tsjerke moarns út wie, mocht doomny graech in kuijerke dwaen. Sa kom er by dy fisker. "Fangt it hwat?" frege doomny. "Ja, bêst", sei de fisker. Doomny sei: "Sa fisket elk op syn manier. Ik fiskje om minsken yn tsjerke to krijen en jo om fisken to fangen....
nl.verhalenbank.23476
35