Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: kerk Place of Narration: Boelenslaan
Reade Kees en Gjert woenen ris ien bangmeitsje. Dyselde moest by de tsjerke yn Drachtster Kompenije lâns. Doe gongen se boppe op elkoar tsjin 'e muorre fan 'e tsjerke oan stean mei in wyt lekken om har hinne. Doe't dyselde dêr lâns kom, sei er: "Ik ha wolris twa boppe op elkoar sjoen, mar noch noait trije." Doe woarde dy ûnderste sa binaud, dat hy sprong...
nl.verhalenbank.36102
Guon dy't in forboun ha mei de duvel, dy binne kûgelfrij. Sokken ha ek in wikseldaelder. Om dy to krijen matte se nei de ien of oare tsjerke ta - ik wyt net krekt hòkker tsjerke. Dêr matte se in kear of hwat om hinne rinne mei in kat en dan matte se troch de doar roppe: "Kat forkocht! Kat forkocht!" Dan komt der in hân om 't hoekje fan 'e tsjerkedoar. Dy...
nl.verhalenbank.17734
By Utrecht leit in doarpke, dêr sûpten de minsken hiel bot. Doomny preke dêr elke snein oer en dat kom dy minsken dêr to slim oan. Sy woenen him wol slite. It folk woe him oanpakke. De tsjerke gong út. De âlderlingen seinen: "Doomny mei hjir wol bliuwe, 't komt net goed. Sy wolle doomny oanpakke." Mar doomny sei: "Elia forsloch 50.000 man." Hy gong fuort...
nl.verhalenbank.21723
It kanael tusken Warten en Wargea is troch twa reuzen groeven. Doe't er oan Wargea ta wie sei de iene: "Ik bin warch." Doe lei er syn earmen op 'e goate fan 'e tsjerke om út to pûsten. De lju dy't it hearden ha doe dat plak Wargea neamd.
nl.verhalenbank.17043
To Westerhorn yn Grinslân stie in boereplaets dwars by de wei lâns. Dêr yn dy plaets wie 't net plús. It spûke dêr alle nachten. Twa geasten dwaelden dêr om en de boer, dy't op dy plaets wenne hie dêr in great hekel oan. Hy koe der min oer. Hy sei tsjin syn buorman: "Ik ha sa'n lêst fan dy spûkerij, wytstû dêr ek ried op?" Hy wist dat dy buorman gjin...
nl.verhalenbank.17637
Ik kom ris yn 'e nacht Houtigehage del. 't Wie oeral donker. Se wienen oerdeis mei in nij tsjerkje oan 't bouwen. Dan gong it drok op in timmerjen. Mar ik hearde dêr dy nachts klear dat se mei balken en planken oan 't smiten wienen. It bounze der oer.
nl.verhalenbank.25322
De biskop Bommen Berend koe net bêst mei syn folk oer de wei. Hy hâldde syn mieltiid altyd boven yn 'e toer fan 'e tsjerke. Doe is 't gebeurd, dat syn eigen folk op him skeet. Sy skeaten der boven yn 'e toer de fiskpannen foer him wei. Doe waerd it him to kras. "Nou 't myn eigen luzen my bigjinne to biten," sei er, "nou wurdt it tiid, dat ik de bizen...
nl.verhalenbank.17401
Toukesnijers Aldeboarn dy soe in nije tsjerke ha. Mar doe woe er de heechste toer bouwe, mar dêr gean se nei Tsjom ta en dêr mjitte se de toer, mar sy geane yn e herberge [yn 't kafé] en hwat dogge de Tsjommers? Dy snije in ein fan 'e line ôf. En sy bouwe de toer yn Aldeboarn en doe wie dy safolle meters koarter as yn Tsjom en dêrom hat de Tsjommers de...
nl.verhalenbank.31776
Wy wennen yn Feansterheide. Op in joun gong ús heit mei ljochtmoannewaer nei tsjerke nei ds. Pekelharing fan Surhústerfean. Dat wie in ein rinnen. Der kaem hwat achter him oan. As heit stean bleau, bleau dat oare ek stean. Heit koe 't net kwyt wurde. 't Like op in greate, grouwe swarte houn. 't Gong mei heit oan tsjerke ta. Doe hat er 't net wer sjoen.
nl.verhalenbank.37777
35