32 datasets found
Dutch Keywords: kat Place of Narration: Opende
By Ate Meter dêr wie altyd in grouwe, swarte kat om 'e doar hinne. Ate hie 't net op dy kat stean. Hy hie al in pear kear prebearre der in raem op to dwaen, mar hy koe him noait ûnder 'e hân krije. Op 't lêst hied er goed oppast. Doe't de kat der wer oankom hied er in dikke kneppel yn 'e hân, doe die er de doar fluch iepen en sloech ta. Hy rekke de kat....
nl.verhalenbank.25988
Ienkear haw ik in pleachbeest by my hawn. 't Like op in swarte kat. Us mem gong altyd nei de feestjes mei de koekjestromp. Op in kear kom ik mei har werom fan De Pein. 't Wie ljochtmoannewaer. Doe wie der in swart beest achter ús, net greater as in kat. 't Bleau ús hyltyd mar folgjen en 't wie flakbij. Ik skopte der op. Mar 't bleau by ús. In hiel ein hat...
nl.verhalenbank.27146
Alde Rikele Myt - ek faek Mytsje-muoi neamd - wie ek in tsjoenster. Dy wenne op 'e Skieding. Jouns wie se altyd op in paed. Dan foroare se har yn in kat. Op in kear kaem se sa ris wer by minsken. Mar de man hie har yn 'e rekken en sei: "'k Sil dy wol helpe." Doe sloech er in spiker yn 'e ein fan in stok. "As se nou wer komt, dan krijt se der fan", sei er....
nl.verhalenbank.32011
Us heit wie hynstekoopman hjir yn Grinzerpein. Sierd de Vries en syn frou Wytske wennen hjir ek. Hja kamen wolris by ús om in hynder to keapjen, dan kaem Wytske mei en dan bleauwen se by ús to jounpraten. Se hienen fjouwer bern: Jelle, Ielkje, Foppe en Evert. As it hwat letter waerd, sei Wytske: "Wy matte wer nei hûs." Dat wie om Foppe, in lytse, bleke...
nl.verhalenbank.32010
Doe't wy to Grins wennen kom der us in âld minske fan Rotterdam by ús. Dy wie katholyk. Dy fortelde ús, njonken har hie in jonge frou wenne. En dêr wer njonken wennen twa ûngetroude froulju. Dat wienen tsjoensters. Dy wienen nachts op in paed. Dan wienen se alhiel yn 't swart mei greate kleden om har hinne. Ien fan dy froulju stie us op in nacht foar 't...
nl.verhalenbank.25967
Tsjin rimmetyk droegen se hjir in sekje mei swevel op it boarst. Ek wol smoarge wolle op it plak dêr't it siet en ek wol it fel fan in wylde kat.
nl.verhalenbank.16138
De tsjoensters koenen har yn katten foroarje. As katten hâldden se in forgadering. Dan sieten se yn 'e rounte. Ien wie de oanfierder, dy liedde de forgadering, dat wie de baes. Sy songen in soart psalm.
nl.verhalenbank.27537
Tsjoensters foroarje har yn katten. Dy katten forgaderje wolris.
nl.verhalenbank.26007
Yn Grinzer Pein hawwe se alris in kat slein en doe hie in âld-minske, dêr tichteby, de oare deis in seare earm.
nl.verhalenbank.26991
In tsjoenster foroare har yn in kat. Sa'n kat gong altyd ta de skoarstien út.
nl.verhalenbank.26990
De mem Janne learde op dat stuit har dochter Luts it fleanen. Janne koe har yn in kat foroarje. Se ha ris in kear op in fremde kat smiten en dy mei in klomp rekke. Doe wie de tsjoenster de oare deis kreupel. (dat waerd fan Janne forteld.)
nl.verhalenbank.38002
Alde Rikele Myt wie in tsjoenster, dy wenne hjir yn 'e buert. Alde Sweitse hie in bern yn 'e bernewein. Doe kom der in greate grouwe swarte kat oan. Doe hat Sweitse dy kat mei de biezem oer de rêch houd. Alde Rikele Myt lei de oare deis mei de rêch kniisd op bêd.
nl.verhalenbank.23146
In de Parken woonde een old minske en doe hadden se op in kat skoten. De volgende dag hat dat old minske in sear oog had. Dat was de kat.
nl.verhalenbank.27321
Tsjoensters foroaren as katten op in stik greid. Dêr woarde dan bisprutsen hwat se dwaen soenen.
nl.verhalenbank.38015
Op 'e Sanden yn Grinzer Pein wenne in man dy wie tige rûch yn 'e mûle: Durk Wonderman hiet er. Dy sei, hy wie foar gjin duvel bang. Op in kear, doe hied er to jounpraten west. Doe't er op 'e weromreis wie nei hûs ta fornom er dat der hwat achter him oan kom. Dat siet him op 'e hielen. 't Wie him tsjin 'e hakken oan. Hy woarde deabinaud. Doe't er omseach...
nl.verhalenbank.27487
Rikele Myt wenne hjir, dat wie in tsjoenster. Mem fortelde: "Us Gosse hat us in kear twa apels fan har krigen. Mar ik sei: - Dy ytstû net op, hear - Ik die in kop oer elke apel hinne. De oare deis siet der ûnder elke kop in pod." De minsken wienen bang foar Rikele Myt. Hwant as ien in fette baerch hie, en Myt kaem der by, dan struts se mei de hân oer de...
nl.verhalenbank.16125
Doe't Biesterveld yn Drachten barbier wie, treau er in kat yn 'e kachel. Sa'n wreden hond wie it! Yn 'e gefangenis hat er in horloazje makke. Hy koe wol hwat!
nl.verhalenbank.26030
As eksters skatterje yn in beam by hûs, dan giet der ien dea. As de houn spoekgûlt giet der ek ien dea. As de kat him wasket, komt der bisite.
nl.verhalenbank.16126
Olle Bearn van der Woude het us op in freemde kat skootn. Hy roakte him ook. Moar 't was olle Jelle Tryntsje. Die had de folgende dag rode en blauwe plekken oan 'e hals.
nl.verhalenbank.26009
Froeger wienen der ris minsken oan 't sângraven. Alle Beima wie dêr ek by. Doe kom dêr in hiele grouwe kat en dy gong by harren sitten. Alle krige it gewear en skeat him. De oare deis hie âldere Rikele Myt it eech út 'e holle hawn. Hja hie har yn in kat foroare.
nl.verhalenbank.26814
35