Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: kat toverij Place of Narration: Drachten
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Pake en beppe wennen op 'e Noarder Dwarsfeart. In broer fan pake, dat wie Geart Schriemer, dy wie bitsjoend. Hy wie sa siik as in houn en trille fan 'e koarts. Der wie altyd in dikke swarte kat by harren yn 'e buurt en dy hie pake yn 'e rekken. Dat wie de tsjoenster. Pake hie al in pear kear in raem op dy kat...
nl.verhalenbank.19863
Jehannes Wytske wie in tsjoenster yn 'e Houtigehage. Tije Luts wie ek in tsjoenster. Dy koe har foroarje yn in kat. In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.22924
Op 'e Tike, by Rypke en At wienen de bern al ris bitsjoend. De tsjoenster wie âlde Piters Hindrikje, dy wenne ek op 'e Tike. Dy koe har yn in kat foroarje en hja koe troch 't kaeisgat hinne. Sa kom se by de minsken. De bern dy't se bitsjoend hie hienen krânsen fan fear yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.33035
Yn 'e Houtigehage, oan 'e Skoallewyk wennen in mem en in dochter, dy koenen beide tsjoene. Sy fleagen samar even togearre oer de wyk hinne. Sy foroaren har soms yn katten. Op in kear sieten mem en dochter elk oan in kant fan 'e wyk. Sy wienen drok oan 't kreauwen en fechtsjen. Doe wienen 't beide katten. De oare moarns wienen mem en dochter beide gewond....
nl.verhalenbank.27517
In tsjoenster foroare har wolris yn in kat. As katten forgaderen se wol. Dan songen se meimankoar. Sy rekken sa'n kat wolris. Dan wie der de oare deis in âld-wiif skeind. Dat wie de tsjoenster dan.
nl.verhalenbank.27763
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Yn Feansterheide wenne in tsjoenster. Der wienen minsken dy hienen in poppe, dy gûlde de hiele nacht. De mem sei: "Dat docht dat âlde wiif." Doe sei de heit fan it bern: "Ik sil der achteroan." Doe gong er nei de wente fan 't âld-wiif. 't Wie yn 'e nacht. Sy siet yn 'e doar op 'e drompel. Hja hie twa katten by...
nl.verhalenbank.23500
Wy wennen froeger op 'e Feansterheide. Alde Jiske Wyts wenne flak achter ús. Dat wie in tsjoenster. Dy woe ús as bern altyd graech oanhelje, mar dat mocht net, dêr warskôge heit ús altyd foar. Us Antsjemoai woarde siik. Der kom wol us in dikke kat by ús. Doe't dy der wer us wie, krige heit de tange en sloech him dêr mei. Doe hie dy kat in brutsene poat....
nl.verhalenbank.25212
35