Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen.
Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei.
Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
Yn 'e Houtigehage, oan 'e Skoallewyk wennen in mem en in dochter, dy koenen beide tsjoene. Sy fleagen samar even togearre oer de wyk hinne. Sy foroaren har soms yn katten. Op in kear sieten mem en dochter elk oan in kant fan 'e wyk. Sy wienen drok oan 't kreauwen en fechtsjen. Doe wienen 't beide katten.
De oare moarns wienen mem en dochter beide gewond....
nl.verhalenbank.27517
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Wy hienen froeger ien by ús, dat wie Rikele Myt, dy koe spoekje.
Ien wie troud mei in dochter fan Myt. Dat wie in evenredige keardel, dêr't alhiel gjin kwea by siet.
Dy sei fan Myt: "Dat wiif - ik haw har it eech út 'e kop slein. Ik siet to matteweven by de spitmuorre. 'k Siet yn 'e hûs. Ik tocht: - hwat in...
nl.verhalenbank.25406