Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: kant Place of Narration: Opende
Se seinen froeger algemien: noait midden op 'e wei rinne, hwant der kin ris in lykstaesje oankomme dy't men net sjocht. Dan wurde jo samar oan kant reage.
nl.verhalenbank.27998
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Op in kear kom der ien by him, doe wie er oan 't ploeijen. Dy man frege Hearke hwer't dy en dy wenne. Doe hie Hearke de ploege mei ien hân optild en earst de iene kant útwiisd mei de ploege. Dêr wenne dy, hied er sein, en doe hied er mei de ploege de oare kant útwiisd en sein hwer't de oare wenne.
nl.verhalenbank.26299
Jan de Haan en syn suster wienen beide ongetroud. Sy wennen yn Surhústerfean. Op in kear wienen se togearre to jounpraten nei Durk van Dellen, dy wenne ek yn Surhústerfean. Sy moesten in âlde sânreed del om dêr to kommen. Doe't it al acht ûre wie, doe wie 't noch hast dei. Doe hie Jan syn suster sein: "Ik gean nei hûs ta, ik fiel my net sa lekker." Jan...
nl.verhalenbank.26893
In minske mat op 'e joun en yn 'e nacht moait midden op 'e wei rinne. Alde Popke Albertsje hat it al ris dien. Doe kom der in lykstaesje oan en doe is sy smiten woarn.
nl.verhalenbank.25959
It koe gebeure dat der nachts lykstaesjes ûnderweis wienen. Dan woarden de minsken dy't se passearden samar fan 'e wei ôfgoaid. Men mat altyd oan 'e kant rinne, noait op 't midden fan 'e wei.
nl.verhalenbank.26993
Froeger gebeurde 't noch wolris dat de minsken yn 'e nacht lykstaesjes seagen. Heit sei: "Altyd oan kant gean. Fral tusken 12 en 1 ûre yn 'e nacht is de gefaerlike tiid." Gong men net oan kant, dan koe 't gebeure dat men oan kant set woarde. Dat is in feint oerkaem. Dy kom fan Boelensloane en hy soe nei de faem dy't oan 'e Drachtster Dwarsfeart wenne. Hy...
nl.verhalenbank.38001
It is hier is gebeurd op in oavend, dat der in man over de weg liep. Die man liep gewoon midden op de weg. Toen kwam der in lykstaasje an en toen is-ie een heel eind smeten.
nl.verhalenbank.25894
Ik sjoch in lykstaesje altyd fan fierrens al oankommen. Men mat dan beslist oan kant gean yn 'e barm. Dan geane se jo foarby. As men se gjin paed lit en men bliuwt midden op 'e wei, dan wurdt men oan kant smiten. Ek deselden dy't de lykstaesje net sjogge wurde dan oan kant reage.
nl.verhalenbank.24179
Men mat noait midden op 'e wei rinne. Dan kin men samar oan kant reage wurde. Hwant dan rinne je yn 'e wei. Der kin in lykstaesje wêze.
nl.verhalenbank.19513
By nacht mat men noait midden op 'e wei rinne. Oars wurdt men gewoan oan side drukt.
nl.verhalenbank.23463
35