Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: kant lijkstoet Place of Narration: Drachten
Twa man fan 'e Boelensloane hienen mei de karre mei hinnen nei Ljouwert ta west. Dy hinnen hienen se op 'e merk to jilde makke - 't wie op in freed - en se hienen der wer smoar foar kocht. Dat kochten se op 'e merk. De oare deis - saterdei - soenen se it togearre útsutelje. Doe't de beiden ûnderweis wienen fornommen se dat der hwat oan komme moest, hwant...
nl.verhalenbank.29383
Noait midden op 'e wei rinne by joun, seinen de minsken froeger altyd. Ien fan 'e Dwarsfeart roun ris mei syn maet midden op it paed. Doe sei syn maet: "Even oan kant, even yn 'e berm." It duorre even, doe sei er: "Gean nou mar wer op it paed. Der gong ús nyskes in lykstaesje foarby; dy is ús nou al passeard."
nl.verhalenbank.37144
Der woarde ús as bern al yndruid: tink der om, rin nachts noait op 't midden fan in paed, mar altyd op 'e kant. Hwant oars kinne jim oan kant reage wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29385
Bearn van der Woude kom op in saterdeijoune út 'e winkel wei. Hy wenne yn Driemunt, yn in âlde woanwein. Underweis woarde er samar fan 'e wei ôfslingere en oer in sleat hinne goaid. Dêr hie in lykstaesje west. Hy hat it my sels forteld.
nl.verhalenbank.26114
Rin noait midden op 'e wei by joun of by nacht, oars kin men troch in lykstaesje oan kant reage wurde.
nl.verhalenbank.27523
Lubbe van Duinen fan 'e Grinzer Pein sei: "Rin nachts noait midden op 'e wei, hwant dan kinne jo tsjin in lykstaesje oprinne." Ik wyt ek noch dat er ris sei: "Der hat ek wer in houn sa spûkgûld. Der komt wer in sterfgefal."
nl.verhalenbank.27490
Hindrik de Zwart wennet nou oan 'e Mûzegroppewei yn 'e Rotfalle. Hy en myn broer Germ kommen togearre de Mûzegroppewei ris delkuijerjen. 't Wie op in joun. Sy wienen sahwat ta oan it plak dêr't Sytse Batema formoarde is. Doe sei Hindrik tsjin Germ: "Dû mast rûmte jaen. Even fan 't fytspaed ôf. Der komt in lykstaesje oan." Sy stapten beide oer de groppe....
nl.verhalenbank.26155
Wykstra fan Tolbert trof ik us in kear by Meint de Boer yn 'e kroech to Mearum. Wykstra fortelde: Ik wie forline wike mei in maet op stap. 't Wie al let op 'e joun. Ik roan midden op 'e wei. Myn maet sei tsjin my: "Kom dêr wei, Wykstra, hwant der komt in lykstaesje oan." Ik gong net fan 'e wei, mar roan troch. Dêr liz ik - God help my - yn 'e sleat. 'k...
nl.verhalenbank.26069
It gebeurde wol dat lju yn 'e nacht samar oan kant set woarden. Dan passearde der in lykstaesje, waerd der sein.
nl.verhalenbank.33704
35