Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
215 datasets found
Dutch Keywords: kaart
By Nicolai oan 'e Wedze by Twizel stjûrden se ris in kear Skoppenboer fuort om in flesse drank. Sy dienen twa kaerten yn in blikken buske. Earst moesten se 't Opperwezen forwinskje. Ien sei sokssahwat as: 't Kin my neat fordomme, hoe't it giet, Skoppenboer hellet in flesse drank op. Boven op it buske skreauwen se hwat. Hwa hellet it? waerd der frege. Ien...
nl.verhalenbank.16991
Minse Griper wie troud mei Tryn Snipel. Tryn wie kaertlizter. Minse koe mear as in oar. Hy koe samar in flesse drank yn 'e hûs komme litte. Hy stjûrde skoppenboer fuort en dan moest in oar de flesse drank oannimme. Op in kear doarst dyselde dat net dwaen. Doe sweefde de flesse mei drank hyltyd mar om 'e lampe hinne. Doe hat dy man him op 't lêst...
nl.verhalenbank.17669
Er waren verschillende rijmpjes op Thomas en Klare: Wat is die Thomas een zotte vent, wat mag die vent hem schamen. Pekelharing heeft zelf gezeid dat Klare, die moest kramen. Een ander rijmpje was: Thomas Klare, wat ben je mager, Thomas Klare, wat ben je vet. (dit werd te Houtigehage gezongen) Weer een ander rijmpje, dat eveneens gezongen werd: Als Thomas...
nl.verhalenbank.17641
By 't Foarwurk yn 'e Westerein stie froeger in herberch. Dat wie de Hossebos. Dêr gong 't altyd op in kaertspyljen. Sy stjûrden dêr skoppenboer fuort om in flesse jenever. Dy flesse jenever kom èk. It wie de duvel, dy't him brochte.
nl.verhalenbank.21536
Yn 'e buert fan Stroobos is 't us gebeurd, dat in ploechje folk yn 'e kroech siet. Doe stjûrde ien fan dy mannen in kaert fuort. Dat wie skoppenboer. Sy hienen kaertspile. Dy kaert joech er oer om 't hoekje fan 'e doar. Doe kom der even letter in flesse drank oansweven. Hy sweefde boppe de tafel om. Deselde dy't de kaert fuortstjûrd hie mocht him net...
nl.verhalenbank.22956
Mei skoppenboer koenen guon in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.29368
Imke de Jong kaem stéfêst op Drachtstermerke. Op in kear hied er kaerten yn 'e hân. Yn 'e foarm fan in koker hied er se yn 'e fûst. Doe sei er: "Skoppenboer, kom der út!" De kaert stoude wit hoe fier fuort út syn hân wei. Sa kommandearde hy de iene kaert nei de oare. Allegearre gehoarsamen en fleagen ien foar ien in ein fuort.
nl.verhalenbank.25591
Vier vrouwen wouwen uit wandelen gaan al in de klaverweide. Daar zagen ze vier ruiten staan. De boeren kwamen erbij. De boeren wouwen met schoppen graven. Schoppen wouwen de heren plagen. De heren lachen van harte zo blij. Toen kwamen de vier advokaten erbij. (rijmpje bij 't kaartspelen)
nl.verhalenbank.33245
Ik haw wolris fan guon heard, dy't in flesse drank komme litte koenen troch in spylkaert (skoppenboer) wei to jaen.
nl.verhalenbank.34502
It gebeurde wol dat guon yn 'e kroech sieten en de drank rekke op. Dan lieten se in flesfol drank komme. Dy sweefde boven de tafel om. Dan moesten se earst in spylkaert fuortstjûre.
nl.verhalenbank.25357
Guon stjûrden skoppenboer fuort. Dan stie der even letter in flesse drank op 'e tafel mei de kaert der oan.
nl.verhalenbank.20788
Fan heit en dy ha 'k wol heard, dat der wienen froeger wol minsken dy lieten in spylkaert út gean. Dy moest in flesse drank ophelje. Mar o wé, sei heit, as se dy flesse mei drank net oankrigen, dan kommen se der net levend foarwei.
nl.verhalenbank.15874
Troch bimiddeling fan skoppenboer kin men in flesse jenever komme litte. Dat is jenever fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.22996
Der wienen guon dy koenen mei in spylkaert (skoppenboer) in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.27805
Der binne guon, dy kinne wiersizze. Ik wyt dìt der fan. 't Wie yn 'e krisisjierren. It wie in minne en nuvere tiid. Us heit wie op 't sûkerfabryk, dy hie wurk. Klaes wie in maet fan my. Dy woe wol mollefange, mar hy hie net in houn. Myn broer sei: "Kinst wol sinten fan my krije foar in houn", mar dat woe Klaes net. Hy sei: "Ik wol de sinten sels...
nl.verhalenbank.25579
As der in spylkaert ûnder 't kaertspyljen foel moest men dy net opkrije, hwant dan koe 't wêze dat de duvel jin de kop omdraeide.
nl.verhalenbank.36505
[Verteller sleept met een stuk ketting] Hoe zijn jullie hier het park binnengekomen? Via het bruggetje of via het park? [Publiek geeft antwoorden] Hebben jullie gezien dat daarachter één of ander heel vies vijvertje ligt? En hier ga je met dat bruggetje over dat vieze vijvertje, en als je van die kant binnenkomt, door het hek, dan is het aan de...
nl.verhalenbank.18820
Reid Keuning fan 'e Tille koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er dan op 'e tafel marsjeare. Hy koe ek in flesse drank komme litte mei in kaert. 't Wie spiritisme, duvelskunsten.
nl.verhalenbank.20367
Hienen guon forlet fan drank, dan stjûrden se klaverboer der op út. Dan kaem der even letter in drankflesse oansweven. Deselde dy't de kaert fuortstjûrd hie mocht de flesse net oannimme.
nl.verhalenbank.31530
Guon koenen mei bihelp fan skoppenboer in flesse drank komme litte. Der wie ien yn 't selskip, dy sei: "Skoppenboer, bring ús drank." De flesse drank kom der efkes letter oansweven. Soms doarsten se de flesse net oan to krijen. Mar dat wie net bêst.
nl.verhalenbank.32978
35