Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: huis sterven Place of Narration: Opende
Hjir achterút hat in man wenne, dat wie Douwe Stavasius. Dy wie mei de helm geboaren. Dy seach allerhande sterfgefallen foarút. Hy hat syn eigen mem mei ôflein. Dat die er fan tofoaren al, wylst se noch libbe. Letter hat er it ècht dien. Sy wennen yn in spittekeet.
nl.verhalenbank.26298
Yn 'e Houtigehage wenne in âld-minske: Akke Stoarm. Der wienen us in kear eksters by har achter hûs oan 't skatterjen. Doe sei se: "O heden, nou komt der gau in deaden yn 'e buert." Hja krige gelyk. Binnen trije dagen stoar der ien.
nl.verhalenbank.21097
It wie yn Grinzer Pein. Ik en myn earste man kommen op in jountiid út it tsjerkje. Wy kommen fan 'e sangforieniging. 't Wie tsjuster. Ynienen stienen wy yn 't folle ljocht. Wy gongen nei heit en dy ta. Dêr fortelde ik hwat wy sjoen hienen. "Hwat soe soks nou bitsjutte?" frege ik. Doe sei heit: "Moarn sil ik jimme fortelle hwat jim sjoen ha." De oare...
nl.verhalenbank.23132
Doe't wy to Grins wennen kom der us in âld minske fan Rotterdam by ús. Dy wie katholyk. Dy fortelde ús, njonken har hie in jonge frou wenne. En dêr wer njonken wennen twa ûngetroude froulju. Dat wienen tsjoensters. Dy wienen nachts op in paed. Dan wienen se alhiel yn 't swart mei greate kleden om har hinne. Ien fan dy froulju stie us op in nacht foar 't...
nl.verhalenbank.25967
Egbert Hoekstra hearde op 'e nacht by him yn 'e hûs getimmer. De oare wyks stoar syn frou. Mar de kiste koe net troch de doar en ek net ûnder it finster troch. Doe moest it hiele finster der út. Letter, nei de bigraffenis kom it der wer yn. Doe't se dêr mei oan 't timmerjen wienen, sei er: "Fleden wike ha 'k dat timmerjen ek heard, krekt deselde slaggen....
nl.verhalenbank.38000
Oan 'e Suder Dwarsfeart to Drachten wenne âlde Teatske. Dy wie tige ryk. Teatske is op in rare menier oan 'e ein kom. Sy is sahwat forhongere by de oerfloed. Hja hie sa'n jild yn 'e kelder, dat sy meat de gounen en de ryksdaelders mei de fiif-kop. Doe't Teatske stoar hie se alles oan 'e tsjerke tamakke. Mar dat is net earlik om en ta gong. Der woarde in...
nl.verhalenbank.25714
Myn broer lei op bêd. 't Wie yn 'e nacht. Doe hearde er hwat by de doarren. Doe seach er dragers en in kiste, dy't se yndroegen. Der woarde tsjin him sein syn soan wie dea. Op dat momint lei syn soan op bêd to sliepen. Letter is er stoarn en gebeurden deselde dingen dy't myn broer doe sjoen hat.
nl.verhalenbank.27167
As eksters op it hiem skatterje, dêr ha'k it net op stean. Der wurdt faek biweard, dat der dan ien stjert fan deselden dy't dêr wenje. Dat is ek sa hwannear't in houn bigjint to spûkgûlen. Hy stiet dan mei de kop nei 't hûs ta dêr't dyselde stjerre sil.
nl.verhalenbank.19504
As der ergens yn in hûs ien himsels fan kant brochte, dan doogde it letter op sa'n plak net mear. Dan wie der hwat, dan spûke it dêr. De geast fan 'e forstoarne woarde dêr soms sjoen. Sa'n spoekhûs wie min to forkeapjen.
nl.verhalenbank.27995
Douwe Stavasius had lutje en grote jongens. Hy had een begrafenis bij hem in huis sien en doe docht hij, dat het een van de lutje jonges was die begraven werd. "Ik docht nooit dat 't Fokke was", - zo hiete de oudste - zee die. Moar 't was Fokke die stierf. Douwe woonde hier achter ons huus in een spitkeet.
nl.verhalenbank.23962
35