Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Egbert Hoekstra hearde op 'e nacht by him yn 'e hûs getimmer. De oare wyks stoar syn frou. Mar de kiste koe net troch de doar en ek net ûnder it finster troch. Doe moest it hiele finster der út. Letter, nei de bigraffenis kom it der wer yn. Doe't se dêr mei oan 't timmerjen wienen, sei er: "Fleden wike ha 'k dat timmerjen ek heard, krekt deselde slaggen....
nl.verhalenbank.38000
Myn broer lei op bêd. 't Wie yn 'e nacht. Doe hearde er hwat by de doarren. Doe seach er dragers en in kiste, dy't se yndroegen.
Der woarde tsjin him sein syn soan wie dea.
Op dat momint lei syn soan op bêd to sliepen. Letter is er stoarn en gebeurden deselde dingen dy't myn broer doe sjoen hat.
nl.verhalenbank.27167
Gaatske Gjeltema (Opeinde) fortelde: "Ik en myn broer waren op een nacht onderweg west. We waren al weer flak by huus. 't Was moai lichtemoanweer.
Toen was er ynienen in 'e barm in hiel moai luttich meiske. Wy sien der beide noar, kijken even op en weg is 't.
nl.verhalenbank.26335