Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: huis lantaarn Place of Narration: Opende
Mem seach dêr ek wylde lantearnen. Dêr kommen letter huzen. Dat wie ek op 'e Skieding, yn 'e buert fan 'e Janke-dobbe.
nl.verhalenbank.25998
Wylde lantearnens wienen hjir froeger in soad. Sokke lantearnens hienen in bitsjutting. Sy woarden hjir fral boppe de heide sjoen. It bitsjutte nije wegen en nije huzen seinen se.
nl.verhalenbank.23141
De wylde lantearnen dy't se hjir froeger seagen dat wienen de lettere wegen en huzen.
nl.verhalenbank.25719
Oan 'e Skieding wie froeger in wylde lantearne. Op it plak dêr't er stean bleau is letter, nei safolle tiid, in hûs kom to stean. De minsken seinen doe al dat dat letter gebeure soe.
nl.verhalenbank.27992
As se froeger wylde lantearnen seagen, dan kom der op dat plak in nij hûs to stean. Dan hienen se de lampe al fan tofoaren brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.21101
Ek op oare plakken haw ik wol ljochtsjes sjoen. Dêr wie 't èk allegear heide. Dêr kommen doe letter ek huzen. Soks komt altyd nei.
nl.verhalenbank.25944
Op it plak dêr't nou Sipke Alberts wennet, dêr seagen se froeger in wylde lantearne. Alle jounen seagen se dêr ljochtsjes. Letter is dêr in hûs boud woarn. 't Is hjir tichteby.
nl.verhalenbank.26900
Ik brocht us op in joun om sahwat healwei alven hinne in hynder nei 't lân. Doe seach ik in wylde lantearne skeef oer 't lân. Dy lantearne bleau stean by Wolter de Vries. Doe sette er ôf en bleau stean op in plak, dat wie wit hoe fier fan my ôf. Op dat plak kom in skoalle to stean en by Wolter de Vries woarde it hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.27163
35