Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: huis Place of Narration: Boelenslaan
Alde Rikele Myt wie in tsjoenster. Hja wenne yn Grinzer Pein by de Skieding. Hja hie in great apelhôf. Op in kear doe siet har soan ta de apels yn 't hôf. Doe kom se by him op 'e biezem en sei: "Soestû my de apels der ôfhelje?" De soan naeide út. Hja floddere him achternei op 'e biezem. Hy doarst de jouns net thús to kommen, sa bang wied er. De oare deis...
nl.verhalenbank.25507
Ik en myn neef Bareld wienen us togearre op in joun to murdzjen. Wy soenen wer nei hûs ta. Ik brocht him de Houtigehage in ein út. Doe't wy oan Wytse Hiddema syn lân ta wienen seagen wy dêr yn 'e nacht twa froulju, dy dânsen omelkoar hinne. En dat floddere mar en dat floddere mar. Wy koenen se wol, 't wienen susters en dikke tsjoensters beide. Even letter...
nl.verhalenbank.17660
Hjir hat in tsjoenster wenne dy koe har foroarje yn in kat. Har man wie boer. Dy kom us op in kear thús ta de achterdoar yn. Hy gong de mjilling del en doe seach er in swarte kat. Hy joech dy kat in skop, dat dy bleau lizzen to jammerjen en to razen. De oare moarns siet syn eigen frou mei de earm yn 't wynsel. Hja wie de tsjoenster.
nl.verhalenbank.25663
Aukje, it bern fan Albert en Gees hie bot pine. Albert sei: "Dat kin âlde Jiske Wyts wol us dwaen." Hy fan 't bêd ôf. 't Wie yn 'e nacht. Hy giet regelrjocht nei 't hûs fan Jiske Wyts. Hja siet by de tafel. Fan in âld fodde hat se in popke makke en dêr stekt se yn om. Albert krijt in dikke stien en smyt dy by har troch de ruten. Doe't er thúskom lei it...
nl.verhalenbank.25298
Janne Durkje wenne oan 'e Spekloane. It wie in tsjoenster. 't Wie doe noch in sânpaed. Heit kom dêr freed-to-nachts altyd mei de hounekarre lâns, as er nei Ljouwert ta west hie. As de hounen oan 'e dammen ta wienen dy't nei 't hûs ta gongen woenen se net mear lûke, dan hienen se 't binaud. Dan moest heit de karre mei lûke. Wienen se 't hûs foarby, dan...
nl.verhalenbank.38697
Fan ien fan sawn dochters, dêr't net in soan tusken sit, is ien in nachtmerje of in tsjoenster. In nachtmerje komt faek troch 't kaeisgat. Japik Pander fan Houtigehage (ôfkomstich fan Harkema) fortelde, syn mem hie altyd sa'n lêst fan 'e nachtmerje. Yn 'e tiid doe't har man nei de klaei ta wie to sichtsjen wie se bang foar de nachten. "O heden, heden,"...
nl.verhalenbank.24694
6