Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: huis bed Place of Narration: Boelenslaan
Der hat is in boer west, dat wie in widner. Nachts kaem der faek in nachtmerje by him, mar doe gong er us in kear hinne op oanrieden fan in oar, dat hy lei in stik roggebrea op 'e stoel foar 't bêd del. Doe koe de nachtmerje net wer fuortkomme. Hy hie har fangd. Doe't de boer de oare moarns wekker waerd, siet hja by de tafel. It wie in knap frommeske. De...
nl.verhalenbank.17640
In nachtmerje is in frommeske. Hja komt troch 't slotsgat. De minsken setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan hienen se der gjin lêst fan, woarde der sein.
nl.verhalenbank.28316
Wy hawwe it froeger wol faek saegjen heard yn 't achterhûs. Wy as jonges gongen der dan mei ús trijen hinne to sjen mei in lantearne. Allinne doarsten wy net. Mar dan wie der noait hwat to sjen. It wie foartsjirmerij. Hwant dêrnei woarde der in bêd by makke. Alle kearen as dat gebeurde, hearden wy fan tofoaren it timmerjen al.
nl.verhalenbank.19592
Paulus Alma fan Wibe Griet lei op bêd mei in stikkene foet. Hy wennet yn 'e Harkema. Wylst er dêr lei hearde er getimmer op in plak, dêr't net in hûs stie. Letter kommen dêr twa huzen to stean. Twa bruorren: Albert en Wopke van der Veen kommen dêr to wenjen. (njonken 't postkantoar, de huzen stean der nou noch) 't Is op 'e Hege Kamp.
nl.verhalenbank.28627
Wibe Alma hat in pleachbeest op side hawn. 't Seach der út as in swarte houn. It hat him thús brocht op in nacht en doe't Wibe op bêd lei skodde it hiele hûs.
nl.verhalenbank.32240
Ik hie hjir in omke to wenjen, dy sprong op krukken. Dy wenne yn in hûs, dêr gong it der soms heislik oan wei. Dan gong omke út bêd en krige er 't greate breames, mar dan wie der neat. Letter binne de heilsoldaten yn datselde hûs kom en doe gong it wakker op in spyljen en sjongen en merakeljen.
nl.verhalenbank.21407
Ik wie in jonkje fan sa'n fjouwer jier. Ik gong noch net net skoalle. Heit wie faek yn Dútslân oan 't wurk. Dan slepte ik by ús mem yn 'e lege weech. Op in nacht moest ik der ôf to pisjen. Doe seach ik in pear keardels by ús yn 'e hûs, dy setten in bakje yn 'e hoeke del. Ik woarde sa binaud, dat ik doarst net út bêd. Letter stoar der ien fan myn...
nl.verhalenbank.28080
In nachtmerje komt nachts by jin op bêd. 't Is in frommeske. Men mat in hoasbân foar de bêdsplanke lizze en de toffels achterstefoar foar 't bêd sette, dan dogge se jin neat. Sy komme ta 't slotsgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.28133
35