Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: huis zus
Fan sawn jonges is ien in wjerwolf. Fan sawn famkes is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.33428
Ien fan sawn op elkoar folgjende dochters is in nachtmerje. Hja komt troch 't slotsgat yn 'e hûs. Ien fan sawn op elkoar folgjende soannen is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.27570
Durk Laurens wie stuolwynder. Hy kom fan Boelensloane. Hy hie galanteryën ensa to keap. Dy kom wol by ús yn 'e Tynje. Dy fortelde ús, fan 'e sawn opelkoar folgjende dochters wie ien in nachtmerje. Dy koe troch 't kaeisgat by de minsken yn 'e hûs komme. Fan 'e sawn jonges wie ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.23800
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Ien fan sawn soannen is in wjerwolf. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs. De minsken gongen hinne en stoppen 't kaeisgat ticht. De kaei waerd yn in fodtsje rolle en yn 't tafelslaed dien. De toffels kamen omkeard foar 't bêd to stean.
nl.verhalenbank.36574
Geale bakker hie altyd lêst fan nachtmerjes. Op in kear tocht er: "Nou wòl 'k fannacht wekker bliuwe. Dan sil 'k sjen dat ik har fange kin." Hy hie wekker op bêd lein. 't Duorre net lang, doe wie dêr in frommes oankaem. Dy hied er beetpakt. Hy koe har tige skoan - 't wie ien út 'e Westerein - mar hy woe net sizze hwa 't it wie. Hja wie troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.36544
Ik haw yn 't sikenhûs lein. Der lei in wyfke njonken my, dat wie in nachtmerje. Ien fan sawn dochters is in nachtmerje, sizze se, en ien fan sawn jonges is in wearwolf. De nachtmerje komt troch 't kaeisgat. Sy struiden wol moal op 'e stoel dy't foar 't bêd stie, om de nachtmerje to kearen. Sy setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. De...
nl.verhalenbank.26021
In nachtmerje is in frommeske. Ien fan sawn susters. Binne der sawn jonges, dan is ien in wolfmerje. By Epema yn 'e Westerein wienen acht jonges. Dêr wie in wolfmerje tusken. In nachtmerje giet der nachts op út. Dan giet se by oare minsken troch 't kaeisgat en dan pleaget se sokke minsken. Dy krije 't dan hiel binaud.
nl.verhalenbank.25835
In nachtmerje krijt jin mei de beide hannen by 't boarst beet. Ik ha faek ien by my hawn. Men mat de klompen omkeard foar 't bêd sette, dan komme se net, wurdt der sein. Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje. Fan 'e sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf. In wearwolf mat hwat forskuorre. In wearwolf kin troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.33138
8