Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: huis zien
Yn 'e Rottefalle wenne Piter Scheper. Dy koe mear as in oar. Hy siet us by syn buorman yn 'e hûs en doe sei er: "Sjoch, al jou fé rint bûtendoar." 't Wie midden yn 'e winter en soks wie net mooglik. It fé stie op 'e stâl, mar de buorman seach syn fé ek tige dúdlik rinnen. Hy gong nei bûten ta, mar der wie neat to sjen. Alle fé stie op 'e stâl.
nl.verhalenbank.19678
Ien fan Feankleaster rekke nei Jan Monsma ta. Dy wenne yn Rinsumageast en wie dêr wonderdokter. Deselde dy't dêr hinne gong wie in pasjint fan dokter Tilma fan Kollum. Hy naem it wetter mei. Monsma biseach it wetter en sei: "Jo wenje yn Feankleaster, oan 'e súdkant fan 'e wei, yn it safolste hûs fan 'e hoeke ôf en dêr sit in skuor yn it suderkoufinsterke,...
nl.verhalenbank.20177
In tsjoenster foroaret har yn in kat. Der wie by ús ris in fremde kat, fortelde mem. Dy sprong by ús troch 't glês hinne nei bûten ta. Doe hied er him biseard. De oare deis roan der in âld minske mei de holle yn 'e doeken om. 't Wie âlde Minne Aef, in tsjoenster.
nl.verhalenbank.26202
Achter syn hûs stie in âld hûs, dêr wenne Klaes Jippes yn mei 't wiif. Yn 'e nacht sei hja: "De hiele baelderbult sjit út." Hja hearde klear dat de baelders allegear nei ûnderen ta rûgelen yn 't hok. Doe't se der hinne gongen to sjen mankearde der neat oan 'e bult. 't Hie Jehannes syn wurk west.
nl.verhalenbank.38422
Der wienen minsken, dy hienen in bern, dat wie bitsjoend. Doe gong de heit nei de duvelbander ta. Hy krige fan de duvelbander in flesse drank mei. Doe't er ûnderweis wie nei hûs ta kom de soan fan 'e tsjoenster him tsjin. "Hastû fuort west?" frege dy. "Ja", sei er. "Hast in drank by dy?" "Ja", sei er. "Lit my dan us sjen." "Né, dy krijst net to sjen." En...
nl.verhalenbank.17703
Ot har man, dat wie Hindrik Pyk ( = H. Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster en hy hie de kweade hân. Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy bearde us in kear, dat er nei de froulju ta soe. Mar hy gong nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom. Sa binaud wied er, hy moest it gesicht op har hâlde. Hy is der...
nl.verhalenbank.21387
Ot har man dat wie Hindrik Pyk (= Hindrik Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster. En hy hie ek noch de kweade hân. Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy hearde us in kear, dat hy soe nei de froulju ta. Mar dat died er net. Hy gong stikum nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom! Sa binaud hat er west. Hy...
nl.verhalenbank.21567
Tsjoensters kinne prachtich sjonge. Op in nacht siet ik by Wibe Postma yn 'e apelbeam. Dêr wienen sawn tsjoensters: seis froulju en ien man. Guon dêrfan koe 'k wol. 't Wie in hiel tsjoensterslaech. Wylst ik dêr sa yn dy beam siet hearde ik nei it sjongen. It klonk moai yn 'e nacht. Sy kommen op 'e apelbeam yn, dêr't ik yn siet. Dêr siet in swart skiep...
nl.verhalenbank.27771
8