Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: huis wijzen Place of Narration: Drachten
Op in kear wie Sterke Hearke oan it ploeijen. Doe kom der in man by him, dy woe wolris wite hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploech beet en tilde him by de sturt omheech. Hy wiisde der mei nei syn hûs en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36701
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der in man by him, dy moest nei ien ta dy't er net to wenjen wist. "Kinne jo my ek sizze hwer't dy persoan wennet?" frege er oan Hearke. Doe wiisde Hearke mei de lânploech it hûs oan fan dy man. "Dan matte jo dêr wêze", sei er, en doe sette er de ploech wer del. Sterke Hearke wenne ûnder...
nl.verhalenbank.35911
Greate Pier hat boer west. Hy wie ris oan 't wurk op 'e bou, hy roun achter de ploech. Doe kommen der guon, dy woenen wol fan him witte hwer't greate Pier wenne. Sy koenen him net. Doe tilde Pier de ploege op en wiisde mei dy ploege it hûs oan dêr't er yn wenne. Hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37133
Hearke wie ek ris in kear oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him, dy sei, hy woe nei Sterke Hearke ta. As de ploeger him ek sizze koe hwer't dy wenne. Doe tilde Hearke de ploech mei ien hân op en hâldde him op boarsthichte en hy sei: Hjir stiet er en dêr wennet er. Mei de ploech wiisde er syn hûs oan.
nl.verhalenbank.33770
Sterke Hearke wie op 't lân oan 't ploegjen. Der kamen in pear mannen by him, dy fregen: "Wyt jo ek hwer't Sterke Hearke wennet?" "Ja, sjoch, hjir stiet er," sei Hearke en doe stuts er de ploech foar him út - "en dêr wennet er." Doe wiisde er nei syn hûs.
nl.verhalenbank.37148
35