Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: huis voorbode Place of Narration: Drachten
Der wennen minsken yn Grinzer Pein. De man en de frou leinen op bêd. 't Wie yn 'e nacht. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Hwat giet it hjir dochs op in timmerjen." Sy hearden klear dat der mei planken smiten woarde. Sy hienen mar ien buorman, dy wenne oan 'e lofter kant. Mar it timmerjen kaem fan 'e rjochtse kant, en dêr stienen gjin huzen. Hja der ôf om...
nl.verhalenbank.24659
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane hat fan tofoaren in hûs yn 'e brân sjoen. Hy sei: "Dat hûs haw ik brânnen sjoen", en letter brânde it op.
nl.verhalenbank.24671
Faek gebeurde it - û.mear yn 'e Wylgen - dat men fan tofoaren al wiste, dat der ergens in nij hûs set wurde soe. Dan hearden se yn 'e nacht allegearre lûden dy't by 't timmerjen hearden. Dan seinen se: "Hjir komt skielk in hûs."
nl.verhalenbank.29644
Us Bareld komt op in joune thûs. "'k Ha hwat bileefd", sei er. "Wy stienen to praten by Jille Pultrum. Ynienen bigjint dat hûs to kreakjen en to brânnen." Steven de Meer wie by Bareld. Sy binne togeare útnaeid. 't Wienen great-jonges. De hjerstmis brânde dat hûs ôf.
nl.verhalenbank.22930
Ik siet us in kear by alde Kei Anne (= Gerrit de Vries) yn 'e hûs to krantlêzen. 'k Wie noch in jonge. Dêr komt ynienen in hiel helle gloede, alles wurdt ljocht. Us beppe har hûs stiet yn'e brân. Sa'n trije wike letter is 't opbrând. Mar ìk hie 't al earder sjoen.
nl.verhalenbank.22928
Sahwat in wike foar har dea kom myn soan Geart op in joun thús. (Geart wennet hjir nou flak achter ús.) Hy woe ta de foardoar yn, en de doar siet los, mar hy koe der net yn komme. Wit hoe lang prebearre hy it, mar it woe net. Doe is er bûten op 'e gjersrichel sitten gong. Wol trije kertier hat er dêr sitten. Hy kom by de faem wei. Hy tocht, de jonges ha...
nl.verhalenbank.25465
Doe't wy hjir njonken wennen yn in âld keet haw ik it nachts wol faek heard dat se oan 't timmerjen wienen mei it hûs, dêr't wy nou yn wenje. Yn 'e Boelensloane hearde ik sokke dingen trouwens ek wol. 't Kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.25462
Myn broer wie in great jonge. Mei syn maten wied er op in nacht oan 't hôfkesjongen. 't Wie yn in great hôf dêr't se wienen, mar dêr stie mar in lyts húske by. Doe hearden se dêr samar midden yn 'e nacht lûden krekt as waerd dêr mei balken smiten en waerden der dongposten delgoaid. En der wie neat! Letter ha se op dat plak in greate plaets boud.
nl.verhalenbank.36902
Ik hear it heit nòch sizzen: Sjoch, dêr komt skielk in hûs, hwant dêr brânt in ljocht. Dan seach er in wylde lantearne.
nl.verhalenbank.25160
Yn Aldegea hearden se faek fan tofoaren timmerjen, as der in nij hûs boud wurde soe.
nl.verhalenbank.24867
35