Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
24 datasets found
Dutch Keywords: huis man Place of Narration: Drachten
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane hat fan tofoaren in hûs yn 'e brân sjoen. Hy sei: "Dat hûs haw ik brânnen sjoen", en letter brânde it op.
nl.verhalenbank.24671
Ik wie in jongfeint, doe kom ik us op in kear mei myn kammeraet Japik op in joun op 'e fyts thús. (yn 'e Boelensloane) "Sjoch," sei 'k, "dêr stiet in plaets yn 'e brân." 't Wie Veenstra's plaets, dy stie yn ljochte lôge. Doe't wy der by kommen, wie der neat to dwaen. Trije wiken letter seach ik it wer. Mar doe brânde de plaets op. 't Wie deselde lôge.
nl.verhalenbank.23491
Ik ha ûnder tsjinst lein. Dêr wie ek in jonge, dy kom fan Brabân. Dy fortelde: Der wenne njonken my in âld man. Dy âld man hie in forboun mei de duvel. Ik kom in protte by dy âld man. Ik wie noch mar in jonge, doe kom ik al by him. It is faek gebeurd, dan siet ik by him, dan gong de keamersdoar ynienen samar iepen en fuort dêrnei ek wer ticht. Men koe net...
nl.verhalenbank.24935
Ik soe us in kear op in joun nei hûs ta. 'k Wie op 'e sintelwei, hjir yn 'e bocht. 't Wie roettsjuster. Doe wie dêr in keardeltsje. 't Wie och sa'n lyts keardeltsje. Ik sei: "Goeijenavend." Mar der kom him gjin lûd út 'e mûle. Ik die in pear stappen fierder. Doe wied er wer njonken my. Ik sei wer goeijenavend. Hy sei wèr neat. Doe taestte ik der op. Ik...
nl.verhalenbank.26060
Myn heit wie timmerman. Der kom us in neef fan my, in sekere Aelsen Booi, by heit. "Hwat is 't der fannacht oan wei gong," sei er, "ik hearde de sage en se smieten mei stiennen de hiele nacht troch. Ik koe der net fan yn 'e sliep komme. 't Wie hjir flak achter." Heit woe 't net leauwe, mar in healjier letter kom der op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.23483
Us heit fortelde, op Topwear stienen in pear boereplaetsen. Op ien fan dy plaetsen wennen twa bruorren dy hienen to jounpraten west nei Grinzer Pein. Op 'e weromreis roannen se achter elkoar oan. 't Wie tige tsjuster. Sy kommen net tagelyk op Topwear oan, hwant de iene, de achterste, dwaelde in hiel ein ôf. Hy folge ljochtsjes, hy miende dat dat de fonken...
nl.verhalenbank.27496
Der wie ris in âld mantsje ûnderweis. It woarde al letter en op 't lêst wie 't al donker. Hy wie midden yn in bosk en hy seach dat er net mear thús komme koe foar de nacht. Doe seach er in ljochtsje. Jonge, tocht er, lit ik dêr hinne gean. Hy gong der hinne en doe stie dêr in hûske. Dêr wenne in âld wyfke yn. 't Ald-wyfke wie sa bliid dat se ien seach,...
nl.verhalenbank.33153
Greate Pier wie ôfgryslike sterk. Op in kear wie er op 't lân oan 't ploeijen, doe kamen der guon by him. Dy fregen: "Hwer wennet greate Pier?" Doe stuts Pier de ploege rjocht foar him út en sei: "Hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.29651
Der wie in dûmny dy wenne yn Neerbosch. Dy hearde op in kear dúdlik dat se mei planken en balken smieten, mar doe't hy der hinne gong wie der neat. Letter kom dêr op dat plak in great weeshûs to stean.
nl.verhalenbank.27492
Japik van der Kooi yn de Pein (Gr.) seach yn Topweer in hûs yn 'e brân. It wie it hûs fan Wiggele van der Meer. It brânde flink. Hy giet yn 'e hûs om dit to fortellen. 't Hûs stiet yn 'e brân. Doe't er wer bûten kom, wie der neat. Mar it hat net lang mear duorre, doe is 't opbrând. 't Is wier gebeurd.
nl.verhalenbank.27493
As ien min bihandele wurdt troch in oaren ien en hy komt to forstjerren dan moat dy oare de forstoarne wer sjen. Nou krekt fiif en fyftich jier lyn wenne der yn Surhuzum in boerke. Hy wenne njonken in smidterij, in eintsje achterút. Hy wenne by syn mem yn. Dat minske wie widdou. 't Wie âlde Piere Mat en sy hie o sa min mei har man kind. Yn Surhuzum seinen...
nl.verhalenbank.19970
Ik wie noch net troud, wy wennen op 'e Boelensloane. It waeide dat it stoarme. It wie yn 'e neinacht. In suster fan my hie mei har man by ús west to praten. Myn faem wie ek by ús. Myn suster en 'e man wennen yn Surhústerfean, dêr moesten se dy nachts wer hinne. Ik en myn faem soenen har in ein bringe. It waeide dat it rikke, it stoarme bytiden, en soms...
nl.verhalenbank.37922
Ik ha ek wol by Thomas Clare west. Dy wenne yn Feansterheide. Dat wie dêr in rûge húshâlding. Dêr wienen allegear greate jonges yn 'e hûs. Clare skodde de kaerten trije kear troch. Dan lei se der trije kaerten by wei, dy lei se omkeard op 'e tafel. Sy kearde doe earst de earste om en sei: "Dit acht je niet." Doe kearde se de twadde om en sei: "Dit...
nl.verhalenbank.19370
Hearke wie ek ris in kear oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him, dy sei, hy woe nei Sterke Hearke ta. As de ploeger him ek sizze koe hwer't dy wenne. Doe tilde Hearke de ploech mei ien hân op en hâldde him op boarsthichte en hy sei: Hjir stiet er en dêr wennet er. Mei de ploech wiisde er syn hûs oan.
nl.verhalenbank.33770
Alle frijmetselers ha in forboun mei de duvel. De frijmitselerij is sokssahwat as in geheim genoatskip. Om 'e sawn jier mat ien fan 'e leden dea. Deselde dy syn lot it oanwiist, mat him deameitsje. Dat matte jo bislist dwaen, dat is jou plicht. Dogge jo it net, dan wurde jo sels deamakke. Yn Swolle wenne in fiskerman. Dy hie in soan, dy siet us op in kear...
nl.verhalenbank.27923
Ik leefde mei ús mem yn 'e Surhuzumermieden. Elke wike gong ik in kear nei de grifformearde manljusforiening ta. Dan kom ik jouns sahwat om kertier foar tsienen thús. Mem hie dan de kofje ré. Op in kear - dat wie yn 1940 - sieten wy krekt oan 'e kofje, doe hearde ik klear in stem. "Halt!" sei der ien. Ik dronk de kofje op en mem geat wer yn. In skoft...
nl.verhalenbank.19617
Ik gong froeger jouns faek fuort, dan wie myn frou allinne thús mei de bern. Wy wennen dan yn in houten keet en hienen it tige earmoedich. Wy woenen graech út 'e keet wei. Op in kear gong se de jouns op bêd. Doe hearde se in stem ta har praten. It wie ús leaven Hear. Dy sei: "Heb nog maar twee jaar geduld. Dan komt u er onder uit." En sa wie 't ek. Nei...
nl.verhalenbank.23011
Yn Drachtster Kompenije wie in bern bitsjoend. De heit gong nei de duvelbander ta. By Rottefalle gong er de skeanpaden del. De duvelbander sei tsjin 'e heit: "Ja, 'k hie dy al forwachte. 'k Sil dy guod jaen." Doe krige er in drank. "Tink der om," sei de duvelbander, "ast nou aenst it skeanpaed fan 'e Rotfalle del giest dan komme der in pear allemachtich...
nl.verhalenbank.25566
Ik hear it heit nòch sizzen: Sjoch, dêr komt skielk in hûs, hwant dêr brânt in ljocht. Dan seach er in wylde lantearne.
nl.verhalenbank.25160
Us heit seach froeger yn Surhústerfean in hûs yn 'e brân. Mar it brânde net yn werklikheit. Folle letter brânde it op. Hwannear't men it yn 'e foarnacht brânnen sjocht, dan duorret it mar even. Sjocht men it yn 'e neinacht brânnen, dan duorret it noch in hiel skoft foardat it echt opbrânt.
nl.verhalenbank.26051
35